Springe nei ynhâld

Richard Burton (akteur)

Ut Wikipedy
Richard Burton (akteur)
akteur
Richard Burton (1953)
Richard Burton (1953)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richard Burton
nasjonaliteit Britsk
berne 10 novimber 1925
berteplak Ponthrydyfen
stoarn 5 augustus 1984
stjerplak Genêve
reg. identiteit Welsk
jierren aktyf 1943-1984
Burton yn Kleaopatra, 1963
Burton yn Kleaopatra, 1963
Burton mei Ava Gardner yn The night of the Iguana

Richard Burton (Ponthrydyfen (Wales), 10 novimber 1925 - Genêve (Switserlân), 5 augustus 1984) wie in Welsk filmakteur.

Burton waard berne as Richard Walter Jenkins yn it doarpke Pontrhydyfen ûnder Port Talbot. Hy kaam ýt in mynwurkershushâlding dêr't Welsk sprutsen waard. Syn mem stoar doe't er twa wie nei de berte fan har tretjinde bern. Doe waard benammen syn 19 jier âldere broer fan grut belang foar him. Letter waard er as bern oannaam troch syn ûnderwizer Philip H. Burton, dy't ek syn akteartalint ûntduts en oanmoedige.

Hy studearre yn Oxforden tsjinne fan 1944–1947 as navigator by de RAF. Hy hie in soad niget oan sport, spile in it studinteteater en stie rillegau op de planken yn de Old Vic. Hy gou as foarneam fertolker fan stikken fan Shakespeare. Mei 19 jier makke er syn debút yn de Londenske Westendteaters. Yn 1949 briek er troch yn it Globeteater mei it stik The Lady's Not For Burning neist Sir John Gielgud. Teffens ferskynde Burton doe ek al in Ingelske films. Yn 1952 feruile Burton Ingelân foar Hollywood, dêr't er yn de film My cousin Rachel de haadrol krige en Olivia de Havilland as tsjinspylster hie.

Burton wie ferslaafd oan alkohol en koe min sliepe. Nei syn earste houlik mei Sybil Williams hat er twaris troud west mei Elizabeth Taylor; mei har makke er ek syn bêste films, sa as Who's Afraid of Virginia Woolf? nei it toanielstik mei deselde namme fan Edward Albee.

Letter troude Burton noch mei Suzy Hunt, de eardere frou fan James Hunt, en as lêste mei Sally Hay, in grimeuse dy't letter skriuwster waard. Op fakânsje yn syn hûs yn Switserlân is Burton hommels ferstoarn oan in harsenblieding. Hy is ek yn Switserlân te hôf kaam.

Burton is sânris nominearre foar in Oscar (û.o. foar syn rol yn Who's Afraid of Virginia Woolf?), mar hat nea ien krigen.

Richard Burton wie ek te hearren op it muzykalbum Jeff Wayne's Musical Version of The War of the Worlds, dat yn 1978 ferskynde. Burton hie de rol fan sjoernalist op Jeff Wayne syn album dat basearre wie op it boek fan H.G. Wells.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1949 The Last Days of Dolwyn Gareth
Now Barabbas Paddy
1950 Waterfront Ben Satterthwaite
The Woman with No Name Nick Chamerd
1951 Green Grow the Rushes Robert "Bob" Hammond
1952 My Cousin Rachel Philip Ashley
1953 The Desert Rats "Tammy" MacRoberts
The Robe Marcellus Gallio
1954 Thursday's Children Verteller
1955 Prince of Players Edwin Booth
The Rains of Ranchipur Rama Safti
1956 Alexander the Great Aleksander de Grutte
1957 Sea Wife Biscuit
Bitter Victory Jimmy Leith
1959 Look Back in Anger Jimmy Porter
1960 Ice Palace Zeb Kennedy
The Bramble Bush Guy Montford
1962 Dylan Thomas Ferteller
The Longest Day David Campbell
1963 Cleopatra Mark Antony
The V.I.P.s Paul Andros
1964 Zulu ferteller
Becket Thomas Becket
The Night of the Iguana T. Laurence Shannon
1965 What's New Pussycat? Clive Donner
The Sandpiper Edward Hewitt
The Spy Who Came in from the Cold Alec Leamas
1966 Who's Afraid of Virginia Woolf? George
Florence: Days of Destruction Ferteller
1967 The Taming of the Shrew Petruchio
Doctor Faustus Doctor Faustus
The Comedians Brown
1968 Boom! Chris Flanders
Where Eagles Dare Jonathan Smith
Candy McPhisto
1969 Staircase Harry C. Leeds
Anne of the Thousand Days Hindrik VIII fan Ingelân
1971 Raid on Rommel Alex Foster
Villain Vic Dakin
1972 Under Milk Wood Earste stim
The Assassination of Trotsky Leon Trotsky
Hammersmith Is Out Hammersmith
Bluebeard Baron Kurt von Sepper
1973 Battle of Sutjeska Josip Broz Tito
Massacre in Rome Herbert Kappler
1974 The Voyage Cesare Braggi
The Klansman Breck Stancill
1977 Exorcist II: The Heretic Philip Lamont
Equus Martin Dysart
1978 The Medusa Touch John Morlar
The Wild Geese Allan Faulkner
Absolution Goddard
1979 Breakthrough Rolf Steiner
1981 Circle of Two Ashley St. Clair
Lovespell Mark fan Cornwall
1983 Wagner Richard Wagner
1984 Nineteen Eighty-Four O'Brien

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Richard Burton fan Wikimedia Commons.