Sandrine Bonnaire
Sandrine Bonnaire (Gannat, 31 maaie 1967) is in Frânske aktrise, dy't meispile yn mear as 40 films.
Bonnaire aktearre al doe't hja 16 jier wie (1986) en spile in rol yn de film À nos amours fan Maurice Pialat. De film giet oer in famke dy't har seksualiteit ûntdekt. Se krige der yn 1984 in César foar.
Har ynternasjonale trochbrekken kaam yn 1986, doe't hja de haadrol spile yn Sans toit ni loi (Vagabond), fan de regisseur Agnès Varda. It smiet in twadde César op. Hja is in misdiedichster dy't fysyk en moreel tekoart sjit. De film Monsieur Hire regissearre fan Patrice Leconte folge yn 1989. Yn 2004 spile se in moaie haadrol yn in oare film fan Patrice Leconte, Confidences trop intimes.
Bonnaire hat in dochter út har ferhâlding mei William Hurt, dy't hja kennen learde op de set fan de film La Peste (1991), nei in roman fan Albert Camus. Tegearre silen hja ek yn Secrets Shared with a Stranger (1994). Yn maart 2003 troude hja mei akteur en senarioskriuwer Guillaume Laurant.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1982 - La Boum 2 (extra), rezjy fan Claude Pinoteau
- 1982 - Les Sous-doués en vacances (extra), rezjy Claude Zidi
- 1983 - À nos amours, rezjy fan Maurice Pialat
- 1984 - Tir à vue, rezjy Marc Angelo
- 1985 - Blanche et Marie, rezjy Jacques Renard
- 1985 - Le meilleur de la vie, rezjy Renaud Victor
- 1985 - Police, rezjy Maurice Pialat
- 1985 - Sans toit ni loi, rezjy Agnès Varda
- 1986 - La Puritaine, rezjy Jacques Doillon
- 1987 - Sous le soleil de Satan, rezjy Maurice Pialat
- 1987 - Jaune revolver, rezjy fan Olivier Langlois
- 1987 - Les Innocents, rezjy fan André Téchiné
- 1988 - Quelques jours avec moi, rezjy fan Claude Sautet
- 1988 - Thick Skinned/Peaux de vaches, rezjy fan Patricia Mazuy
- 1989 - Monsieur Hire, rezjy Patrice Leconte
- 1990 - La Captive du désert, rezjy fan Raymond Depardon
- 1990 - Verso sera ( Dans la soirée), rezjy fan Francesca Archibugi
- 1991 - Le ciel de Paris, rezjy fan Michel Béna
- 1991 - La Peste, regie van Luis Puenzo
- 1992 - Prague, rezjy fan Ian Sellar
- 1993 - Jeanne la pucelle – Les batailles, rezjy fan Jacques Rivette
- 1993 - Jeanne la pucelle – Les prisons, rezjy fan Jacques Rivette
- 1994 - Ispoved neznakomtsu (Secrets Shared with a Stranger), rezjy Georges Bardawil
- 1995 - Les Cent et une nuits de Simon Cinéma, rezjy Agnès Varda
- 1995 - La Cérémonie, rezjy Claude Chabrol
- 1996 - Never Ever, rezjy fan Charles Finch
- 1997 - Die Schuld der Liebe, rezjy Andreas Gruber
- 1997 - Une femme en blanc (TV rige), rezjy fan Aline Issermann
- 1998 - Secret défense, rezjy fan Jacques Rivette
- 1998 - Voleur de vie, rezjy fan Yves Angelo
- 1999 - Au cœur du mensonge, rezjy fan Claude Chabrol
- 1999 - East/West, rezjy fan Régis Wargnier
- 2001 - Mademoiselle, rezjy fan Philippe Lioret
- 2001 - C'est la vie, rezjy fan Jean-Pierre Améris
- 2002 - Femme Fatale, rezjy fan Brian De Palma
- 2003 - Resistance, rezjy fan Todd Komarnicki
- 2003 - La Maison des enfants (TV-rige), rezjy fan Aline Issermann
- 2004 - Confidences trop intimes (Intimate Strangers), fan Patrice Leconte
- 2004 - Le Cou de la girafe, rezjy fan Safy Nebbou
- 2004 - L'Équipier, rezjy fan Philippe Lioret
- 2006 - Le Procès de Bobigny (TV), regie fan François Luciani : Martine
- 2006 - Je crois que je l'aime, regie fan Pierre Jolivet
- 2006 - Demandez la permission aux enfants, rezjy fan Eric Civanyan
- 2007 - Un Coeur Simple
- 2008 - Mark of an Angel, L'Empreinte de l'ange fan Safy Nebbou
- 2009 - Joueuse de Caroline Bottaro