Praachske Opstân
De Praachske Opstân wie in besykjen fan it Tsjechyske ferset om de stêd Praach te befrijen fan de Dútske besetting tidens de Twadde Wrâldkriich. De opstân begûn op 5 maaie 1945 en duorre oant en mei 8 maaie 1945, doe't der in wapenstilstân kaam en it Dútske leger him út Praach weromluts. De dei derop kaam it Reade Leger de sa goed as befrijde stêd binnen.
De opstân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 30 april en 1 maaie 1945 liet SS-Obergruppenführer en plysjegeneraal Karl Hermann Frank op de radio yn Praach witte dat elts besykjen ta in opstân yn in moarderij einigje soe. De reden dêrfoar wie dat de ynwenners fan de stêd wisten dat de alliearden tichtby wienen en men dêrom ûnrêstich waard. Mannichien kaam de dyk al op om de befrijers te ferwolkomjen, wêrop't Frank it befel om alle minsken fan de strjitte te heljen. Elkenien dy't net meiwurkje woe moast delsketten wurde.
Op 5 maaie waard tidens de moarnsútstjoering fan de Tsjechyske radio de opstân oankundige. Mei de wurden "je sechs hodin" (in kombinaasje fan Tsjechysk en Dútsk foar "it is seis oere") begûn Zdeněk Mančal syn útstjoering. Dêrnei gong er yn it Tsjechysk fierder, wat troch de Dútsers strang ferbean wie. Yntendant Ferdinand Thürmer stjoerde dêrop Dútske soldaten nei it radiostasjon, dêr't hja yn in gefjocht kaam mei Tsjechyske opstânelingen. Doe't dat ek op de radio te hearren wie, begûnen minsken harren op mear en mear plakken yn de stêd te fersetten tsjin de besetter.
Letter dy dei slagge it Tsjechyske ferset deryn de SS-ienheden by it radiostasjon te oermasterjen en it haadkertier fan de Gestapo en de Sipo yn te nimmen. Middeis folge ek it stedhûs. De opstân waard grutter en hieltyd waarden mear Dútske ienheden oanfallen en ûntwapene, oant jûns en nachts in tsjinoanfal fan de Dútsers úteinsette. Mei swier geskut waard fan bûten de stêd besocht in ferbining te slaan mei de striidkrêften yn de stêd en by einbeslút de opstân te beëinigjen. Troch de oanfal feroaren de krêftferhâldings en slaggen de Dútsers deryn om de sitewaasje te stabilisearjen.
Op 6 maaie wienen der mear as 1.000 barrikades boud en hienen de Tsjechyske troepen al de helte fan de stêd yn hannen. Om it foar de Dútsers, dy't op dat stuit op alleagear plakken ynsletten wienen, noch dreger te meitsjen, waarden troch de Tsjechen ek stroom-, wetter- en telefoanferbinings fernield.