Ted Kennedy
Ted Kennedy (folút: Edward Moore Kennedy; Boston, 22 febrewaris 1932 – Hyannis Port (Massachusetts), 25 augustus 2009), wie in Amerikaansk jurist en politikus fan roomsk Iersk komôf. Hy wie de jongere broer fan 'e Amerikaanske presidint John F. Kennedy en fan minister fan Justysje Robert Kennedy, dy't allebeide, yn 1963 resp. 1968 by in moardoanslach omkamen. Ted Kennedy siet hast 47 jier lang, fan 1962 oant 2009, foar de steat Massachusetts yn 'e Amerikaanske Senaat, al hie syn politike karriêre slim te lijen fan it saneamde Chappaquiddick-ynsidint, in auto-ûngemak yn 1969, dat resultearre yn 'e dea fan syn passazjier, Mary Jo Kopechne. Kennedy stie bekend om syn feardichheden as sprekker, en teffens om syn frijsinnige politike gedachteguod, dat him op 'e lofterfleugel fan 'e Demokratyske Partij pleatste. Hy stoar yn 2009, yn 'e âlderdom fan 77 jier, oan in harsenstumor.
Ted Kennedy | ||
politikus | ||
echte namme | Edward Moore Kennedy | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 22 febrewaris 1932 | |
berteplak | Boston (Massachusetts) | |
stjerdatum | 25 augustus 2009 | |
stjerplak | Hyannis Port (Mass.) | |
dynasty | Kennedy-famylje | |
etnisiteit | Iersk | |
partij | Demokratyske Partij | |
ûnderskiedings | Pres. Frijheidsmedalje 2009 | |
Amerikaansk senator foar Massachusetts | ||
amtsperioade | 1962 – 2009 | |
foargonger | Benjamin A. Smith II | |
opfolger | Paul G. Kirk |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeTed Kennedy waard yn 1932 berne yn Boston, yn 'e steat Massachusetts, as it jongste fan njoggen bern yn it gesin fan sakeman en politikus Joe Kennedy (1888-1969) en filantrope Rose Elizabeth Fitzgerald (1890-1995). Hy hie trije bruorren en fiif susters. Syn âldste broer Joe Kennedy kaam om yn 'e Twadde Wrâldoarloch, syn twadde broer wie John F. Kennedy, de lettere presidint dy't yn 1963 fermoarde waard, en syn trêde broer wie Robert Kennedy, dy't minister fan Justysje waard en yn 1968 krektlyk by in oanslach it libben liet.
Mei't it gesin gauris ferhuze, hie Ted Kennedy op tsien ferskillende skoallen sitten tsjin 'e tiid dat er alve jier wie. Syn âldelju bedoaren him as jongste bern, mar druiden him ek allegeduerigen yn hoe ûngeunstich oft er ôfstiek tsjin syn âldere bruorren. De middelbere skoalle folge er oan 'e Milton Academy, te Milton, yn Massachusetts. Nei't er yn 1950 syn skoaldiploma helle hie, studearre er oan 'e Universiteit fan Harvard, te Cambridge, ek yn Massachusetts, dêr't er yn maaie 1951 fan skoalle stjoerd waard om't er in oare studint syn plak ynnimme litten hie by in eksamen Spaansk. Syn ûntstelde âldelju waard ferteld dat er neffens de regels dy't Harvard foar alle studinten hantearre, mei in pear jier fersykje koe om op 'e nij talitten te wurden, mitsdat er yn 'e tuskentiid goed gedrach toand hie.
Sadwaande naam Kennedy doe earst tsjinst yn it Amerikaanske Leger (dêr't er him opjoech foar in perioade fan in opsjonele fjouwer jier, dat ferkoarte waard ta de minimale twa jier nei tuskenkomst fan syn heit). Yn it leger tsjinne er by de militêre plysje, fan juny 1952 ôf op it NATO-haadkertier yn Parys. Syn heite ynfloed kaam foar dat er yn 'e Koreä-oarloch hoegde te fjochtsjen. Wylst er Jeropa wie, reizge er yn syn wykeinen en ferloftiid gâns in protte, en beklom er û.o. de berch de Matterhorn. Nei't er yn maart 1953 earfal ôfswaaid wie, waard er op 'e nij ta Harvard talitten, dêr't er diskear better syn bêst die en yn 1956 ôfstudearre mei in bachelorstitel yn skiednis en bestjoer. Fan 1956 oant 1959 studearre er oan 'e rjochteskoalle fan 'e Universiteit fan Firginia, yn Charlottesville, dêr't er ôfstudearre as in master yn de rjochten.
