Springe nei ynhâld

Son of the Shadows

Ut Wikipedy
Son of the Shadows
algemiene gegevens
auteur Juliet Marillier
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2000, Sydney
oarspr. útjwr. Pan Macmillan
prizen Aurealis Award 2000
rige
rige Sevenwaters-searje
● foarich diel Daughter of the Forest
● folgjend diel Child of the Prophecy
kodearring
ISBN 978-0 73 29 10 297

Son of the Shadows is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Nijseelânske skriuwster Juliet Marillier, dy't ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy heart. De titel betsjut: "Soan fan 'e Skaden". It boek fertelt it ferhaal fan 'e Ierske ealfrouwe Liadan, dy't ûntfierd wurdt troch de beruchte en ferspijde hierlingelieder dy't bekendstiet as de 'Beskildere Man'. Son of the Shadows is it twadde diel fan 'e Sevenwaters-trilogy, en makket as sadanich diel út fan 'e gruttere Sevenwaters-searje. It is it ferfolch op Daughter of the Forest, wêryn't Liadan har mem Sorcha de haadrol spile. Son of the Shadows waard yn 2000 publisearre troch de Australyske difyzje fan útjouwerij Pan Macmillan. It boek wûn yn 2000 de Aurealis Award yn de kategory bêste fantasyroman. It waard yn 2001 yn it Nederlânsk oerset troch Pauline Moody en ûnder de titel Zoon van de Schaduwen publisearre troch Utjouwerij Luitingh-Sijthoff.

Liadan groeit op yn it wâld fan Sevenwaters, yn it Ierlân fan 'e Iere Midsiuwen. Hja is de dochter Sorcha, dy't de suster is fan Liam, de hear fan Sevenwaters, en Sorcha har man Iubdan, dy't yn in earder libben de Angelsaksyske ealman Hugh fan Harrowfield wie. As genêzeresse folget Liadan yn har memme fuotleasten. Hja hat in twillingbroer, Sean, mei wa't se in telepatyske bân hat, en in âldere suster, Niamh (útspr.: "Niiv"), dy't bekend stiet om har skientme. Eltsenien ferwachtet dat Niamh mei Eamonn fan Sídhe Dubh trouwe sil, in jonge ealman út in oanswettende hearlikheid. Eamonn sjocht dat lykwols oars en freget ynstee Liadan om mei him te trouwen, dy't antwurdet dat se him mei in jier útslútsel jaan sil.

Wylst er te Sevenwaters ferbliuwt, fertelt Eamonn oer in oanfal op him en syn kriichslju troch in groep hierlingen dy't oanfierd wurde troch de freze en ferspijde 'Beskildere Man' (sa neamd om't er ûnder de tatoeaazjes sit). De hierlingen brochten Eamonn dêrby in slimme nederlaach ta, en hy swart dat er de Beskildere Man deadzje sil al is dat it lêste dat er docht. Under de Keltyske heidenske hjeldei Imbolc bringt de druïde Conor, in omke fan Liadan, syn learling Ciarán (útspr. "Kieren") mei nei Sevenwaters. Dyselde rekket fereale op Niamh en sy op him, en al rillegau sette se útein mei in geheime leafdesrelaasje.

