Taheakken op it Boek Daniël
De Taheakken op it Boek Daniël binne trije lettere tafoegings oan Daniël, dat in boek is fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Fan dy trije tafoegings, te witten Azarja (of it Liet fan Azarja), Suzanne en Bel en de Draak, binne de lêste beide inkeld yn it Gryksk oerlevere en net ien fan trijen steane se yn 'e joadske Tenach. Likemin meitsje se diel út fan it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel sa't dat yn 'e bibels gearstald is dy't yn gebrûk binne by de protestantske denominaasjes, mei't de protestanten se apokryf achtsje (al lit de Anglikaanske Tsjerke se yn syn bibels wol ôfprintsje, mar inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, hearre dizze tafoegings wol ta de kanon en meitsje se gewoan ûnderdiel út fan it boek Daniël. En yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken, dy't de gearstalling fan 'e Septuaginta, de iere Grykske bibeloersetting, oanhâlde, is dat krekt-en-gelyk. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 wurde de Taheakken op it Boek Daniël fermeld by de apokrife boeken as in bylaach by it Alde Testamint.
Azarja, dat yn bibels dy't it as kanonyk beskôgje in passaazje yn Daniël 3 foarmet (folgjend op Daniël 3:23), omfettet it gebed fan 'e Joadske balling Azarja, in koarte oergong fan proaza en de lofsang fan him en syn beide maten Chananja en Misjael. Suzanne, dat as ûnderdiel fan 'e kanon as haadstik 13 efter it boek Daniël oan plakt wurdt, fertelt it ferhaal fan 'e frou mei deselde namme, dy't troch twa âldere rjochters ferge wurdt om seksuële omgong mei harren te hawwen, mar wegeret, en krekt op 'e tiid rêden wurdt. En Bel en de Draak, ta ein beslút, dat yn roomske en easters-otterdokse bibels as haadstik 14 fan it boek Daniël op Suzanne folget, is opboud út trije ûnderskate ferhalen, twa dêr't Daniël de ôfgoadetsjinst fan 'e Babyloaniërs yn bestriidt en in trêden wêryn't Daniël yn 'e liuwekûle smiten wurdt, en rêden wurdt mei help fan 'e profeet Habakuk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|