Niels Bohr
Niels Henrik David Bohr (Kopenhagen, 7 oktober 1885 – dêre, 18 novimber 1962) wie in Deensk teoretysk natuerkundige en teoretysk skiekundige. Yn 1922 krige hy de Nobelpriis foar de Natuerkunde.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Niels Bohr wie in soan fan Christian Bohr, heechlearaar fysiology oan de Universiteit fan Kopenhagen, en Ellen Adler. Se hiene trije bern: Jenny, Niels en Harald.
De hechte húshâlding dêr't Bohr yn opgroeide wie beskaafd en yntellektueel, en net godstsjinstich. Yn 1903 gie de ateïst Bohr (dy't religieus tinken skealik en misliedend fûn) studearjen oan de universiteit fan Kopenhagen, dêr't hy yn 1911 (it jier dat syn heit stoar) promovearre. Hy troude datselde jier mei Margrethe Norlund.
Atoomfysika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Niels Bohr wurdt algemien sjoen as ien fan de grûnlizzers fan de atoomfysika. Dêr't Ernest Rutherford as grut eksperimintator in soad oer de ynterne opbou fan it atoom ûntdekte, wie it de grutte fertsjinste fan Bohr om in teoretyske grûnslach foar dit nije atoommodel te formulearjen, wêrmei't hy tagelyk in grutte bydrage levere oan de meast spraakmeitsjende tûke fan fysika yn de 20e iuw: de kwantummeganika.
Hy befoardere de formulearring fan in nije filosofyske en wiskundige benadering en beskriuwing fan de struktuer fan it atoom en de atoomkearn en oare relatearre gebieten fan de kwantumfysika. Dit wurdt de saneamde Kopenhagenske ynterpretaasje (CHI) fan de kwantummeganika neamd. Koart gearfette: de waarnimmer fan in eksperimint foarmet tegearre mei dit eksperimint in inkeld systeem. De waarnimmer oefent in non-lokale ynfloed út op de kwantumwrâld, dy't neffens de oant dan gongbere opfettings nearne nei like. Elemintêre dieltsjes kinne spontaan ferskine en ferdwine, sneller as de ljochtsnelheid ynformaasje útwikselje en noch mear frjemd gedrach fertoane. Yn de mande mei û.o, de jonge Werner Heisenberg, dy't by him studearre, stelde hy yn de jierren 20 dizze teory op. Bohrs kollega Albert Einstein hie slimme beswieren tsjin dizze 'sweverige' teory en mei Bohr fierde hy de rest fan syn libben fûleinige debatten oer dizze kwestje. Dizze kontroverse berikte yn 1935 in hichtepunt yn de formulearring fan de Einstein-Podolsky-Rosen-paradoks. Tsjintwurdich wurdt de CHI lykwols as bewiisd beskôge en hat Bohr neffens de measte natuerkundigen it gelyk oan syn kant. Yn 1923 krige hy de Matteucci Medal, yn 1938 de Copley Medal.
Bohr hie yn septimber 1941 yn it troch nazy-Dútslân besette Kopenhagen in moeting mei syn eardere studint en ek persoanlike freon Werner Heisenberg. Oer de ynhâld fan dy moeting besteane twa lêzings. De iene is dy fan Bohr, dy't ferbjustere wie dat Heisenberg gjin morele beswieren hie tsjin dy syn meiwurkjen oan in Dútske atoombom. Heisenberg die der nei eigen sizzen krekt alles oan om dat projekt te fertragen.
Yn 1943 lekte út dat alle Joaden yn Kopenhagen oppakt wurde soenen. Bohr, dy't fan memmekant fan Joadske orizjine wie, wist lykas de measte joaden yn Denemark, nei Sweden te ûntsnappen, wêrnei't hy him yn de Feriene Steaten aansluet by it Manhattanprojekt dêr't hy de rest fan de oarloch meiwurke oan de Amerikaanske atoombom.
Yn de jierren 50 engazjearde hy him yn polityk opsicht en spruts hy him út foar mear iepenheid tusken 'East' en 'West', sjoen de nukleêre wapenwedrin dy't yn syn tiid op gong kaam, sawol op ierde ls, fanôf 1957, yn de romte. Op 24 oktober 1957 krige hy hjirfoar de alderearste 'Atoms for Peace Award'.
Bohr stie ek oan de widze fan de nukleêre genêskunde. Ek wie hy yn 1921 ynstruminteel yn de oprjochting fan it Ynstitút foar Teoretyske natuerkunde yn Kopenhagen.
Op 7 oktober 1985, de hûndertste bertedei fan Bohr, waard offisjeel it Niels Bohr-ynstitút yn Kopenhagen iepene, in resultaat fan in fúzje fan in flink oantal Kopenhagenske wittenskiplike ynstellingen, wêrûnder it mei tanksij Bohr stifte Ynstitút foar Teoretyske Natuerkunde. It Niels Bohr-ynstitút beheart ûnder mear it Niels Bohr-argyf.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It toanielstik Kopenhagen fan de Ingelske toanielskriuwer Michael Frayn is basearre op de moeting tusken Heisenberg en Bohr yn beset Kopenhagen yn 1941. Yn de Nederlânske ferzje fan dit toanielstik waard de rol fan Bohr spile troch Bram van der Vlugt.
- Niels Bohr frege ris oan Pauli, doe't dy in nije teory presintearre: "Wy binne it der allegear oer iens dat jo teory gek is. Mar is se gek genôch om wier wêze te kinnen?"
- De Bohrstriel a0 is in atomêre lingteskaal ferneamd nei dizze wittenskipper, dy't ûngefear oerien komt mei 5,292 × 10−11 meter.
- Bohr syn soan Aage wie ek natuerkundige en krige yn 1975 de Nobelpriis foar de Natuerkunde.
- It elemint Bohrium is nei Niels Bohr ferneamd as earebetoan.
- Niels Bohr waard troch de Deenske kening ûnderskieden mei de eksklusive Oarder fan de Oaljefant en keas as wapenskyld (de wapenboerden fan de ridders wurde yn de kapel fan de oarder ophongen) in Aziatysk tema: Yin en Yang.
- Niels Bohr hie it mier oan skriuwen en diktearde syn wichtichste wurken oan syn frou.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|