Sophie Gengembre Anderson
Sophie Gengembre Anderson | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1823 | |
berteplak | Parys | |
stoarn | 10 maart 1903 | |
stjerplak | Falmouth, Cornwall | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder, portretskilder |
Sophie Gengembre Anderson (Parys, 1823 - Falmouth, 10 maart 1903) wie in yn Frankryk berne Britske Victoriaanske skilderes dy 't ek langere tiid yn Amearika warber wie. Se wie spesjalisearre yn sjenreskilderijen fan bern en froulju, meastal yn plattelânske omjouwing. Se begûn har karriêre as litograaf en portretskilder en wurke tegearre mei Walter Anderson oan portretten fan Amerikaanske biskoppen. Har wurk, Elaine, wie de earste iepenbiere kolleksje-oankeap fan in froulike keunstner. Har skilderij No Walk Today waard kocht foar mear as £ 1 miljoen. Har wurk is besibbe oan dat fan de Prerafaëliten.
Se wie de dochter fan Charles Gengembre, in Paryske arsjitekt en syn Ingelske frou Marianne Farey (1799–1883). Se wie foar it grutste part autodidakt, mar studearre in skoftke portretskilderjen by Charles de Steuben yn Parys yn 1843. Om oan de Revolúsje fan 1848 yn Frankryk te ûntkommen ferhuze it gesin nei de Feriene Steaten. Se wennen yn Cincinnati, Ohio en yn Manchester, Pennsylvania, dêr 't se de Britske sjenreskilder Walter Anderson troude. Har broer Henry P. Gengembre (b. 1825) wie ek in keunstner, aktyf yn Cincinnati yn de iere jierren 1850.
Earst wurke se as portrettist foar ûnder mear de gromolithografen Louis Prang & Co. Yn 1854 ferhuzen de Andersons nei Londen, dêr't se har wurk tentoanstelde by de Royal Academy of Arts. Se giene yn 1858 werom nei de FS (New York), mar fêstigen har om 1863 hinne wer yn Londen.
Yn de kommende tritich jier waard har wurk op tal fan plakken útstald, ûnder mear yn de Royal Academy, de Society of British Artists en in soad galeryen yn de provinsje. Har betide wurk tsjûget fan omtinken foar details fan ûnder mear planten, dy't se mien hat mei de Prerafaëliten.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Portrait Of A Young Girl
-
The Time of the Lilacs
-
Young Girl Fixing Her Hair
-
Birdsong
-
The Head of a Nymph
-
The Turtle Dove
-
Her Favorite Pets
-
Shepherd Piper (1881)
-
Take the Fair Face of Woman, [...]
-
Christmas Time -- "Here's the Gobbler!"
-
Love In a Mist
-
Ready For The Ball
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sophie Gengembre Anderson fan Wikimedia Commons. |