As Liadan harren yn it wâld trapearret, lêst har broer Sean dat neitiid ôf út har gedachten, en dêrmei komt de moard út. Liadan har âlden en omkes wolle neat witte fan in houlik tusken Niamh en Ciarán, al wegerje se om Niamh dêrfoar redens te jaan. (Letter docht bliken dat Ciarán de soan is fan Colum en dy syn twadde frou, de boaze tsjoenster Oonagh, en dêrmei in healbroer fan Sorcha, Liam en Conor en in healomke fan Liadan en Niamh. De relaasje tusken Niamh en him wurdt sadwaande beskôge as in foarm fan ynsest.) Neitiid ferlit Ciarán, dy't de wierheid àl te hearren krigen hat, Sevenwaters mei ûnbekende bestimming. Foar Niamh wurdt fluch-fluch in houlik beävensearre mei Fionn, de haadman fan 'e noardlike Uí Néill-clan, fan wa't ferwachte wurdt dat er in weardefolle bûnsgenoat wêze sil yn 'e generaasjeslange striid fan Sevenwaters om trije hillige elantsjes werom te winnen dy't troch de Angelsaksen beset holden wurde. As de wanhopige Niamh mei har nije man nei dy syn domein yn it noarden ôfset, reizget Liadan in ein mei har suster op.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op 'e weromweis nei Sevenwaters wurdt se lykwols ûntfierd troch guon leden fan 'e troep fan 'e Beskildere Man, dy't heard hawwe fan har talinten as genêzeresse. Ien fan harren, de smid Evan, is nammentlik slim ferwûne rekke by in ûngemak. Liadan nimt de taak op har om it libben fan 'e man te rêden. De Beskildere Man, dy't mei in diel fan syn ûnderhearrigen in skoft ôfwêzich west hat, is net bliid as er yn it kamp weromkomt en sjocht wat de efterlitten mannen dien hawwe. Hoewol't hy en Liadan yn 't earstoan ferskate oanfarrings hawwe, rekket hja úteinlik fereale op dizze man, dy't se de namme Bran jout om't er har net fertelle wol hoe't er wier hjit. Uteinlik mei alle help foar Evan net bate, en komt de smid te ferstjerren. Neitiid sykje Liadan en Bran stipe byinoar en bedriuwe de leafde. As Bran lykwols foar it ferstân kriget dat hja de dochter fan Hugh fan Harrowfield is, stjoert er har nei hûs ta.

Werom yn Sevenwaters ûntdekt Liadan dat se swier is. De Tuatha Dé Danann, de boppenatuerlike geasten fan it wâld fan Sevenwaters, easkje fan har dat sy en har soan tenei it wâld nei wer ferlitte sille, mar Liadan wegeret dat te ûnthjitten. Mei de help fan har omke Finbar, in mystikus dy't as klúzner yn it wâld libbet, komt se ta it besef dat se it fermogen hat om oare minsken mei psychyske problemen telepatysk te genêzen. Underwilens hat Sean, Liadan har broer dy't de erfgenamt fan Sevenwaters is, it idee opfetten om 'e Beskildere Man en syn hierlingen yn te setten yn 'e striid tsjin 'e Angelsaksen, sûnder dat er weet hat fan 'e relaasje tusken dy man en Liadan.

As der oan it hof fan 'e hege kening te Tara in konferinsje plakfynt fan alle wichtige haadlju, bringt Fionn fan 'e Uí Néill Liadan har suster Niamh wer mei nei it suden. Liadan en Niamh bringe dan in stikmannich dagen troch yn Eamonn syn kastiel te Sídhe Dubh, mei Eamonn syn suster Aisling, dy't oan Liadan har broer Sean fersein is. Hoewol't Niamh it geheim besiket te hâlden, ûntdekt Liadan dat Fionn har mishannelet en ferkrêftet, en se besiket har suster te helpen mei har nij-fûne geastlike fermogens. Teffens makket se plannen om Niamh yn it geheim troch Bran en syn mannen út Sídhe Dubh 'ûntfiere' te litten, om har nei in kristlik nonnekleaster te bringen dêr't se feilich wêze sil foar Fionn. Op it stuit fan 'e ûntsnapping keare Eamonn en Fionn lykwols werom yn Sídhe Dubh, en falle Bran en syn maat Gull oan wylst dy mei Niamh troch de omlizzende sompen útnaaie. Eamonn keart letter werom mei it ferhaal dat Niamh yn 'e sompe ferdronken wêze moat, mar de priis foar Bran syn meiwurking oan dit plan wie Liadan har fertrouwen, en dêr hâldt sy har oan fêst.

Nei't se yn Sevenwaters weromkeard is, bringt Liadan in sûne soan te wrâld, en as Sorcha de poppe sjocht, beseft se dat de heit (dat wol sizze Bran) de soan fan John en Margery wêze moat, dat famyljeleden wiene fan Iubdan doe't dy noch hear fan Harrowfield wie. Liadan neamt it bern dan Johnny, nei sawol syn heit as syn pake. Koarte tiid letter komt Sorcha te ferstjerren oan wat nei alle gedachten in foarm fan kanker is. Op har stjerbêd fertelt Liadan einlings en te'n lêsten it ferhaal fan Niamh, hoe't har man har mishannele en wat Liadan dêroan besocht hat te dwaan, al kin se gjin útslútsel jaan oer hoe't it beteard is.

