Springe nei ynhâld

Olympyske marmot

Ut Wikipedy
Olympyske marmot
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota olympus
Merriam, 1898
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Olympyske marmot (Latynske namme: Marmota olympus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat útslutend foarkomt op it Olympysk Skiereilân, yn it uterste noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Washington. Dizze soarte waard foar it earst yn 1898 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske biolooch Clinton Hart Merriam, dy't him Arctomys olympus neamde.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Olympyske marmot komt útslutend foar op it Olympysk Skiereilân, yn it uterste noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Washington. Sa'n 90% fan 'e totale populaasje libbet dêr binnen de grinzen fan it Olympysk Nasjonaal Park, dêr't dizze bisten faak waarnommen wurde kinne, yn 't bysûnder op 'e berchskeanten fan Hurricane Ridge. Se komme foar op hichten fan tusken de 900 en de 2.000 m, mar benammen tusken de 1.500 en de 1.750 m, en lizze har hoalen ornaris oan op 'e súdkant fan 'e berchskeanten, mei't dy mear delslach krije en dêr't sadwaande mear fretten groeid.

In Olympyske marmot. Hjir binne de ljochtere dielen fan 'e pels goed te sjen, dy't karakteristyk binne foar de simmer.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Olympyske marmot is de grutste fan alle marmottesoarten, en hat trochinoar in kop-romplingte fan 42-60 sm, mei in sturtlingte fan 15-25 sm en in gewicht fan 3-11 kg. Dêrmei is er likernôch sa grut as in út kluten woeksen hûskat. By Olympyske marmotten docht him de grutste seksuële dimorfy foar fan alle marmotten, mei't de mantsjes oer it generaal 9,3 kg weagje, en de wyfkes 7,1 kg. De kop is breed mei lytse eagen en earen en in stompe snút, it liif is gnobsk fan bou mei koarte, krêftige poaten en skerpe, hurde klauwen om mei te graven. De sturt is swier behierre en kin suver wol trochgean foar in plomsturt. De pels is oer hast it hiele lichem brún oant readbrún, mar ûntwikkelet yn it simmerhealjier ljochtere plakken, û.m. op 'e skouders. It hier op 'e snút is altyd witich fan kleur.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Olympyske marmotten libje yn famyljegroepen dy't bestean út in mantsje, twa of trije wyfkes en harren jongen fan ferskate jiergongen, yn totaal soms mear as in tolvetal bisten. Fan septimber oant maaie hâlde se in wintersliep, wêrby't se yn 't foar in ûnderhûdske fetfoarrie oanlizze en har nesthoale beklaaie mei drûge gers. Nei't de iepenings ôfsletten binne, jouwe se har tsjininoaroan del om sa har lichemswaarmte te dielen en enerzjy te besparjen.

Twa wiken nei't se begjin maaie út 'e wintersliep kommen binne, begjint de peartiid. Mei de grize marmot (Marmota caligata) plantet de Olympyske marmot him it stadichst fuort fan alle kjifdieren. Sawol de mantsjes as de wyfkes binne mei trije jier geslachtsryp, mar wyfkes nimme yn 'e regel pas mei fjouwer of fiif jier oan 'e fuortplanting diel. Dêrby produsearje se mar ien kear yn 'e twa jier in nêst fan 1-6 jongen, wêrfan't de helte de folgjende maityd net hellet.

De draachtiid duorret by Olympyske marmotten sa'n 4 wiken. By de berte binne de jongen ûnbehierre en blyn. Mei 4 wiken, as se in pels ûntwikkele hawwe, komme se foar it earst bûten, en mei 10 wiken wurde se ôfwûn. Jonge Olympyske marmotten bliuwe teminsten twa jier by har âlden. De Olympyske marmot hat in libbensferwachting fan tusken de 10 en 20 jier. De wichtichste natuerlike fijannen binne de prêrjewolf, poema, reade lynks, Amerikaanske swarte bear en keningsearn.

In Olympyske marmot oan it sinnebaaien.

Olympyske marmotten frette benammen gerzen, siggen, krûden, blommen en moas. Se hawwe it leafst jonge griene planten, mar tarre in grut part fan it jier fanneeds op plantewoartels. Soms frette se ek wol fruchten en ynsekten. Har focht krije se hast folslein binnen fia plantesoppen en dau, dat se hoege mar komselden te drinken.

Hurricane Ridge, yn it Olympysk Nasjonaal Park: in typysk marmotte-biotoop.

De Olympyske marmot is de op ien nei seldsumste marmottesoarte, nei de Vancouvereilânmarmot, dy't sa bedrige is dat syn tastân krityk is. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw begûn men op te merken dat Olympyske marmotten weiwaarden út gebieten dêr't se earder al foarkamen. Ut in ûndersyk dat yn 2002 ynsteld waard troch biologen dy't ferbûn wiene oan 'e Universiteit fan Michigan, die bliken dat de populaasje Olympyske marmotten elts jier mei 10% efterútbuorke, en dat de foarnaamste reden dêrfan predaasje troch de prêrjewolf wie, dy't oarspronklik net op it Olympysk Skiereilân foarkommen wie. Troch har trage fuortplanting krige de marmottestân gjin kâns om him dêrop te ferheljen.

Tsjin 2006 wiene der nei skatting noch mar sa'n 1.000 Olympyske marmotten, mar troch de maatregels dy't de parkopsichters op basis fan 'e útkomsten fan it ûndersyk namen om it tal prêrjewolven yn it nasjonaal park werom te bringen, koe de marmottepopulaasje tusken 2006 en 2010 wer tanimme oant sa'n 4.000 eksimplaren. De Olympyske marmot hat de IUCN-status fan "net bedrige", fanwegen de beskerming dy't it Olympysk Nasjonaal Park oan likernôch 90% fan 'e populaasje biedt. Boppedat hat de Olympyske marmot de status fan beskerme diersoarte en is de jacht op 'e bisten ûnder de steatswetjouwing fan Washington ek bûten de grinzen fan it nasjonaal park ferbean. Nettsjinsteande dat rint de marmottestân yn guon dielen fan it Olympyske Nasjonaal Park noch altyd tebek fanwegen de opmars fan beammen op 'e berchgreiden. Ek komme marmotten mar selden foar yn it minder gaadlike, wietere súdwestlike diel fan it nasjonaal park. Sûnt 2009 is de Olympyske marmot it "offisjele lânseigen sûchdier" fan 'e steat Washington.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.