Tjaard fan Andringa
Tjaard fan Andringa komt foar 25 july 1509 as grytman fan Utingerdiel en Aenjewier. Anjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinze yn it noarden oan Utingeradiel, yn 't easten oan Opsterlân, súdlik oan Skoatterlân en westlik oan Haskerlân. Aenjewier hie fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in gedielte fan It Hearrenfean.
Hy wie nei alle gedachten de soan fan Goffe (net Gosse, lykas Van der Aa skriuwt) fan Andringa en Geel Riencks dochter. Hy die ôfstân foar 15 maaie 1511 as grytman fan Utingeradeel, om't op dy datum syn opfolger neamd waard, mar hy bleau doe mooglik grytman fan Aenjewier. Letter waard hy lykwols ek wer grytman fan de earstneamde gritenij. Hy wie de Geldersken tadien en doe't er him by de rebûlje mei oare reginten yn de omkriten fan Snits wie, en dêr syn amt waarnomd, woe men him behinderje om sûnder tastimming fan de Gelderske befelhawwers, frij yn en út de stêd te gean. Troch de oerwinnings troch de Boergonjers, waard syn besit ferbeurd ferklearre en oan Michiel Schrijver en Lenaard Huyge jûn. Hy liet ien soan nei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|