Springe nei ynhâld

Middelburch (stêd)

Ut Wikipedy
Middelburch (stêd)
Stedhûs
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Middelburch
Sifers
Ynwennertal 42.055 (2020 [1])
Oerflak 53,05 km²
Befolkingstichtens 793 km²
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.middelburg.nl

Middelburch[2] (Nederlânsk en offisjeel: Middelburg) is de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Seelân en fan de gemeente Middelburch en leit op it skiereilân Walcheren. De stêd Middelburch hie neffens de sifers fan it CBS yn 2007 38.954 ynwenners. De stêd wurdt midstwa snien troch it Kanaal troch Walcheren.

Middelburch moat earne healwei de 9e iuw ûntstien wêze, want nei de kriichsferneatigings yn 1940 binne by argeologysk ûndersyk gebrûkssaken út dy tiid ûntdutsen. By de delsetting waard nei alle gedachten tsjin it ein fan de 9e iuw in ringwâlboarch opsmiten, dy't tsjinne as ferdigening tsjin de Wytsings nei't hja nei in mislearre plondertocht fan Rodulf (873) fuortjage wiene. Mar it soe ek wêze kinne dat de boarch al boud wie yn de tiid doe't Harald de Jongere tusken 841 en 864 oer it eilân hearske. De boarch hie in trochsnit fan goed 200 meter en waard omklamme troch in wâl fan grûn en in grêft, dy't yn it noarden en easten troch it rivierke de Arne foarme en yn it suden en westen groeven waard. De hjoeddeiske hichte fan de heuvel fan de boarch is likernôch 7 meter boppe NAP.

Westlk fan de boarch ûntstie yn de 10e iuw de hjoeddeiske Markt, doe noch in agraryske delsetting op it kruspunt fan trije heger lizzende sânrêgen. Al yn 1103 wurdt Mitthelburgensis portus yn de hagiografy fan Willibrord fan Thiofried in hannelsdelsetting neamd, werfan't it rivierke de Arne de wichtichste hannelsferbining mei de see foarme. Yn de twadde helte fan de 10e iuw waard yn dy delsetting de Westmunstertsjerke boud (ôfbrutsen yn 1575). Nei alle gedachten waard der ek in earste kleaster boud. Yn deselde snuorje ûntstie eastlik fan de boarch in twadde delsetting. De roomsk-dútske keizer Hindrik II wiisde koart nei it jier 1000 de delsetting oan as it bestjoerssintrum fan Walachria-Bevelandia. De Flaamske greve Boudewyn IV waard yn 1012 de earste greve fan dit diel fan it gebiet, dat earne tusken 1162 en 1189 de namme Zeelandia krije soe.

De yn 1834 ôfbrutsen Noardmunstertsjerke

Tsjin it ein fan de 11e iuw waard noardlik fan de ringwâlboarch de Noardmunstertsjerke as twadde parochytsjerke boud (ôfbrutsen yn 1834). Efter de feilige wâlen fan de boarch bouden yn 1123 kanunniken in nij kleaster, de abdij fan Middelburch, dy't yn 1127 oan de Norbertinen as dochter fan de Sint-Michaelabdij út Antwerpen oerdroegen waard. Letter waarden op it abdijgebiet twa tsjerken boud: de 14e-iuwske Koertsjerke en de 15e-iuwske Nije Tsjerke. Yn 1217 krige Middelburch stedsrjochten fan greve Willem I fan Hollân en grevinne Johanna fan Flaanderen, dy't troch greve Willem II fan Hollân yn 1254 noch fierder útwreide waarden.

De ringwâlboarch bleau oant fier yn de 13e iuw yn gebrûk. Faaks yn it ramt fan de útwreiding fan de stedsrjochten krige de stêd yn de jierren 1260 nije stedswâlen, dy't ek noch op in 16e-iuwske kaart fan Jabik fan Dimter te sjen binne en omklamme waarden troch de foar in part noch besteande grêften. Stadichoan wreide de stêd him fierder út en moasten grêften ferlein wurde om nije bewenning binnen de stedsmuorren te lûken. Yn dy tiid waard Middelburch it sintrum fan de lekkenhannel mei Ingelân. Dêrby profitearre de stêd fan de geunstige lizzing yn de Skeldedelta mei de Flaamske hannelsstêden Brugge, Gint en Antwerpen net fier ôf. Grutte seeskippen leine yn Middelburch oan om de fracht yn lytsere skippen oer te heveljen, dy't dan fierder it lân yn nei Brugge farden. Mei de opgong fan Antwerpen waard Middelburch in soarte fan foarhaven fan Antwerpen

16e-iuwske Kûperspoarte

Grutte dielen fan de stêd waarden by de stedbrannen fan 1432 en 1492 ferneatige. Der folgen feroardenings oer de skoarstiennen en de dakdekking en maatregels om bakstiennen as boumaterjaal te befoarderjen. Sûnt 1694 wie it yn Middelburch ferbean noch houten gevels te bouwen en mochten houten gevels ek net mear renovearre wurde. Dochs wiene der yn 1724 noch altiten 71 houten gevels. De lêste houten gevel fan Middelburch ferhûze yn 1888 nei in plak tsjin de muorren fan it "Zeeuwsch Genootschap der Wetenschappen", dêr't de gevel noch altiten stiet (Wagenaarstraat 1, sichtber fanôf Achter het Hofplein). De midsiuwske gevel waard yn 2015 restaurearre.

