Springe nei ynhâld

Sint-Annatsjerke (Jeruzalim)

Ut Wikipedy
Sint-Annatsjerke

כנסיית סנטה אנה‎ / Église Sainte-Anne

bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
offisjele webside
De tsjerke op de side fan de Wite Paters

De Sint-Annatsjerke (Hebriuwsk: כנסיית סנטה אנה; Frânsk: Église Sainte-Anne) is in roomske krúsfarderstsjerke út de 12e iuw yn de âlde stêd fan Jeruzalim, Israel. De tusken 1131 en 1138 boude tsjerke ferfong eartiids in byzantynske tsjerke en hat noch jimmeroan foar it measte de oarspronklike foarm. De tsjerke stiet oan it begjin fan de Via Dolorosa tichteby de Liuwepoarte, de Giselingstsjerke en de Feroardielingskapel. Neffens Jehannes 5:1-15 hat Jezus op it plak in lamme sûn makke.

It ienfâldige stiennen ynterieur en de tige goede akûstyk meitsje fan de tsjerke in moai foarbyld fan midsiuwske arsjitektuer.

Yn it Romeinske Tiidrek stie op in plak njonken de Baden fan Bethesda in heidensk hillichdom foar de Egyptyske god Serapis of de romeinske god Hepius, beide goaden fan de genêskunde. Oer de resten fan dat heidenske hillichdom waard yn de 5e iuw in byzantynske basilyk boud. Nei't de Perzen de basilyk ferneatigen yn 614, waard de tsjerke wer opboud. Boudewyn I, de earste krúsfarder mei de titel kening fan Jerusalim, ferballe syn frou Arda nei it âlde benediktynske kleaster dat hjir yn 1104 noch jimmeroan stie.

De Sint-Annatsjerke yn 1860

De bou fan de hjoeddeiske Sint-Annatsjerke folge tusken 1131 en 1138 ûnder it bewâld fan keninginne Melisende. De tsjerke waard boud by de resten fan de byzantynske basilyk oer in grot wêrfan't de krúsfarders tochten dat dêr Marije, de mem fan Jezus, berne wie. De tsjerke waard opdroegen oan de âlden fan Marije, Anna en Joachim, dy't neffens de oerlevering dêr wennen.

Ynterieur

Oars as de measte oare krúsfarderstsjerken waard de Sint-Annetsjerke net ferneatige nei't Saladin yn 1187 Jeruzalim ferovere. It nije islamityske bewâld liet de tsjerke fanwegen de goede akûstyk ferbouwe ta in koranskoalle.[1] De eardere tsjerke waard bekend ûnder de namme al-Madrasa as-Salahiyya (fan Saladin) lykas dat noch jimmeroan te lêzen falt oan de Arabyske ynskripsje boppe de yngong. Yn de 15e iuw waard de madrassa beskôge as de meast foaroansteande universiteit fan de stêd.

Under it islamitysk bewâld fan Palestina mochten kristlike pylgers allinne yn de grot tsjin it beteljen fan in fergoeding. De madrassa kaam letter leech te stean en it gebou rekke yn ferfal. Yn 1856, út tankberens foar de Frânske stipe yn de Krimkriich, joech de ottomaanske sultan Abdülmecit it ferfallen gebou oan Napoleon III. In restauraasje folge, mar it grutste diel fan it gebou is ek hjoeddedei noch oarspronklik. De tsjerke is yn besit fan Frankryk en it behear fan it gebou is tabetroud oan de kongregaasje fan de Wite Paters.

Nei de skea fan de Seisdeiske Kriich fan 1967 waard de tsjerke troch de Frânske oerheid restaurearre.

Alter

De tusken 1131 en 113 boude en al rille gau dêrnei mei in tal meters ferlinge tsjerke is in geweldich moai foarbyld fan romaanske arsjitektuer. De trijeskippige basilyk hat krúsgewelven, strakke linen en in ienfâldich ynterieur.

Arkades fan bôgen skiede it middenskip fan de legere sydskepen. It haadalter, ûntwurpen troch de Frânske byldhouwer Philipe Kaeppelin, is on de foarkant dekorearre mei de berte fan Kristus (lofts), de krúsôfname (midden), de ferkundiging (rjochts) en oan de úteinen mei foarstellings fan Anna dy't Marije ûnderwiist (lofts) en de presintaasje yn 'e timpel (rjochts).

De tagong nei de krypte is te finen yn it súdlike sydskip. Dêr is de grot dêr't Marije neffens de oerlevering berne is.

De tsjerke stiet bekend om de geweldige akûstyk, dy't perfekt is foar de gregoriaanske sang. It makket fan de tsjerke in beafeartsplak fan koaren en solisten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of Saint Anne, Jerusalem