Piet van der Wal
Piet van der Wal | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pieter Daam van der Wal | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 oktober 1946 | |
berteplak | Snits | |
stoarn | 28 maart 2019 | |
stjerplak | Ljouwert | |
wurkpaad | ||
berop/amt | learaar, gemeenteriedslid | |
aktyf as | aktivist | |
jierren aktyf | 1970-2017 |
Pieter (Piet) Daam van der Wal (Snits, 17 oktober 1946 - Ljouwert 28 maart 2019) wie in Frysk aksjefierder, gemeentepolitikus en dosint elektrotechnyk út Ljouwert.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Wal waard berne yn Snits, mar waard grutbrocht yn Ljouwert.
Yn 1970 rjochte er yn 'e mande mei lju fan deselde opfettingen, anty-autoritêr, erchtinkend foar de fêstige oarder oer en leafhawwers fan popmyzyk, de protestbeweging Axies op. Dat wie nei oanlieding fan grutskalige sloopplannen fan it gemeentebestjoer foar it sintrum fan Ljouwert. Axies kaam mei twa sitten yn de gemeenteried en berikte dat de sloopplannen net trochgiene. Bûten de ried wie Axies ek aktyf by strjitte- en besettingsaksjes: besetting fan ôf te brekken gebouwen (wêrûnder persielen yn de Toerstrjitte en De Klanderij) en fytspowerdemonstraasjes tsjin de oerhearsking fan it autoferkear.
Yn 1972 kaam Van der Wal sels yn de gemeenteried; yn spikerklean en mei lang hier siet er dêr tusken manlju yn it pak. Hy soe, mei ûnderbrekkings, 32 jier yn de ried bliuwe en twong dêr respekt ôf fanwegen syn grutte histoaryske kennis, feitekennis en skerpens. Doe't Axies opheft waard kaam Van der Wal foar Progressieve Aktie Leeuwarden (PAL) in de ried dat letter fusearje soe mei GrienLinks.
Njonken syn wurk foar de gemeenteried wie Van der Wal yn de earste helte fan de jierren 1970 ek aktyf foar jongereinsintrum Hippo en muzykfestivals. Letter wie er warber yn de histoaryske feriening Aed Levwerd en de Wurkgroep Iepen Monumintedei.
Yn it deistich libben wie Van der Wal lange tiid learaar elektrotechnyk oan de mts, it lettere Fryslân Kolleezje.
Piet van der Wal stoar yn Ljouwert yn de âldens fan 72 jier.
Oer Van der Wal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Leendert Plaisier, Piet van der Wal, een open boek, 2017
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|