Politike karriêre
bewurkje seksjeIere politike karriêre
bewurkje seksjeYn 1960, doe't syn broer John F. Kennedy meidie oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings, runde Ted Kennedy de kampanje yn 'e westlike steaten. Yn 1962 stelde er him mei de minimumâldens fan tritich jier kandidaat foar de senaatssit foar Massachusetts, dy't syn broer John opjaan moatten hie doe't er presidint waard, en dy't yn 'e tuskenlizzende twa jier foar him waarmholden wie troch Ben Smith, in freon fan 'e Kennedy-famylje. Yn 'e Demokratyske foarferkiezing fersloech er earst Edward J. McCormack jr., de steatsminister fan Justysje fan Massachusetts, dy't it grutste part fan 'e partijlieding oan syn kant hie en oan 'e kiezers fertelde dat syn rivaal dan Edward Moore Kennedy hjitte mocht, mar dat dat net betsjutte dat der nei in Kennedy as presidint en ien as minister fan Justysje noch "mear" (Moore) Kennedys by moasten. By de eigentlike ferkiezings, yn novimber, fersloech Kennedy de Republikeinske kandidaat George Cabot Lodge II, in lid fan in oare ferneamde Massachusettser famylje fan politisy. Kennedy soe de senaatssit foar Massachusetts krapoan 47 jier yn besit hâlde, oan syn ferstjerren yn 2009 ta.
As senator ûntjoech Kennedy him rillegau ta in progressyf en frijsinnich politikus, dy't it grutste part fan syn karriêre op 'e lofterfleugel fan 'e Demokratyske Partij operearre. Hy wie ek in begenedige iepenbier sprekker, dy't datoangeande freze waard troch syn fijannen. Al rillegau nei de moard op syn broer John F. Kennedy die bliken dat er net mei dy syn opfolger, Lyndon B. Johnson, troch ien doar koe. Nei't yn 1968 syn broer Robert Kennedy fermoarde wie nei't dy him kandidaat steld hie foar de Demokratyske nominaasje foar it presidintskip (wêrmei't er it tsjin 'e sittende Demokratyske presidint Johnson yn 'e kant sette), waard der fan alle kanten druk útoefene op Ted Kennedy om him yn Robert syn plak kandidaat te stellen. Hy fielde der lykwols neat foar om inkeld as ferfanger foar syn deade broer te fungearjen, en wegere. Doe't de Republikeinske kandidaat Richard Nixon de ferkiezings fan Johnson syn fise-presidint Hubert Humphrey wûn, wie de algemiene ferwachting dat Ted Kennedy mei fjouwer jier, yn 1972, de wichtichste Demokratyske kandidaat wêze soe. Mar dat rûn oars.
It Chappaquiddick-ynsidint
bewurkje seksjeOp 'e jûn fan 18 july 1969 joech Kennedy op it eilantsje Chappaquiddick, fuortby it fakânsje-eilân Martha's Vineyard, foar de kust fan Massachusetts, in feestje foar de saneamde Boiler Room Girls, de jonge froulju dy't it jiers tefoaren oan Robert Kennedy syn ferkiezingskampanje meiwurke hiene. De troude Ted Kennedy ferliet it feest op in stuit yn syn auto mei ien fan 'e froulju, de 28-jierrige Mary Jo Kopechne, by him. Underweis ried er lykwols by de Dike Bridge troch, de kreek de Poucha Pond yn. De auto kaam op 'e kop yn it wetter telâne en Kennedy wist as iennichste út it fiertúch te ûntsnappen. Nei eigen sizzen doek er sân of acht kear om Kopechne út 'e auto te befrijen, oant er úteinlik ta de konklúzje kaam dat se al dea wêze moast, om't se nea sa lang sûnder lucht kinnen hie. Dêrop swom er nei de kant en gie nei hûs ta sûnder it ûngelok by de autoriteiten te melden of fierdere help te sykjen.
De oare moarns skille er de plysje, mar doe wie it wrak mei Kopechne har stoflik omskot deryn al ûntdutsen. By de dêropfolgjende rjochtsaak, op 25 july, bekende Kennedy skuld oan it ferlitten fan it plak fan in ûngelok en krige er twa moanne finzenisstraf mei betingst. Hy ûntstried lykwols dat er dronken west hie of dat der yntimiteiten tusken him en Kopechne foarfallen wiene. Hy frege de befolking fan Massachusetts oft er oanbliuwe of opstappe moast as senator; doe't de reäksjes dy't er krige yn mearderheid posityf wiene, kundige er oan dat er senator bliuwe soe en him it folgjende jiers wer ferkiesber stelle soe. It Chappaquiddick-ynsidint, sa't it barren kaam te hjitten, lei lykwols foargoed it near op syn plannen om mei te dwaan oan 'e presidintsferkiezings. De iennichste kears dat er dat dochs besocht, yn 1980, waard er yn 'e Demokratyske foarferkiezings mei in romme marzje ferslein troch de sittende presidint Jimmy Carter.
Lettere politike karriêre
bewurkje seksjeYn 'e santiger jierren kante Kennedy him fûleindich oan tsjin 'e polityk dy't it regear fan presidint Nixon oangeande de Fjetnamoarloch fierde, en teffens stelde er him op it mêd fan 'e Boargeroarloch yn Noard-Ierlân wisberet op oan 'e kant fan 'e republikeinen (d.w.s. de roomske Noardieren dy't oansluting by Ierlân beävensearje woene), wêrby't er in langjierrige gearwurking oangie mei de Social Democratic and Labour Party fan 'e lettere Nobelpriiswinner John Hume. Fierders sette er him yn foar it opheffen fan 'e rasseskieding yn 'e skoalbussen yn Massachusetts, wat him yn 1974 op in konfrontaasje mei poerlulke blanke âldelju kaam te stean, wêrby't er sels licht mishannele waard. Dochs waard er yn 1976 werkeazen as senator mei 69% fan 'e stimmen.
De jierren ûnder it regear fan Jimmy Carter wiene dreech foar Kennedy, want al wiene se allebeide Demokraten, dochs koene se net rjocht mei-inoar oer de wei. De jierren tachtich, doe't de Republikeinen sawol it presidintskip as de mearderheid yn it Amerikaanske Kongres yn 'e hannen hiene, wiene wat dat oangie eins makliker, mei't er him doe net mear hoegde yn te hâlden. Under it regear fan 'e aartskonservative Ronald Reagan ûntpopte Kennedy him ta in foarfjochter fan frouljus- en homorjochten en nukleêre ûntwapening. Ek knope er relaasjes oan mei ferskate Republikeinske senators om Reagan safolle mooglik yn 'e tsjillen te riden.
Yn 'e njoggentiger jierren wie Kennedy in trou bûnsmaat fan Bill Clinton. Syn earste serieuze útdaging by de Senaatsferkiezings kaam yn 1994, doe't er it tsjin in jonge Mitt Romney opnimme moast en it nei in lang ûnwis bleaune útkomst úteinlik mei 58% fan 'e stimmen wûn. Under it Lewinsky-skandaal wied er Clinton in hiele stipe, en ûnder de lang omstriden útkomst fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2000 yn Floarida stied er pal efter de Demokratyske kandidaat Al Gore. Nei't de striid úteinlik yn it foardiel fan 'e Republikein George W. Bush besljochte wie, wurke Kennedy mei dyselde gear by in herfoarming fan it ûnderwiis, al rekke er datoangeande letter desyllúzjonearre en beskuldige er Bush der yn 2003 fan dat dy syn wurd net holden hie. Nei de oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon, op 11 septimber 2001, stipe Kennedy de oarloch tsjin it Taliban-rezjym yn Afganistan, mar hy wie in fûleindich tsjinstanner fan de Twadde Golfoarloch tsjin Irak.
