Wikselbern
In wikselbern is in mytysk wêzen yn 'e foarm fan it bern fan in ierdgeast of oar mytysk wêzen, dat yn it plak efterlitten is fan in stellen minsklik bern. Ferhalen oer wikselbern komme foar yn 'e folkloare fan Midden- en Noardwest-Jeropa en Skandinaavje, yn 't bysûnder yn dy fan 'e Britske Eilannen, Noarwegen, Sweden en Dútslân. It tema fan it omwiksele en stellen bern komt in protte foar yn 'e literatuer fan 'e Midsiuwen.
Folkloare
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wikselbern binne yn folksferhalen ornaris werom te kennen oan in stikmannich eigenskippen. Yn 'e Ierske folkloare is sa'n bern almeast swak en syklik, en ûntwikkelet it him net lykas in normaal bern. It komt ek foar dat in wikselbern dúdlik ôfwikende lichaamlike skaaimerken hat, lykas in burd of lange tosken. Se kinne ek folle yntelliginter wêze as dat mooglik is foar harren leeftyd. Yn ferhalen út oare dielen fan Jeropa kin in wikselbern identifisearre wurde trochdat it in holle hat dy't grutter of lytser as nomaal is, trochdat it in bochel hat, fanwegen earms en skonken dy't ûngewoan tin binne of troch in oermjittige hierrigens.
De reden om in minsklik bern te stellen kin wêze dat it wêzen dat soks docht in tsjinner nedich hat, of fan it minsklike bern hâldt, of omreden fan klearebare kweawilligens. Yn seldsume ferhalen wie it in tige âlde ierdgeast dy't yn it plak fan it minsklik bern efterlitten waard, mei as doel om yn syn âlderdom troch de mem fan it bern bepopke en fersoarge te wurden. It foarkommen fan it omwikseljen fan jins bern koe beävensearre wurde troch it bern syn of har jaske binnenstbûtenst oan te dwaan, om troch deunby in skjirre del te lizzen mei de bek iepen. Ek koe it neffens de ferhalen nedich wêze om oanhâldend it minsklik bern yn it each te hâlden as it sliepte.
Utlis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folkloristen beskôgje wikselbern tsjintwurdich foar it meastepart as in utering fan noed en teloarstelling fan 'e âldelju oangeande bern dy't oanhelle rekken mei (foarhinne) ûnbegryplike sykten, oandwanings en ûntwikkelingsbeheinings. Der is bewiis dat sike of swakke bern, foar de fersoarging wêrfan't strie-earme âlden yn it ferline simpelwei de mooglikheden net hiene, weiset waarden as wikselbern om gefallen fan ynfantiside te behimmeljen.
Guon folkloristen binne fan tinken dat de ferhalen oer wikselbern in dizenich oantinken binne oan 'e lânseigen, pre-Yndo-Jeropeeske befolking fan beskate kriten fan Jeropa dy't yn in fier, prehistoarysk ferline twongen west hawwe soe om him foar agressive (Yndo-Jeropeeske) ynkringers ferburgen te hâlden op ûntagonklike plakken, lykas wâlden, sompen en berchtmen. Harren teory is dat de ferburgenen soms echt temûk har eigen swakke of sike bern omwikselen foar de sûne, sterke bern fan 'e ynkringers.
Histoaryske gefallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut Ierlân binne ferskate dokumintearre histoaryske gefallen fan it byleauwe yn wikselbern bekend. Yn 1826 baaide in Anne Roche trije kear efterinoar Michael Leahy, in fjouwerjierrich jonkje dat net prate of stean koe, yn 'e rivier de Flesk. De trêde kear ferdronk er. Doe't se foar har dieden foar de rjochter brocht waard, hold Roche by heech en by leech fol dat se inkeld besocht hie om 'e ierdgeast út Michael te driuwen dy't oerdúdlik it jonkje beset hie. De sjuery spriek har frij fan moard.
Yn 1895 waard in Bridget Cleary fermoarde troch ferskate lju, ûnder wa har man en neven, nei't se siik rekke wie (wierskynlik mei longûntstekking). De pleatslike ferhaleferteller Jack Dunne beskuldige har derfan dat se in wikselbern wie, mar it is twifelich oft har man Michael dat wier leaude, of dat er har yn in driftbui deasloech en letter sei dat er it leaude om syn straf te ûntrinnen. Hoe dan ek, de moardners bleaune derby dat se inkeld in wikselbern deade hiene, en net Bridget Cleary sels. Se waarden úteinlik feroardiele foar deaslach ynstee fan moard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |