Tsjerke fan Spannum
Sint-Remigiustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Spannum | |
adres | Tsjerkebuorren | |
koördinaten | 53° 8' N 5° 36' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Herfoarme gemeente yn 'e PKN | |
patroanhillige | Remigius fan Reims | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1500 | |
boustyl | Lette gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21559 [1] | |
Webside | ||
Hiemside herf. gemeente Spannum-Iems FB-side | ||
Kaart | ||
De Sint-Remigiustsjerke yn Spannum is de tsjerke fan de herfoarme gemeente Spannum-Iens. De gemeente is oansletten by de PKN. De tsjerke is in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De patronaatsrjochten fan de tsjerke wiene fan kleaster Lidlum. Oant fier yn 'e 16e iuw wiene koarhearen fan Lidlum pastoar fan Spannum.[2]
De letgoatyske oan Sint-Remigius wijde tsjerke ferfong om 1500 hinne de foargonger. By de ynfal fan de Spanjerts yn 'e winter fan 1586 waard de tsjerke mei it doarp yn 'e brân stutsen. Nei de reformaasje yn 1580 waard de tsjerke in protestantske tsjerke en foar de protestantske earetsjinst geskikt makke.
Yn 'e 19e iuw folge de ommitseling fan it koer en de súdlike muorre. Oan de noardlike kant fan de tsjerke is noch it oarspronklike bou materiaal fan kleastermoppen te sjen. Ek binne oan de noardlike kant twa foarse steunbearen oanbrocht om de muorre tsjin fersakking te kearen. De oanbou oan de noardlike kant is 19e-iuwsk. Yn 'e noardlike muorre is ek it mei gieltsjes tichtmitsele noardlike portaal noch te sjen.
De trijelidde sealtektoer is noch oarspronklik en heart mei syn nissen ta de moaiste sealtektuorren fan Fryslân. Yn de toer hingje twa klokken: in klok út 1590 fan Thomas Both en in klok út 1620 fan Hans Falck. De klokken ferfongen eartiids de âlde klokken dy't ferlern gyngen nei't de Spanjerts de tsjerke yn 'e brân stieken.
Neffens in gevelstien yn 'e toer mei it famyljewapen fan Edzard fan Sminia, grytman fan Hinnaarderadiel, waard de toer yn 1742 fernijd:
- In 't jaar 1742 is deze Toren
- vernieuwd en verbetert onder
- de Ed: Heer EDZARD van SMINIA,
- Grietman over Hennaarderadeel
- en Gentuis Hesselius Predikant te
- Edens en Spannum de Kerkv[oogden] Jan
- Leenerds & Frans Baukes
De tsjerke waard yn 2014 foar it lêst restaurearre. By de restauraasje binne in grut tal âlde grêven foar it ljocht kommen wêrfan it bestean net bekend wie.[3]
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke besit in 17e-iuwske preekstoel mei in efterskot en klankboerd. It doopstek is sletten en der steane twa hearebanken. Fierder hingje yn 'e tsjerke de Tsien Geboaden en trije kroanluchters.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel út 1911 is makke troch Bakker & Timmenga. it oargel waard yn 1926 útwreide en yn 1959 troch de firma Reil út Heerde restaurearre.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|