The Searchers (film)

film út 1956 fan John Ford

The Searchers is in Amerikaanske Technicolor-westernfilm út 1956 ûnder rezjy fan John Ford, mei yn 'e haadrollen John Wayne en Jeffrey Hunter. De titel betsjut "De Sikers". It ferhaal giet oer oarlochsfeteraan Ethan Edwards, dy't nei de moard troch in troep Yndianen op 'e húshâlding fan syn broer Aaron mei syn oannommen omkesizzer Martin ôfset op in jierrenlange siiktocht nei syn ûntfierde omkesizzer Debbie. De film krige yn 'e 1950-er jierren fan 'e filmkritisy oer it algemien ridlik positive resinsjes, en ek wied er kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Tsjintwurdich wurdt The Searchers rûnom sjoen as ien fan 'e bêste westernfilms aller tiden, of sels as ien fan 'e bêste films aller tiden. Yn 1989 waard de film as ien fan 'e earste fiifentweintich opnommen yn it National Film Registry fan 'e Library of Congress, omreden fan kultureel, histoarysk en/of estetysk belang.

The Searchers
film
makkers
regisseur John Ford
produsint John Ford
útfierend
   produsint
Merian C. Cooper
senario Frank S. Nugent
basearre op de roman fan Alan Le May
kamerarezjy Winton C. Hoch
muzyk Max Steiner
filmstudio C.V. Whitney Pictures
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen John Wayne
Jeffrey Hunter
byrollen Vera Miles
Ward Bond
John Qualen
Olive Carey
Natalie Wood
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 maaie 1956
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
spyltiid 119 minuten
budget en resultaten
budget $3.750.000
opbringst ûnbekend

Yn 1868 keart Ethan Edwards nei in ôfwêzigens fan acht jier werom nei it boerespultsje fan syn broer Aaron yn 'e wyldernis fan noardlik Teksas. Hy hat yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) fochten, en hoewol't er net praat oer wat er yn 'e trije jier sûnt de ein fan dat konflikt útfûn hat, wurdt dúdlik dat er yn Meksiko meifochten hat tsjin 'e Frânske besetting fan dat lân. Hy hat in grutte hoemannichte goudene munten yn syn besit en in medalje dy't er krigen hat fan it Meksikaanske regear, dy't er oan syn acht jier âlde omkesizzer Debbie jout.

Koarte tiid nei syn de weromkear fan Edwards wurdt by Lars Jorgensen, in feeboer dêr yn 'e omkriten, troch Yndianen fee stellen. De pleatslike predikant, Samuel Clayton, dy't tagelyk ek de regionale kaptein fan 'e Texas Rangers is, stalt dêrop in posse gear en wol Edwards tydlik ynswarre as Texas Ranger, mar dyselde jout him te kennen dat er trou sward hat oan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika en dat er net twa masters tagelyk tsjinje kin. As de posse fjirtich myl fan hûs is, fine se de kij ôfslachte werom; it docht bliken dat de feedieverij net mear as in ôfliedingsmaneuver wie fan 'e Komantsjen om 'e mannen fuort te lokjen. As Edwards-en-dy by it spultsje fan Aaron Edwards weromkomme, stiet de blokhutte yn ljochte lôge. Aaron, syn frou Martha en harren jonge soan Ben binne dea, wylst Debbie en har âldere suster Lucy ûntfierd binne.

Nei in mei tûzen hasten holden begraffenis set de posse de efterfolging yn. Underweis ûntdekke se it grêf fan ien fan 'e krigers dy't by de oanfal op 'e pleats fan Aaron en Martha ferwûne rekke wie. Edwards iepenet it grêf en skeint it lyk. As se it kamp fan 'e Komantsjen ûntdekke, wol Edwards fuortendaliks in iepen oanfal útfiere, mar Clayton wol dêr neat fan hearre, om't soks de Yndianen de kâns jaan soe om 'e famkes te deadzjen. Dat ynstee beslûpe se it kamp, mar tsjin 'e tiid dat se der arrivearje, binne de Yndianen al fuort. As se it spoar fan 'e Komantsjen fierder folgje, ride se yn in mûklaach wêrby't se fan twa kanten ynsletten reitsje. Troch in rivier oer te stekken, witte se lykwols te ûntkommen.

