Oregon Trail
It Oregon Trail (útspr.: ['ɔɹəɡən tɹe:l]) is in 3.500 km lange histoaryske east-westrûte yn 'e westlike Feriene Steaten. It rikt fan Independence, yn 'e steat Missoery oant Oregon City, yn 'e delling fan 'e rivier de Willamette, yn noardlik Oregon. It rint troch de steaten Missoery, Kansas, Nebraska, Wyoming, Idaho en Oregon, en wie yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw de wichtichste rûte foar de kolonisaasje fan it saneamde Wylde Westen troch migranten út it Easten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Oregon Trail waard tusken 1811 en 1840 foar it earst brûkt troch pelsjagers en pelskeapju, en koe doe yn syn gehiel inkeld geandefoets of op in hynder bereizge wurde. Tsjin 1836, doe't de earste karafaan kapweinen út Independence wei oer it paad nei it Westen ta ôfsette, wie it safierhinne ferbrede dat men mei sokke weinen oant Fort Hall, yn Idaho, ta komme koe. Neitiid waard it Oregon Trail hielendal oant yn 'e delling fan 'e Willamette ferbrede, wêrnei't it him ûntjoech ta it wichtichste paad nei it Westen, mei't men sa de deadlike woastinen fan it Súdwesten (letterlik) lofts lizze litte koe. Neigeraden dat de tiid (en dêrmei it tij fan 'e kolonisaasje) fierder gie, waard de rûte noch mear ferbettere, mei fearen en brêgen oer wat earder gefaarlike rivierfurden west hiene.
Yn it easten, op 'e prêrje fan wat no de steaten Kansas en Nebraska binne, koene de kolonisten ferskate rûtes folgje, al nei't harren foarkar wie, mar yn 'e delling fan 'e rivier de Platte kamen al dy paden byinoar om troch de leechste passen fan 'e Rocky Mountains en de Cascades te gean. Uteinlik waarden dan nei in lange gefaarlike tocht de rike lânbougrûnen oan 'e westkust berikt. De eastlike helte fan it Oregon Trail, oant likernôch Wyoming ta, waard ek brûkt troch de reizgers op oare rûtes, lykas it California Trail (fan 1843 ôf), it Mormon Trail (fan 1847 ôf) en it Bozeman Trail (fan 1863 ôf), foar't dy ôfsloegen nei harren ûnderskate bestimmings. Der wurdt rûsd dat it Oregon Trail yn 'e 33 jier nei 1836 troch 400.000 kolonisten brûkt waard om nei it westen te reizgjen.
Doe't yn 1869 it Earste Transkontinintale Spoar reekaam, wat de reis nei it westen flugger, goedkeaper en fral in stik feiliger makke, rekke it Oregon Trail frij gau yn ûnbrûk. Tsjintwurdich folgje wichtige autodiken lykas de Interstate 80 deselde rûte nei westen as it âlde Oregon Trail, en komme dêrby troch de stedsjes dy't oarspronklik stifte waarden om 'e reizgers op it Trail te ûnderstypjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|