By in tsjerklike weryndieling fan de Nederlannen waard yn 1559 yn opdracht fan Filips II Middelburch foar koarte tiid de sit fan de biskop. Oars as oare Siuwske plakken keas Middelburch lykas Amsterdam de kant fan Spanje nei it ynnimmen fan Den Briel troch de Wettergeuzen yn 1572. Nei in lang belis moast de stêd yn febrewaris 1574 lang om let belies jaan. Nei de oergong nei de republyk waard de abdij sekularisearre. De abdijtsjerke waard de protestantske haadtsjerke fan de stêd en dêrmei waard de Westmunstertsjerke oerstallich en yn 1575 ôfbrutsen. Yn it abdijkompleks waard it bestjoerssintrum fan it gewest Seelân ûnderbrocht.

Middelburch yn 1652

Om't Arnemuiden, Feare en Flissingen yn 1572 wol de kant fan de opstân keazen hie, moast Middelburch nei de alteraasje in tal rjochten ôfstean oan dy stêden. Tenei wie de stêd it monopoly op de havenaktiviteiten kwyt en mocht Flissingen de havens útwreidzje, sadat dy stêd nei ferin fan tiid de wichtichste haven fan it eilân hie. Wol waard Middelburch yn 1582 in wichtich sintrum foar de lekkenhannel mei Ingelân. Troch de Fal fan Antwerpen en de blokkade fan de Skelde yn 1585 rekke Middelburch as foarhaven it achterlân kwyt, mar mei help fan in soad hannelslju, dy't harren fanút de Sudlike Nederlannen yn Middelburch nei wenjen setten, bleau de skea beheind en koe de stêd in aktive hannelspolityk fiere. Yn in koart skoftke tiid makke de stêd in grutte bloei troch. Middelburch wie ien fan de wichtichste oandriuwers by it stiftsjen fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy en de Westyndyske Kompanjy. De Keamer fan Seelân wie nei dy fan Amsterdam de machtichste hannelskeamer fan de FEK. Middelburch wie as sadanich like belangryk as de fjouwer oare FEK-stêden Delft, Inkhuzen, Hoarn en Rotterdam byinoar.

West-Yndysk Hûs

Ek de WYK hie fanwegen de Kaapfeart en de trans-Atlantyske slavehannel in wichtige Keamer yn de stêd. In soad nammen fan strjitten en âlde hûzen, dy't fakentiden nei it bûtelân ferwize, betinke de tiid dat Ingelske en Frânske skippen yn de haven fan Middelburch oanleine. De ekonomyske wolstân makke dat de befolking fan de stêd tusken 1576 en 1675 oanwoeks fan likernôch 7.000 nei sa'n 27.000 ynwenners. Middelburch wie om 1675 hinne de op fjouwer nei grutste stêd fan it lân en it hie mear ynwenners dan De Haach en Utert. Foar al dy nije ynwenners moast de stêd twa grutte útwreidingsprojekten realisearje: tusken 1578 en 1591 waard de âlde haven grutter makke en waard noardeastlik dêrfan in nije stêd boud, dêr't yn de twadde helte fan de 17e iuw de earste nije protestantske tsjerke boud waard, de barokke Easttsjerke. Tusken 1595 en 1598 folge in noch gruttere útwreiding, werby't ek in nije omwâling mei 13 bastions oanlein waard. Middelburch krige in grutte werf voor fan FEK-skippen.

It lêste houten hûs fan Middelburch op de noch histoaryske lokaasje

Dochs droech it ferdwinen fan it achterlân der oan by dat de ekonomy stûke. Middelburch wie nammentlik sels yn it achterlân kommen te lizzen. Om 1660 hinne naam Rotterdam de posysje oer fan Middelburch as havenstêd, mar de konkurrinsje fan Amsterdam brocht de stêd noch folle mear swierrichheden.

Yn 1779 hie de stêd noch likernôch 25.000 ynwenners, mar dêrnei folge in ekonomyske delgong. De seeblokkade en it ferlies fan FEK- en WYK-besittings yn de Fjirde Ingelsk-Nederlânske Kriich oan it begjin fan de jierren 1780 soargen foar dy delgong. Yn 1795 wie it ynwennertal sakke oant 20.146 en wie de stêd de achtste stêd fan it lân woarn. De Frânske tiid makke it noch slimmer en de ekonomyske krisis fan de Bataafske Republyk sloech nearne sa hurd ta as yn Seelân. Der wie gjin jild foar ynnovaasje en it folk hie gjin wurk en socht earne oars in hinekommen. Yn 1807 wie de befolking mei in tredde sakke oan 16.000 ynwenners en yn 1824 sels ûnder de 13.000. Yn in heale iuw tiid wie de befolking mei de helte sakke. In soad gebouwen en hûzen moasten ôfbrutsen wurde, dêrûnder ek monumintale gebouwen lykas de Waach. De 19e iuw soe foar in grut part yn teken stean fan in drege ekonomyske sitewaasje yn Middelburch.