Op 'e begraffenis ferskynt lykwols Ciarán yn 'e momkape fan in nomadyske tsjettellapper om Liadan te fertellen dat Niamh libben en feilich is op in skûlplak yn súdlik Ierlân. As tank foar har help by de rêding fan Niamh, lit er by Liadan in mysterieuze raven efter dy't se Fiacha neamt. Dat is gjin echte fûgel, mar in boppenatuerlike boadskipper fia wa't se Ciarán berikke kin as se syn help nedich is. Nei it ferstjerren fan syn frou set Iubdan ôf nei Harrowfield om te ûntdekken wat der bard is mei de soan fan John en Margery. Koarte tiid letter berikt it berjocht Sevenwaters dat Fionn fan 'e Uí Néill yn syn tinte yn in nachtlik kamp wjirge is. Fan 'e dieder ûntbrekt elts spoar.

As Bran yn Sevenwaters komt om mei Sean te ûnderhanneljen oer syn tsjinsten, fertelt Liadan him dat er in soan hat. Bran is mei stomheid slein, mar beseft dat yn in libben as sines gjin gesin past, en drukt Liadan op it hert en bliuw yn Sevenwaters. Hy nimt Sean syn opdracht oan om op 'e besette hillige eilantsjes foar him te spionearjen. Neitiid kriget Liadan in fizioen wêryn't har omke Liam deade wurdt en noch ien wêryn't Eamonn syn suster Aisling ferbiedt om mei Sean te trouwen, mei as gefolch dat hja de hân oan harsels slacht. Om't se ûnwis is oer de wierheid fan 'e fizioenen, hâldt Liadan har stil, mar as Liam yndie om it libben komt, oertsjûget Sean, dy't om Aisling yn noed sit, mar sels, as erfgenamt fan Liam, no yn Sevenwaters net mist wurde kin, har om nei Sídhe Dubh ta.

Oankommen yn Sídhe Dubh docht bliken dat Eamonn it op in akkoartsje goaid hat mei de Angelsaksen, dy't him Bran yn 'e hannen spile hawwe yn ruil foar ynljochtings oer wêr't Liam lâns komme soe. Bran wurdt no yn 'e tsjerkers ûnder it kastiel finzen holden en troch Eamonn tramtearre. Liadan slút dêrop in oerienkomst mei Eamonn: Aisling moat fuortendaliks nei Sevenwaters ôfreizgje om mei Sean te trouwen, en sels kin se mei Bran en Gull it kastiel ûntflechtsje as se harren foar de jûnsskimer fine kin. Yn ruil dêrfoar sil sy Eamonn syn belutsenens by de dea fan har omke Liam geheim hâlde. It slagget har om 'e beide finzenen te finen, en troch Fiacha om help nei Ciarán te stjoeren, witte Liadan en de slim tramtearre Gull de bewusteleaze Bran troch de sompen te krijen en oan 'e efterfolging fan Eamonn syn mannen te ûntkommen.

As se it kamp fan 'e hierlingen berikt hawwe, fjochtet Liadan dêr in nacht lang om Bran syn libben te rêden. Har heit Iubdan, dy't ûnderweis werom nei Sevenwaters wie, wurdt troch de hierlingen ek dêrhinne laat, en fertelt har wat er ûntdutsen hat oer Bran syn geheime jonkheid. It docht bliken dat it reisselskip dêr't hy en syn mem Margery diel fan útmakken, by in oerfal alhiel útmoarde is, en dat hy as pjut de iennichste wie dy't dat oerlibbe. Neitiid waard er grutbrocht troch in man dy't him jierrenlang mishannele, oant er himsels mei njoggen jier ta folwoeksene ferklearre en de man deadie, om dêrnei syn eigen paad yn 'e wrâld te sykjen. Troch har telepatyske fermogens wit Liadan Bran fierhinne te genêzen, en neitiid makket se plannen om mei him en har soan nei Harrowfield. Dêr sit Iubdan syn broer Simon nammentlik om in erfgenamt ferlegen sit, en Bran kin troch syn famyljebân mei Iubdan en Simon oanspraak op Harrowfield meitsje. Bran syn mannen meitsje ûnderwilens plannen om op in eilân foar de Ierske noardkust in skoalle foar kriichslju te begjinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, references, external links, quotations, op dizze side.

de Sevenwaters-searje
Sevenwaters-trilogy (Daughter of the Forest • Son of the Shadows • Child of the Prophecy) | Heir to Sevenwaters | Seer of Sevenwaters | Twixt Firelight and Water (koart ferhaal) | Flame of Sevenwaters