Springe nei ynhâld

Suderseepaad

Ut Wikipedy
It Suderseepaad
Oer it Suderseepaad, ten easten fan Nijkerk

It Suderseepaad (LAW 8) is in lange-ôfstânskuierpaad om de Iselmar fan Inkhuzen nei Starum, mei in lingte fan 400 kilometer. Mei help fan de feartsjinst tusken Starum en Inkhuzen (allinnich fan april oant oktober) kin in rûnkuier makke wurde. It paad is yn beide rjochtings mei wyt-reade tekens markearre en yn in gidske beskreaun.

De rûte folget fan Inkhuzen oant Amsterdam fierhinne hieltiten de kust fan de Iselmar, oer Hoorn, Volendam en Monnickendam. Nei Amsterdam wurdt fia Muiden en Muiderberch de kust folge oant Naarden, en dan oer Laren nei Nijkerk. Hjirnei giet de rûte by ikkers en greiden del en troch bosk nei Nunspeet en by greiden del nei Elburg en Kampen. Fan Kampen ôf giet de rûte fia Genemuiden en Vollenhove nei Blokzijl, en troch it natoergebiet de Weerribben nei Ossenzijl en nei De Lemmer. Nei De Lemmer wurde Sleat en Balk oandien. Fan Laaksum ôf wurdt de kust folge, en nei it Reaklif wurdt Starum berikt. Oanslutings op it iepenbier ferfier binne yn it westlike diel genôch foarhannen, mar yn it eastlike diel is de frekwinsje fan bustsjinsten bytiden minder grut. Stasjons binne der yn Inkhuizen, Hoorn, Amsterdam, Naarden, Nijkerk, Nunspeet, Kampen en Starum.

Kampearmooglikheden binne yn Gelderlân, Oerisel en Fryslân rillik te finen, yn Noard-Hollân wat minder.

Opmurken wurdt dat hûnen op in oantal trajekten net tastien binne, benammen op dyklichems dy’t troch skiep beweide wurde. Op in oantal trajekten binne gjin winkels of hoareka.

It paad slút yn Durgerdam en by Amsterdam oan op it Trekfûgelpaad en de Amsterdamske Ommegang, by stasjon Amsterdam-Sintraal op it Pilgrimspaad (diel 1), yn Muiden op it Floris V-paad en it Pionierspaad. Te Kampen op it Hanzestêdenpaad en yn Starum op it Fryske Kustpaad.