Otto Kahler
Otto Kahler (Praach, 8 jannewaris 1849 - Wenen, 24 jannewaris 1893) wie in Eastenryksk dokter en patolooch.
Kahler studearre yn syn berteplak oan de Karl-Ferdinands-universiteit en krige dêr yn 1871 syn doktersbul. Doe't de universiteit yn in Tsjechysk en in Dútsk diel spjalte waard, studearre er fierder oan de Dútske universiteit en die dêr ek ûndersyk.
Yn 1882 folge syn beneaming ta bysûnder heechlearaar; 1886 krige er offysjeel in learstoel en waard er direkteur fan de twadde medyske klinyk.
Hy folge Heinrich von Bamberger yn 1889 op as perfester foar spesiële patology oan de universiteit fan Wenen.
Fan 1890 ôf oan hie Kahler te lijen fan tongekanker dy't him yn 1893 fataal waard.
Kahler is fral bekend wurden troch it beskriuwen fan it multipel myeloom, ek plasmosytoom as de sykte van Kahler neamd. Teffens die Kahler it tal ûntdekkingen op it mêd fan de neurology; sa wie er de earste dy't it syktebyld syringomyely beskreau.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beiträge zur Pathologie und zur pathologischen Anatomie des Zentralnervensystems. (tegearre mei Arnold Pick) C.L. Hirschfeld, Leipzig 1879
- Über die Diagnostik der Syringomyelie. (earste beskriuwing) Prager Med. Wschr. Vol.13 (1888), s. 45 u. 63
- Multiples Myelom. Wiener Med. Wochenblatt 1888, p. 67
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- whonamedit.com - Koarte biografy (in)