Nei 1900 waard der foar it earst bûten de âlde binnenstêd boud.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De stêd nei it bombardemint op Middelburch
Gezicht op de verwoeste Abdij vanaf de stadhuistoren - Middelburg - 20154143 - RCE

Nei de kapitulaasje fan Nederlân op 15 maaie 1940 fochten Frânske troepen noch mei Dútske ynheden yn Seelân. De Frânsen waarden op 17 maaie 1940 by harren weromlûken út Middelburch besketten troch Dútske artillery. By it gefjocht waard Middelburch slim troffen; de binnenstêd baarnde foar in grut part út en sa'n 600 gebouwen gyngen ferlern. Dêrûnder wiene ek in soad histoaryske gebouwen, lykas de abdij, it stedhûs, it East-Yndysk Hûs, de FEK-pakhûzen en monumintale wenhûzen. Om't de befolking op 'e tiid evakuëarre wie, bleau it tal deaden beheind ta 11. Noch yn maaie 1940 waard it inisjatyf nommen ta de weropbou fan de stêd.

Yn oktober 1944 kaam Middelburg, útsûndere de binnenstêd, ûnder wetter te stean troch it ûnder wetter setten fan Walcheren. By gefjochten fan 1 oant 6 novimber 1944 waard de stêd troch alliearre jachtbommenwerpers en troch Ingelske en Kanadeeske artillery besketten en op 'e nij slim skeind. Op 6 novimber 1944 waard de stêd befrijd.

De weropbou fan de stêd gyng noch troch oant de jierren 1970. Om de stêd hinne waarden grutskalich nije wenwiken oanlein. Ek kaam der yn dy tiid mear omtinken foar it herstel fan monuminten. Yn 1984 waard de hiele binnenstêd fan Middelburch oanwiisd as beskerme stedsgesicht.

Abdij

De Abdij fan Middelburch hat in hast 91 meter hege toer en grinzget oan de Nije Tsjerke en de Koertsjerke. De toer wurdt de Lange Jan neamd en is foar mannichien it symboal fan de stêd. Yn de Nije Tsjerke is it moarmeren grêf fan de Siuwske seehelden Kornelis en Johan Evertsen. By de abdij is de 15e-iuwske munttoer. Yn it abdij-kompleks is no it Provinsjehûs fan Seelân en it Siuwsk Museum ûnderbrocht.

De âldste dielen fan it letgoatyske stedhûs (no in universiteitsgebou) oan de Markt datearje út 1458. Yn de gevel binne de bylden fan greven en grevinnen te sjen dy't oer Seelân hearsken. Njonken it stedhûs en de abdij binne in pear oare bekende monuminten, lykas de Sint-Joarisdoelen, it Van de Perrehûs (Siuwsk Argyf) en it Hûs 's-Hertogenbosch.

De stêd hie fan de Nederlânske stêden nei Amsterdam ea de measte histoaryske gebouwen fan it lân. Maastricht helle Middelburch lykwols yn en troch de ferneatiging fan in pear hûndert monuminten yn de kriich en it ôfbrekken fan in soad âlde gebouwen yn de jierren 1950-1960 is Middelburch wat ryksmonuminten oanbelanget tsjintwurdich (nei Amsterdam, Maastricht, Leien en Utert) de fyfte monumintestêd fan Nederlân. Oan it begjin fan de jierren 1970 krigen restauraasjes fan monuminten in ympuls. Yn it ynternasjonale monumintejier 1975 waard Middelburch útroppen as ien fan de foarbyldstêden. De gemeente Middelburch telt mear as 1150 ryksmonuminten en is dêrmei de sânde gemeente fan Nederlân.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Joarisdoelen
  • It goatyske stedhûs fan Middelburch mei dêryn opnommen de Fleishal/Stifting Byldzjende Keunst Middelburch (SBKM)
  • De Abdij fan Middelburch mei it abdijplein en de Koertsjerke, de abdijtoer de Lange Jan en de Nije Tsjerke. Nei alle gedachten leit greve Willem II, de heit fan Floaris V, yn de Koertsjerke begroeven.
  • Easttsjerke
  • Kowepoarte (Koepoort)
  • Kûperspoarte (Kuiperspoort)
  • Kloveniersdoelen
  • Sint-Joarisdoelen
  • Synagoge, boud yn 1705, restaurearre yn 1994
  • Hearehûzen oan de singels
  • Damplein mei in tal ryksmonuminten

Fierder besit de stêd noch fiif mûnen:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side