Yn it gefjocht is ien fan 'e leden fan 'e posse slim ferwûne rekke, dat Clayton beslút mei him werom te kearen nei hûs. Neffens him hat er te min mannen om in iepen gefjocht mei de Komantsjen winne te kinnen, en tefolle om har temûk oer it mad te kommen. Edwards is it mei him iens, en hy is fan doel om allinnich fierder te gean, mar Martin Pawley, de oannommen broer fan 'e famkes, en Brad Jorgensen, Lucy har ferloofde, jouwe har by him. As Edward it spoar folget fan in stikmannich krigers dy't har fan 'e haadmacht ôfspjalten hawwe, ûntdekt er it stoflik omskot fan Lucy, dy't fermoarde en (sa wurdt suggerearre mar net sein) ferkrêfte is. Hy besiket dat geheim te hâlden foar de beide jongemannen, dy't ûnderwilens it spoar fan 'e haadmacht folge hawwe, mar lang om let komt it út. Dêrop wurdt Brad Jorgensen sa breinroer dat er fuortendaliks in frontale oanfal op it kamp fan 'e Komantsjen útfierd dat se krekt ûntdutsen hawwe, wêrby't er omkomt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As it winter wurdt, reitsje Edwards en Martin Pawley it spoar kwyt en ride werom nei de ranch fan 'e Jorgensens. Se hawwe mear as in jier op 'en paad west en Martin wurdt entûsjast ferwolkomme troch Laurie Jorgensen, Brad syn suster, dy't fereale op him is. By de Jorgensens is in brief foar Edwards efterlitten fan in keapman dy't Futterman hjit. Dyselde beweart ynformaasje te hawwen oer Debbie. Edwards, dy't leaver de hannen frij hawwe wol, set ier de oare moarns wer ôf, wylst Martin noch sliept. Martin ornearret lykwols dat Edwards neat om 'e rêding fan Debbie jout, mar inkeld wraak nimme wol op 'e Komantsjen. Hy beskôget himsels dêrom as de iennichste beskermer dy't Debbie hat. Laurie is lulk en teloarsteld dat er daliks wer fuort wol, mar tsjin betterwitten yn jout se him har eigen hynder.

Mear as in jier letter heart Laurie foar it earst wer wat fan Martin, dy't har in brief stjoert oer de eksploaten fan him en Edwards dat se lûdop foarlêst. By de hannelspost fan Futterman komme Edwards en Martin oan 'e weet dat Debbie ûntfierd is troch in opperhaad dat Scar hjit. Hy is de lieder fan 'e Nawyecka-troep fan 'e Komantsjen. Edwards hie in hege beleanning útlove foar ynformaasje dy't liede soe ta de befrijing fan Debbie, en hy seit Futterman ta dy útbetelje te sillen sadree't syn ynformaasje fertuten dien hat. Hy jout him in stikmannich goudstikken as 'oanbetelling'. Dy nachts wurde Edwards en Martin yn harren kamp oerfallen troch Futterman en trije trewanten, dy't blykber net sa lang op it jild wachtsje wolle. Edwards is har lykwols te slim ôf; mei't er soks al ferwachte hie, hat er by it kampfjoer in pear sealen yn syn tekken bewuolle, wylst er sels mei it gewear yn 'e oanslach yn it tsjuster ôfwachtet. As de oanfal komt, sjit er Futterman-en-dy dea, en nimt er it jild dat er jûn hie werom.

 
Samuel Clayton (Ward Bond) en Ethan Edwards (John Wayne) beseffe dat harren posse ynsletten is troch de Komantsjen.

Neitiid folgje Edwards en Martin it spoar fan 'e ynformaasje fan Futterman, dat harren nei it Yndiaansk Territoarium (it hjoeddeistige Oklahoma) liedt. Dêr dogge se har foar as in pear blanke keaplju dy't tekkens, huodden en klean oan 'e Yndianen ferkeapje wolle. Troch de taalbarriêre keapet Martin dêr op in kear by fersin in Komantsje-squaw om syn wiif te wurden, in ûntwikkeling dy't Edwards hilarysk fynt. De frou hjit Wylde Goes dy't yn 'e Nachtloft Fljocht, mar kriget troch in oar fersin de ropnamme 'Sjoch', om't Martin eltse sin dy't er tsjin har sprekt mei dat wurd begjint. As se úteinlik foar it ferstân kriget dat de mannen efter Scar oan sitte, naait se út, hoewol't se tekens efterlit dy't de mannen folgje kinne. It wurdt nea dúdlik oft se harren no yn in mûklaach besiket te lokjen of dat se harren helpe wol, want se fine har úteinlik dea werom by in diel fan 'e troep fan Scar dy't by in oanfal fan 'e Amerikaanske kavalery útmoarde is.

Mear as fiif jier nei't se mei harren syktocht úteinset binne, liedt it spoar Edwards en Martin nei Nij-Meksiko, dêr't se in âlde bekende treffe, Mose Harper, in man dy't ek diel útmakke fan 'e oarspronklike posse. Hy hat in Meksikaan fûn, in Emilio Gabriel Fernández y Figueroa, dy't wit wêr't Cicatriz, oftewol Scar, is. Sa fine se einlings dejinge dy't se sykje, en har op 'e nij foardwaand as keaplju geane se it kamp fan it opperhaad yn. Scar lit him lykwols net bedrage en wit fuortendaliks wa't er foar him hat. Yn it petear dat folget, komt te praat dat twa soannen fan Scar troch de blanken fermoarde binne, en dat er dêr gâns wraak foar nommen hat. Ien fan 'e froulju fan it opperhaad is de no fyftjinjierrige Debbie. Nei de moeting folget dy harren nei har kamp om har broer en omke te ferstean te jaan dat se no in Komantsje is en dat ek bliuwe wol. Edwards wol har leaver dea hawwe as dat se mei in Yndiaan omslacht en besiket har del te sjitten, mar Martin springt derfoar en beskermet har mei syn eigen lichem. Op dat stuit falle Scar en syn krigers oan en moatte de beide mannen sjen dat se fuort komme. By de oanfal rekket Edwards ferwûne, en hoewol't Martin him fersoarget, is er poerlulk op him om't er Debbie ombringe woe en winsket er him dea. Edwards is lykwols te taai om te stjerren en beide mannen keare werom nei hûs.

Underwilens hat Laurie Jorgensen nei mear as fiif jier de hoop opjûn dat Martin ea noch by har weromkomme sil. In oare jongeman, Charlie McCorry, hat nei har stike, en sy hat him tawurd jûn. De jûns dat Edwards en Martin thúskomme is ek de jûns dat de trouwerij fan Laurie en Charlie plakfine sil. Dat liedt ta slaanderij tusken Martin en de brêgeman, oant in senuweftige militêr, luitenant Greenhill, delkomt mei it nijs dat de troep fan Scar yn 'e omkriten sinjalearre is en oft de Texas Rangers ek helpe wolle by de ferdigening. It is dúdlik dat Scar-en-dy Edwards en Martin folge binne.

