Peabody Award
Peabody Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | sjoernalistyk | |
frekwinsje | 1x jiers | |
ynsteld | 1940 | |
1e útrikking | 1940 | |
offisjele webside | ||
www.peabodyawards.com |
De Peabody Awards, folút eins: de George Foster Peabody Awards, binne in groep Amerikaanske prizen dy't ferneamd binne nei de Amerikaanske ûndernimmer en filantroop George Foster Peabody (1852-1938). Se wurde sûnt 1940 ienris yn it jier ynternasjonaal útrikt foar treflike en fertsjinstlike ferslachjouwing troch radio- en tillefyzjestjoerders, online-media, produsinten fan nijsprogramma's en yndividuële sjoernalisten en ferslachjouwers.
De Peabody Awards binne basearre op kwaliteit ynstee fan populariteit of kommersjeel súkses. Se wurde jiers útrikt oan 25 oant 35 winners út mear as 1.000 meidoggers. Om't de ynskriuwings út in wiid ferskaat oan boarnen en stilen komme, besteane der foar de Peabody Awards gjin kategoryen, mar wurde de prizen útrikt foar "treflikens op eigen betingsten". Eltsenien kin in persoan, stjoerder of programma foar de prizen oanmelde, mar dat kostet $300 (foar radio $175).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]● (in) Offisjele webside fan 'e Peabody Awards
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |