Jesaja (bibelboek)
Jesaja, yn it oarspronklike Hebriuwsk: ישעיהו, Yěšayahu, is in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is Jesaja it 10de boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 23ste boek (fan 39) en heart it ta de Grutte Profeten. Yn it boek Jesaja binne in rige profesijen optekene, wêryn't earst de ein fan it keninkryk Juda foarsein wurdt en dêrnei de restauraasje fan 'e Israelityske steat yn 'e foarm fan in glorieus takomstich keninkryk fan God. De earste folsleine Fryske oersetting fan Jesaja stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Jesaja | ||
In fragmint fan it âldste oerlevere hânskrift fan Jesaja, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Deade-Seerôlen. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | ישעיהו ("Yešayahu") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk, Arameesk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 7e – 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Heechliet | |
● folgjend diel | Jeremia | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Jesaja | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Oarsprong
bewurkje seksjeNeffens de tradysje soe de Judeeske profeet Jesaja (±740-687 f.Kr.) it nei him neamde boek skreaun hawwe, mar op grûn fan tekstûndersyk sjocht de moderne bibelwittenskip Jesaja as in kompilaasje fan skriuwwurk út trije ûnderskate perioaden. It earste part, dat men Proto-Jesaja (Jes. 1-39) neamt, omfettet de eigentlike profesijen fan 'e Jesaja mei oanfollings en útlis dy't yn 'e sânde iuw f.Kr. tafoege is. It twadde part, Deutero-Jesaja (Jes. 40-55), is it wurk fan in auteur út 'e sechsde iuw f.Kr., dy't om 'e ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip (538 f.Kr.) hinne skreau. En it trêde part, Trito-Jesaja (Jes. 56-66) is gearstald yn Jeruzalim, koart nei't de Joaden út 'e ballingskip weromkeard wiene, nei alle gedachten troch mear as ien skriuwer.
Ynhâld
bewurkje seksjeProto-Jesaja (h. 1-39)
bewurkje seksjeYn Jes. 1-5 en 28-29 foarseit de profeet it oardiel oer Juda. De Judeeërs miene dat se feilich binne fanwegen harren ferbûn mei God, mar troch de profeet warskôget God harren dat it ferbûn har net beskermje kin as hja it sels ferbrutsen hawwe troch oare goaden te ferearjen en troch dieden fan ûnrjocht en wredens út te heven dy't tsjin 'e wet fan God yngeane. Jes. 6 beskriuwt hoe't Jesaja derta roppen waard om profeet te wurden. Yn Jes. 7-23 profetearret er tsjin 'e fijannen fan Juda, wylst yn Jes. 24-34 de komst fan 'e messias foarsein wurdt (it is dizze passaazje dêr't de kristenen de measte wearde oan hechtsje en dêr't yn harren Nije Testamint ferskate kearen nei ferwiisd wurdt). Jes. 36-39, ta ein beslút, geane oer de oerwinning op 'e Assyriërs troch de Judeeske kening Hizkía en dy syn betrouwen op God. Proto-Jesaja einiget mei Jesaja syn foarsizzing fan 'e Babyloanyske Ballingskip.
Deutero-Jesaja (h. 39-55)
bewurkje seksjeDe profeet foarseit de ferlossing fan 'e Joaden út 'e macht fan 'e Babyloaniërs en harren weromkear nei it Unthjitten Lân. De status fan 'e Joaden as it útkarde folk fan God wurdt befêstige en teffens dat God sawol harren nasjonale god is as de iene god dy't oer hiel it hielal regearret. De Perzyske kening Koaresj (Syrus de Grutte) wurdt oantsjut as de messias dy't it Babyloanyske Ryk ûnder fuotten helje sil en de weromkear fan 'e Joaden út harren ballingskip mooglik meitsje sil (it liket derop dat Deutero-Jesaja hjirby beynfloede is troch de propaganda fan Syrus en dy syn oanhingers sa't dy oerlevere is yn 'e saneamde Syrussylinder, mei't der treffende oerienkomsten tusken de beide teksten binne — al hat de Syrussylinder it fansels net oer de God fan Israel, mar oer de Mesopotamyske god Mardûk). Fierders jout de profeet noch in beskriuwing fan 'e takomstige gloarje fan Sion.
Trito-Jesaja (h. 56-66)
bewurkje seksjeMei't Trito-Jesaja gjin ienheid, mar in samling fan in stik as tolve losse passaazjes is, rint de ynhâld nochal útinoar. Der is in opbychting fan sûnde en in smeekbea oan God om net foar ivich lulk te bliuwen; in gedicht dat as tema hat dat God gjin ierdske timpel brek is om't de himel syn troan en de ierde syn fuotskammel is; fersen dêr't de betingsten yn útienset wurde om talitten te wurden ta de mienskip; klaachlieten oangeande sûnde, ûnbekwamens en heidendom; en in útlis oer hoe't ûnderskie makke wurde kin tusken de "rjochtfeardigen" en de "sûnders", wêrmei't foarútrûn wurdt op in opdieling yn dy beide kategoryen dy't yn it lettere joadendom en it iere kristendom tige algemien wurde soe.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeGerben Colmjon sette yn 1863 in fragmint út Jesaja oer yn it Frysk (Jes. 49:15), dat útjûn waard as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1918 publisearre dû. Geart Aeilco Wumkes yn it tydskrift Yn ús eigen tael in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Jesaja 40:27-31, dat er it jiers dêrop ek útjoech as ûnderdiel fan syn Ut 'e Heilige Dobbe, yn 'e mande mei it hiele haadstik Jesaja 6 en de fragminten Jes. 11:1-9, 14:4-15 en 40:12-17. De earste folsleine útjefte fan Jesaja stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Jesaja waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en Bibliography, op dizze side. |