Clayton wachtet net op 'e kavalery, mar liedt syn mannen fuortendaliks dyselde jûns noch nei it kamp fan 'e Komantsjen ta. Edwards is op 'e nij foar in frontale oanfal en Clayton is it diskear mei him iens, mar hy stiet ta dat Martin foarôfgeande dêroan temûk it kamp ynglûpe sil om Debbie te sykjen. Martin wit har te finen, en as Scar harren oer it mad komt, sjit er dy dea. De skotten binne foar Clayton en de oaren it teken om it kamp binnen te fallen. Edwards ûntdekt dêr it lyk fan Scar en skalpearret dat. Dêrnei kriget er Debbie yn 'e rekken, dy't er op syn hynder efterneiset. Martin is bang dat er har op 'e nij besykje sil te deadzjen en draaft harren wanhopich efternei. As er har úteinlik byhelle hat, betinkt Edwards him lykwols; hy tilt har op, set har op syn hynder en seit: "Litte we nei hûs gean, Debbie." Se wurdt nei de ranch fan 'e Jorgensens brocht, dêr't Martin einlings weriene wurdt mei Laurie, no't sy en Charlie ôfsjoen hawwe fan harren foarnommen houlik.

 
John Wayne yn The Searchers.
 
Jeffrey Hunter.
 
Vera Miles.
 
Natalie Wood.

De film einiget mei in ikoanyske sêne wêryn't Ethan Edwards de ranch ferlit sa't er oan it begjin fan 'e film arrivearre is: allinne. De doar giet stadich efter him ticht en de it byld wurdt swart.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Ethan Edwards John Wayne
Martin Pawley Jeffrey Hunter


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Laurie Jorgensen Vera Miles
dûmny en kaptein Samuel Johnson Clayton Ward Bond
Lars Jorgensen John Qualen
frou Jorgensen Olive Carey
Debbie Edwards (âlder) Natalie Wood
opperhaad Cicatriz (Scar) Henry Brandon
Charlie McCorry Ken Curtis
Mose Harper Hank Worden
Brad Jorgensen Harry Carey jr.
Emilio Gabriel Fernández y Figueroa Antonio Moreno
Wylde Goes dy't yn 'e Nachtloft Fljocht / 'Sjoch' Beulah Archuletta
Aaron Edwards Walter Coy
Martha Edwards Dorothy Jordan
Lucy Edwards Pippa Scott
Ben Edwards Robert Lyden
Debbie Edwards (jonger) Lana Wood
luitenant Greenhill Patrick Wayne

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The Searchers waard regissearre troch John Ford nei in senario fan Frank S. Nugent op basis fan 'e roman The Searchers fan Alan Le May, út 1954. Ford wie ek as filmprodusint by it projekt belutsen foar de filmstudio C.V. Whitney Pictures. Der wie in budget fan $3.750.000 foar de film beskikber. Utfierend produsint wie Merian C. Cooper. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Winton C. Hoch en de filmmuzyk waard fersoarge troch Max Steiner.

 
Ethan Edwards (John Wayne) liedt de oanfal op it doarp fan opperhaad Scar.

Hoewol't The Searchers foar it meastepart spile op 'e Llano Estacado, in diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika dat it noardlike part fan Teksas beslacht, waard de film eins opnommen yn Monument Valley, op 'e grins fan Arizona en Utah. Behindiger stikjes waarden filme yn Mexican Hat (Utah) en yn Bronson Canyon by Los Angeles, wylst de sêne mei de keppel Amerikaanske bizons opnommen waard yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Searchers waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 16 maaie 1956 yn Chicago yn premiêre.

Histoaryske eftergrûn

bewurkje seksje

Ynspiraasjeboarnen

bewurkje seksje

Ferskate filmkritisy suggerearren nei it sjen fan The Searchers dat de film ynspirearre wêze moast troch de wiere ûntfiering fan 'e njoggenjierrige Cynthia Ann Parker troch Komantsje-krigers, dy't yn 1836 har famylje deaden en har wenplak yn noardlik Teksas plonderen by it Bloedbad fan Fort Parker. Hja brocht 24 jier troch as in Komantsje-squaw, troude mei in oarlochsopperhaad en krige trije bern, ûnder wa it ferneamde opperhaad Quanah Parker. Yn 1860 waard hja tsjin har wil 'rêden' (eins op 'e nij ûntfierd) troch de Texas Rangers.

