Springe nei ynhâld

Minderheid

Ut Wikipedy

In minderheid is in groep minsken dy't op 'e iene of oare manear ôfwike fan 'e nûmerike maatskiplike mearderheid yn in lân. By minderheden kin it gean om lju fan in ôfwikend ras of in ôfwikende etnisiteit, taal, godstsjinst, kaste, ekonomyske klasse, sekse, seksuële oriïntaasje of sûnens. As men sprekt fan 'seksuële minderheden', dan giet it om froulju en/of homo-, bi- en transseksuëlen en lesbiënnes. As men it hat oer in 'minderheid' sûnder neiere oantsjutting, dan giet it ornaris om in etnyske minderheid, dy't faak ek in taalminderheid en/of in godstsjinstige minderheid is.

Under etnyske minderheden ûnderskiedt men autochtoane minderheden, dy't lânseigen binne yn it gebiet of lân dêr't se wenje, en allochtoane minderheden, dy't oarspronklik út in oar gebiet of lân komme. De Westerlauwerske Friezen binne in autochtoane etnyske minderheid yn Nederlân. Men soe lykwols ek sizze kinne: Westerlauwerske Friezen binne autochtoan yn Fryslân, mar allochtoan yn bygelyks Amsterdam. De term 'allochtoan' is lykwols yn 'e regel foarbeholden oan minderheden fan útlânske oarsprong, lykas yn Nederlân: Molukkers, Turken, Marokkanen, Surinamers, Antiljanen, ensfh.

De term 'minderheid' komt gauris op 't aljemint yn in diskusje oer minskerjochten en minderheidsrjochten, mei't de leden fan in minderheid troch de leden fan 'e mearderheid en/of troch de autoriteiten fan in lân faak oars behannele wurde as de leden fan dy mearderheid. Dat ferskynsel hjit diskriminaasje, of, as it om in rasiale minderheid giet, rasisme. It begjint al mei it feit dat leden fan taalminderheden faak achte wurde har te ferbrekken yn 'e kommunikaasje mei oerheidsynstânsjes. It rjocht om harren memmetaal te sprekken wurdt har dan ûntnommen. Yn Fryslân is troch taalaktivisten lang krewearre om it Frysk in lykweardige posysje oan it Nederlânsk te jaan. In ferneamde mylpeal op dat paad wie Kneppelfreed.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.