Priveelibben
bewurkje seksjeFleantúchûngelok
bewurkje seksjeOp 19 juny 1964 wie Kennedy in passazjier yn in priveefleantúch dat mei min waar fan Washington, D.C. nei Massachusetts fleach. It stoarte koart foar de lâning del yn in apelwyngerd yn Southampton, yn westlik Massachusetts. De piloat en Edward Moss, ien fan Kennedy syn assistinten, kamen dêrby om. Kennedy sels waard troch syn mei-senator Birch Bayh út it fleantúchwrak skuord en brocht moannen yn it sikehûs troch fanwegen in slimme rêchferwûning, in trochboarre long, brutsen ribben en ynterne bliedings. Hy hold der de rest fan libben groanyske pinerêch oan oer.
Earste houlik
bewurkje seksjeWylst er noch rjochten studearre, mette Kennedy by in taspraak dy't er yn oktober 1957 joech oan it Manhattanville College te Purchase, yn New York, Joan Bennett, dy't dêr studearre. Hja wie in model en hie ferskate skientmewedstriden wûn, mar hie gjin weet fan wat der omgie yn 'e polityk. Nei't se har ferloofd hiene, waard sy senuweftich en woe se tebekklauwe, mar ûnder druk fan Kennedy syn heit waard it houlik trochset, en it pear troude op 29 novimber 1958 yn 'e Sint-Joazeftsjerke yn Bronxville, yn 'e steat New York. Se krigen trije bern: Kara Kennedy (1960-2011), Ted Kennedy jr. (1961) en Patrick J. Kennedy (1967). Nei de dea fan syn bruorren naam Ted Kennedy ek de rol fan pleatsferfangend heit op him foar de beide bern fan John F. Kennedy en de alve bern fan Robert. Neffens guon berjochten stelde er yn 1968 ek foar Jackie Kennedy dy har houlikskontrakt op mei har twadde man Aristoteles Onassis.
Mids sechtiger jierren wie Kennedy syn houlik yn swierwaar rekke fanwegen syn eigen oanhâldende skeanskermjen en Joan har oanboazjende alkoholisme. Yn 1973 waard by Kennedy syn soan Ted, dy't doe tolve jier wie, kreakbienkanker fêststeld. Ien fan syn skonken waard amputearre en de jonge ûndergie in lange, drege, twa jier duorjende eksperimintele behanneling. In healjier nei ôfrin dêrfan stied er wer op 'e skys. Kennedy syn oare soan Patrick litte oan swiere astma-oanfallen. De sûnensswierrichheden fan har bern makken it der net makliker op foar de dochs al fragile Joan, dy't ferskate kearen yntsjekte yn ôfkickkliniken foar alkoholisten, en teffens in kear arrestearre waard nei in auto-ûngemak om't se dronken efter it stjoer sitten hie. Kennedy en de frou skieden yn 1977 fan tafel en bêd, al ferskynden se noch wol tegearre yn it iepenbier. Yn 1982 skieden se ek foar de wet; oer it algemien ferrûn dat sûnder slimme rûzje, en Joan ûntfong by de skikking $4 miljoen.
De wylde jierren tachtich
bewurkje seksjeNei de skieding fan syn earste frou libbe Kennedy der mar wat hinne. Syn gewicht jojode op en del, bytiden dronk er as wie der gjin nee te keap (hoewol net as dat ynfloed hawwe koe op syn optreden yn 'e Senaat), en hy krige readige plakken op syn pofferige wangen. Op syn dronkemanseksploaten waard er gauris beselskippe troch senator Chris Dodd. Teffens siet er allegeduerigen efter de froulju oan. Twaris yn 1985 wie der sprake fan dronkene ynsidinten yn restaurants yn Washington, D.C. dêr't froulju by belutsen wiene. Ien fan dy beide kearen gie it om ûnwinske yntimiteiten mei in servearster. Yn 1987 waarden Kennedy en in jonge lobbyiste yn in efterkeamer fan in restaurant trappearre wylst se beide heal ûntklaaid wiene. Yn dy snuorje begûn Kennedy syn priveelibben mear belangstelling te lûken as syn politike karriêre. Yn 1989, doe't er op fakânsje yn Jeropa wie, waard er dêr oeral hjitfolge troch de paparazzy, dy't him fotografearren wylst er seksuële omgong hie op in motorboatsje.