 
Hoewol't The Searchers spile yn Teksas, it hjoeddeistige Oklahoma en Nij-Meksiko, waard er foar it meastepart opnommen yn it ymposante Monument Valley, op 'e grins fan Utah en Arizona.

Har omke, James W. Parker, spandearre (krekt as Ethan Edwards yn 'e film) in grut diel fan syn libben en fermogen oan wat in obsessive rêdingsaksje fan syn omkesizzer waard. De 'rêding' fan Cynthia Ann Parker by in oanfal fan op in Komantsje-doarp dy't bekend kaam te stean as de Slach oan 'e Pease, is fierders de úteinlike oanfal op it Komantsje-doarp yn 'e film hielendal net wanlyk. De namme dy't yn 'e film foar de clan fan Scar brûkt wurdt, Nawyecka (eins yn korrekte Komantsjyske stavering Noyʉhka), is ek deselde clan dy't ferantwurdlik wie foar de ûntfiering fan Cynthia Ann.

Nettsjinsteande al dy oerienkomsten hat letter bliken dien út 'e oerlevere oantekenings fan skriuwer Alan Le May foar syn roman (dêr't de film op basearre waard), dat de ûntfiering fan Cynthia Ann Parker mar ien wie fan 64 wiere gefallen fan njoggentjinde-iuwske ûntfierings yn Teksas fan blanke bern troch Yndianen, dy't er bestudearre hie. Ut 'e papierren komt oan it ljocht dat er it personaazje fan Ethan Edwards eins basearre op Brit Johnson, in kolonist dy't yn 1865 syn finzennommen frou en bern frijkocht fan 'e Komantsjen. Neitiid reizge Johnson teminsten nochris trije kear nei it Yndiaansk Territoarium (no Oklahoma) en Kansas ta, op 'e siik nei in oar ûntfierd famke, Millie Durgan of Durkin. Dat gie troch oant er yn 1871 troch in oarlochtroep fan 'e Kajowa deadien waard.

 
Martin Pawley (Jeffrey Hunter) beskermet Debbie (Natalie Wood) mei syn eigen lichem tsjin syn moardsuchtige omke Ethan (John Wayne).

De ein fan 'e film wykt justjes fan Le May syn roman ôf; yn it boek naait Debbie, dy't troch de Komantsjen 'Heahier' neamd wurdt, nei de oanfal op it doarp út foar sawol de Texas Rangers as de Yndianen, en wurdt se pas inkele dagen letter fûn troch Martin, nei't se derhinne fallen is fan útputting.

Rasserelaasjes

bewurkje seksje

Ien fan 'e wichtichste motiven yn The Searchers wurdt foarme troch de histoaryske opfettings fan 'e blanke kolonisten oer de Yndianen. John Ford wie net de earste regisseur dy't soks yn in film besocht wer te jaan, mar syn ôfskildering fan 'e ûnmeilydsume hâlding fan 'e blanken is skokkend, fral foar it filmpublyk út lettere generaasjes, dy't faak in wat behimmele byld fan 'e sitewaasje yn 'e tiid fan it Wylde Westen hawwe. De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert skreau dêroer: "Ik tink dat Ford, wat knoffelich of sels senuweftich, besocht om in rasisme wer te jaan dat genoside goedprate." De kearn fan dat diel fan 'e film is it optreden fan John Wayne as de lulke, wrokjende Ethan Edwards, dy't fan begjin ôf oan dúdlik mear út is op wraak op 'e Komantsjen dy't ferantwurdlik binne foar it deadzjen fan 'e húshâlding fan syn broer as op 'e befrijing fan syn oerlibjende omkesizzer.

 
Ethan Edwards (John Wayne) en Samuel Clayton (Ward Bond) krije spul om't Clayton Edwards derfan ôfhâlde wol om 'e Yndianen te besjitten as dy harren ferwûnen besykje te evakuëarjen.

