Nahum (bibelboek)

Nahum, yn it oarspronklike Hebriuwsk: נחום, Naḥum, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Nahum in bibelboek op himsels, it 34ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).

Nahum
algemiene gegevens
oarspr. titel נחום ("Naḥum")
auteur Nahum
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 8e7e iuw f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Micha
● folgjend diel Habakuk
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Nahum
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

It boek Nahum omfettet de profesijen fan 'e profeet Nahum, oer wa't inkeld bekend is wat der oanjûn stiet yn Nah. 1:1, nammentlik dat er ôfkomstich wie út Elkosj. Bibelwittenskippers hawwe dy plaknamme besocht te identifisearjen mei ferskillende bekende plakken, wêrûnder it moderne Alqush fan noardlik Irak en Kapernaüm yn Galileä. Nahum is nei gedachten skreaun yn Jeruzalim, de haadstêd fan it suderryk Juda, dêr't de profeet mooglik as in balling út it noarderryk Israel ferkearde, mar wannear krekt, dêr is men it net oer iens. Guon saakkundigen miene ûnder it regear fan kening Achaz, yn 'e achtste iuw f.Kr.; oaren hâlde it op 'e twadde helte fan it regear fan kening Hizkía, yn 'e iere sânde iuw f.Kr. Wer oaren wolle hawwe, it boek is skreaun koart nei de ferovering en ferwuostging fan 'e Assyryske haadstêd Ninevé troch de Meden en de Babyloaniërs, yn 612 f.Kr. Dy lêste teory liket it stekhâldendst te wêzen, mei't Nahum yn 'e tekst de ferwuostging fan 'e Egyptyske stêd No-Amon (Tebe) troch de Assyriërs, yn 663 f.Kr., neamt en (it lot fan) dy stêd ferliket mei (dat fan) Ninevé. De earste folsleine Fryske oersetting fan Nahum stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

In stânbyld fan 'e profeet Nahum op 'e Tsjerke fan 'e Goede Jezus fan Matosinhos, te Congonhas, yn Brazyljaanske steat Minas Gerais.

It boek Nahum bestiet út twa dielen. Yn Nah. 1 giet de profeet yn op 'e macht en majesteit fan God, dy't er werjout yn in alfabetyske psalm (Nah. 1:2-8), folge troch koarte profesijen tsjin Ninevé, tsjin Juda en tsjin 'e kening fan Ninevé (Nah. 1:9-14). Yn Nah. 2-3 profetearret er oer de fal fan Ninevé yn 612 f.Kr. Ninevé wurdt dêrby ferlike mei it Egyptyske No-Amon (Tebe), in stêd dy't de Assyriërs sels yn 663 f.Kr. ferwuostge hiene. Nahum beskriuwt it belis en de panikerige opskuor ûnder de Assyryske troepen as hja om 'e nocht besykje en hâld de feroverders fan Ninevé tsjin. Yn dichterlike foarm wurdt er in dielnimmer oan 'e slach en mei subtile irony blaft er befellen nei de ferdigeners. Ninevé ferliket er op spotske toan mei in liuw, wat ferwiist nei de liuw as in Assyrysk symboal fan macht. De profeet beslút mei in spotliet en in rouklacht oer de oansteande ferwuostging fan Ninevé, de ferdylging fan 'e Assyryske befolking en de ferjitnis fan 'e ienris sa grutte Assyryske feroverder-kenings.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Nah. 1:2-8 út. De earste folsleine útjefte fan Nahum stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Nahum waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering