Wieringerwaard
Wieringerwaard | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Hollâns Kroan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.425 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 50'N 4° 52'E | |
Kaart | ||
Wieringerwaard (oarspronklik: Wieringerwaerdt) is in doarp, in eardere gemeente en polder yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e provinsje Noard-Hollân.
Oant 1970 wie Wieringerwaard in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard de gemeente by de gemeente Barsingerhorn foege. Yn 1990 waard dy gemeente yndield by de gemeente Niedorp, mar Wieringerwaard waard by de gemeente Anna Paulowna foege. Dy gemeente gie yn 2012 op yn de nije fúzjegemeente Hollânsk Kroan.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eartiidsk yn 1970 ophefte gemeente bestie út de yn 1610 drûchmakke polder, dy't oan de Sudersee grinzge.
Al fier foar de Alderheljenfloed fan 1170 wie it gebiet bewenne. Nei de stoarmen yn 'e 12e iuw wie it gebiet net mear te bewenjen. It duorre oant de polder drûchmakke wie dat der wer bewenning ûntstie. Noard waard in lintdoarp oanlein, dat fan 'e syl út 1621 oan 'e Slikkerdijk oant de sleat De Kolk rûn. Dat doarp hjitte oant likernôch 1960 Tweewegen, nei alle gedachten fanwegen de krusing Zijperweg en Molenweg. Letter krige it doarp de namme fan 'e polder. Doe't oan 'e oare kant fan De Kolk by it marke De Pishoek en it Waardkanaal in nije slûs oanlein waard, ûntstie dêr ek in kearn dat de namme Nijeslûs (Nieuwesluis) krige.
Yn 1742 waard by de Noorderdijk in mûne boud. De kearn dy't dêr ûnstie waard De Molens neamd, om't yn 'e buert dêrfan om 'e selde tiid hinne noch fiif oare mûnen boud waarden, dy't foar de ôfwettering fan 'e polder soargen. Sa groeide Wieringerwaard dêr sterker as it oarspronkelike lintdoarp. Dat waard mei de bou fan 'e tsjerke yn 1812 noch fierder fersterke en sa groeide De Molens oan it lintdoarp fêst. Troch de oanlis fan it tramspoar Van Ewijcksluis-Schagen krige it doarp yn 1912 in tramstasjon. Yn 1934 waard it stasjon wer opheft, mar it stasjonsgebou stiet der noch altiten en is hjoed-de-dei in monumint. Yn 1949 waard de slús oan de Slikkerdijk, dy 't yntusken al in pear kear fernijd wie, ôfbrutsen en wie der wer in reden minder om de kearn yn dy rjochting út te wreidzjen.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken it Wite Tsjerkje hat it doarp in soad monumintale pleatsen. Poldermûne De Hoop datearret út 1742 en is yn 1972 omboud ta nôtmûne. De wettertoer fan Wieringerwaard is in opfallend gebou yn it lânskip. Fierder stiet yn it hert fan 'e polder 'Het Polderhuis', in ryksmonumint út 1612. Oant 1988 hat it altiten in oerheidsgebou west en die it tsjinst as wetterskipshûs, plysjeburo en gemeentehûs.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wieringerwaard fan Wikimedia Commons. |
Gemeente Hollâns Kroan | ||
---|---|---|
Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreil • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
Utbuorrens: De Haukes • Kleine Sluis • Moerbeek • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief | ||
· · |