Yn in fraachpetear dat yn 1964 yn it tydskrift Cosmopolitan ferskynde, sei Ford dêr sels oer: "Der sit wierheid yn 'e bewearing dat de Yndiaan yn 'e western net akkuraat of earlik ôfbylde is, mar oan 'e oare kant is dy beskuldiging ek in brede generalisearring en faak ûnearlik. De Yndiaan ferwolkomme de blanke net […] en dat boadskip brocht er net diplomatyk oer […]. As er troch blanken ûnearlik behannele is yn films, dan wie dat, spitigernôch, yn it wiere libben net oars. Der bestiene in protte rasistyske foaroardielen yn it Wylde Westen." Filmhistoarikus Ed Lowry wiisde derop dat Ford de Komantsjen yn The Searchers dan wol ôfskilderet as folslein ûnmeilydsum, mar dat er harren tagelyk ek de weardichheid fan in grutske beskaving tapartet en motivaasjes jout foar harren hanneljen, wat yn oare westerns faak ûntbriek. Net ien misdie dy't yn The Searchers troch de Yndianen begien wurdt, is slimmer as de misdieden dy't yn 'e film troch de blanken begien wurde.

In mei it rasisme gearhingjend tema fan 'e film is rasseferminging, dêr't allegeduerigen mei walging nei ferwiisd wurdt. Al fuort oan it begjin fan 'e film kriget Martin Pawley in soere blik fan Ethan Edwards as er tajout dat er in achtstepart Sjeroky is. Edwards wol syn omkesizzer Debbie leaver deameitsje as talitte dat se mei in Komantsje-kriger gearlibbet (en, sa is de ymplikaasje, seksuele omgong hat). Hoewol't de ferkrêfting fan finzennommen blanke froulju troch Yndiaanske krigers nearne yn 'e film sjen litten, noch mei safolle wurden neamd wurdt, is dat sinneklear ien fan 'e liedende motiven.

 
Natalie Wood as Debbie Edwards.

By it útkommen ûntfong The Searchers oer it algemien ridlik positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa omskreau it tydskrift Variety de film as "knaphandich makke en yn 'e tradysje fan Shane", mar ek "wat teloarstellend" fanwegen de lange spyldoer en de werheljendheid. Neffens it blêd wie it karakteristike stimpel dat regisseur John Ford op 'e film drukt hie, "ûnmiskenber". Dêr heakke it lykwols efteroan dat dat net genôch wie om "in protte fan 'e swakten fan it ferhaal te boppe te kommen." The Monthly Film Bulletin skreau: "Hoewol't [de film] net konsekwint de heechste standerts fan Ford hellet, is The Searchers perfoarst de bêste western sûnt Shane." Bosley Crowther fan The New York Times hie in protte lof foar The Searchers, mar hie krityk op it werheljende karakter fan 'e omdoarmings fan Edward en Pawley, en teffens fûn er dat it tempo fan 'e film te heech lei. Fierders fûn er dat tefolle fan 'e sabeare bûtendoarsênes oerdúdlik yn in studio opnommen wiene.

Lettere beoardielings skatten The Searchers in stik heger yn as de oarspronklike resinsjes. Sa joech Jean-Luc Godard de film yn 1963 yn syn essay Pick the 10 Best American Films Ever Made it fjirde plak, nei Scarface (1932), The Great Dictator (1940) en Vertigo (1958). It Amerikaanske Filmynstitút (AFI) parte The Searchers yn 2008 it earste plak ta yn syn top 10 fan bêste westerns. En yn 'e tsienjierrige opinypeiling fan it Britsk Filmynstitút (BFI) oer de bêste films aller tiden naam The Searchers yn 1972 it 18e plak yn; yn 1992 it 5e plak; yn 2002 it 11e plak; en yn 2012 it 7e plak. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Searchers in tige heech goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 46 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in epyske John Wayne-western dy't in tsjustere tsjinstridichheid yn it sjenre yntrodusearret, dy't ek yn moderne westerns noch faak foarkomt."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.