De saak-Smith
bewurkje seksjeUnder it Peaske-wykein fan 1991, dat Kennedy mei de rest fan Kennedy-clan trochbrocht yn it fakânsjehûs fan 'e famylje yn Palm Beach, yn Floarida, gied er mei syn soan Patrick en syn omkesizzer William Kennedy Smith nei in pleatslik kafee ta. De beide jongemannen pikten dêr twa froulju fan harren jierren op, Michelle Cassone en Patricia Bowman. Cassone en Patrick Kennedy brochten de nacht yn it Kennedy-hûs troch, mar Smith en Bowman giene it strân op, dêr't se seksuële omgong hiene wêrfan't Smith sei dat it mei mienskiplike ynstimming barde, wylst Bowman úthold dat hja ferkrêfte wie. De pleatslike plysje woe de saak pas ûndersykje doe't de media der lucht fan krigen; rillegau begûnen boarnen dy't bannen hiene mei de Kennedys negative ynformaasje te fersprieden oer Bowman har eftergrûn. It kaam ta in op 'e tillefyzje útstjoerde rjochtsaak dêr't in elk wol in miening oer hie, en úteinlik waard Smith frijsprutsen fan ferkrêfting.
Hoewol't Ted Kennedy mar sydlings by dizze saak belutsen wie, die it syn imago hoegenamt gjin goed, en waard er nei oanlieding derfan ûnderskate kearen ûnmeilydsum op 'e hak nommen yn tillefyzjeprogramma's as The Tonight Show en yn tydskriften as Time en Newsweek. Yn septimber 1991 besocht it Republikeinske regear fan presidint George H.W. Bush de beneaming fan Clarence Thomas as lid fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf dertroch te drukken. In moanne letter kaam oan it ljocht dat Thomas de juriste Anita Hill lestich fallen hie mei ûnwinske ymtimiteiten. Dêrop waard de man fan alle kanten oanfallen, mar Ted Kennedy koe dêr neat ta dwaan fanwegen syn eigen reputaasje op dat mêd, en troch de saak-Smith. In protte fan syn oanhingers beskôgen syn swijen yn dizze kwestje as syn grutste politike falen.
Twadde houlik
bewurkje seksjeUnderwilens hie Kennedy by in formeel diner op 17 juny 1991 de 22 jier jongere Victoria Anne Reggie met, in skieden mem mei twa bern, dy't in dochter wie fan Edmund Reggie, in rjochter út Louisiana dy't in âlde bûnsgenoat fan 'e Kennedys wie. Hja begûnen mei-inoar om te gean, ferloofden har yn maart 1992, en trouden op 3 july fan dat jier yn McLean, yn Firginia. Mei Vicki har help wist Kennedy net inkeld syn priveelibben, mar ek syn politike karriêre te stabilisearjen. Hja bleaune byinoar oant syn ferstjerren, santjin jier letter.
Ferstjerren
bewurkje seksjeBy de Demokratyske foarferkiezings foar it presidintskip, yn 2008, stipe Kennedy Barack Obama. Mar noch foar't it pleit besljochte wie, krige er op 17 maaie in oerhaal en ûnderweis nei it sikehûs noch ien. By ûndersyk die neitiid bliken dat er in kwea-aardige harsenstumor hie, dêr't er net oan operearre wurde koe. Kennedy liet him dochs operearje om safolle mooglik fan 'e tumor fuorthelje te litten as mooglik wie, mar dat, noch gemoterapy, noch in strielingsbehanneling mocht bate. Op 25 augustus spriek er de Demokratyske Nasjonale Konvinsje, dêr't Obama as presidintskandidaat foar de Demokratyske Partij oantsjutten waard, ta mei in fideoboadskip.
Nei noch in oerhaal en fierdere behannelings wied er op 20 jannewaris 2009 noch oanwêzich by Obama syn presidinsjele ynauguraasje, mar tsjin 'e maityd fan dat jier joegen de dokters ta dat er ûngenêslik siik wie, al waard dat yn 't earstoan noch geheim holden foar de media. Ein july waard him de Presidinsjele Frijheidsmedalje, de heechste Amerikaanske ûnderskieding, takend. Tsjin dy tiid wie it eltsenien dúdlik dat it mei him in ôfrinnende saak wie. Ted Kennedy stoar op tiisdei 25 augustus 2009 yn 'e âlderdom fan 77 jier yn syn hûs te Hyannis Port, yn Massachusetts. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, fuort bûten Washington, D.C., yn Firginia, deunby syn bruorren John F. Kennedy en Robert Kennedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|