Midden-Grinslân (gemeente)
Midden-Grinslân
Midden-Groningen | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Hegesân |
grutste plak | Hegesân |
ynwennertal | 61.437 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 206 / km² |
oerflak | 295,77 km² |
● wêrfan lân | 280 km² |
● wêrfan wetter | 15,77 km² |
ferkearsieren | A7 E22 |
skiednis | |
oprjochte | 2018 |
Oant 2018 | Hegesân-Sappemeer Menterwâlde Slochteren |
oar | |
netnûmer | 0598 |
postkoade | 9601–9603, 9605–9609, 9611, 9613, 9615–9619, 9621, 9623–9629, 9632–9633, 9635–9636, 9649, 9651, 9939 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.midden-groningen.nl |
Midden-Grinslân (Midden-Groningen) is in gemeente yn Grinslân. De gemeente ûnstie op 1 jannewaris 2018 troch gearfoeging fan de gemeenten Hegesân-Sappemeer, Slochteren en Menterwâlde yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Grinslân 2013-2018. De gemeente hat 61.437 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en is wat dat oanbelanget de tredde gemeente fan de provinsje.[1]
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 15 maart 2016 waard yn it doarpssintrum fan Súdbroek de nije namme fan de gemeente bekend makke. Der wienen trije ferskate nammen útsteld: Hogewolden, Woldmeren en Midden-Groningen. Mei 48% fan de stimmen waard troch de ynwenners fan de noch te foarmjen gemeente foar de namme Midden-Groningen keazen. Op 26 april 2016 stelden de rieden fan de eardere gemeentes dy namme fêst.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutste plak is it bestjoerlik sintrum Hegesân. De gemeente bestiet út de folgjende plakken. De list is eksklusyf útbuorrens.
|
Fierder bestiet de gemeente út de folgjende buerten, buorskippen en útbuorrens: Achterdiep, Beneden Veensloot, Blokum, Borgercompagnie (foar in part), Borgweg, Boven Veensloot, Denemarken, Duurkenakker, Foxham, Foxholsterbosch, Gaarland, Heidenschap, Jagerswijk, Kalkwijk, Klein Harkstede, Kleinemeer, Korengarst, Lageland, Leentjer, Lula, Martenshoek, Meerwijck, Nieuwe Compagnie, Oostwold, De Paauwen, Ruiten, Schaaphok, Siddebuursterveen, Spitsbergen, Stootshorn, Tusschenloegen, Tussenklappen, Uiterburen, Siddebuursterveen, Wilderhof, Wolfsbarge en De Zanden.
Gemeenterie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeenterie fan Midden-Grinslân bestiet út 33 sitten.
Partij | 2017 | 2022 | ||||
---|---|---|---|---|---|---|
tal stimmen | % | sitten | tal stimmen | % | zetels | |
Gemeentebelangen | 2.546 | 14,8 | 5 | 5.368 | 23,41 | 8 |
BBB-LMG | 805 | 4,7 | 1 | 3.851 | 16,79 | 6* |
PfdA | 2.635 | 15,4 | 5 | 2.909 | 12,69 | 4 |
SP | 2.279 | 13,3 | 5 | 2.000 | 8,72 | 3 |
CDA | 1.645 | 9,6 | 4 | 1.959 | 8,54 | 3 |
KristenUny | 2.046 | 11,9 | 4 | 1.957 | 8,54 | 3 |
VVD | 2.161 | 12,6 | 4 | 1.833 | 7,99 | 2 |
GrienLinks | 1.301 | 7,6 | 3 | 1.791 | 7,81 | 2 |
D66 | 1.051 | 6,1 | 2 | 1.264 | 5,51 | 2 |
Senioarepartij Grinslân | 394 | 2,3 | 0 | |||
Roodgewoon | 292 | 1,7 | 0 | |||
Totaal | 17.155 | 100 | 33 | 22.932 | 100 | 33 |
Opkomstpersintaazje | 35,15% | 46,26% |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grinslân | |
---|---|
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde | |
· · |