1926
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 | 1929 | 1930 | 1931 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1926 MCMXXVI |
Ab urbe condita | 2679 |
Armeenske kalinder | 1375 ԹՎ ՌՅՀԵ |
Etiopyske kalinder | 1918 – 1919 |
Hebriuwske kalinder | 5686 – 5687 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1981 – 1982 |
- Shaka Samvat | 1848 – 1849 |
- Kali Yuga | 5027 – 5028 |
Iraanske kalinder | 1304 – 1305 |
Islamityske kalinder | 1345 – 1345 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4622 – 4623 壬丑 – 癸寅 |
1926 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1926.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 8 jannewaris - Abdûlazyz ibn Saûd, de emir fan 'e Nêzjd, wurdt troch de hegerein fan Mekka, Medina en Djedda útroppen ta kening fan 'e Hidjas.
- 28 jannewaris - Abdûlazyz ibn Saûd foeget syn beide riken, de Nêzjd en de Hidjas, gear ta it Keninkryk fan de Hidjas en de Nêzjd (de foarrinner fan Saûdy-Araabje).
- 20 maart - Chiang Kai-shek, de lieder fan 'e Sineeske nasjonalistyske partij Guomintang, begjint mei in yngeande suvering fan syn partij om dy fan alle kommunistyske ynfloeden te ûntdwaan.
- 9 maaie - Richard Byrd seit dat er oer de Noardpoal flein is; syn deiboek jout lykwols reden foar twifel.
- 11-13 maaie - It loftskip de Norge, mei Amundsen en Nobile, makket as earste mei wissens in tocht oer de Noardpoal.
- 12 maaie - By in steatsgreep yn Poalen wurdt presidint Stanisław Wojcieckowski ôfset en lûkt maarskalk Józef Piłsudski alle macht nei himsels ta.
- 26 maaie - Mei de oerjefte fan 'e Riffynske lieder Abd el-Krim komt der in ein oan 'e slepende Rifoarloch yn Spaansk-Marokko.
- 28-31 maaie - By in steatsgreep yn Portegal wurdt presidint Bernardino Machedo ôfset en komt generaal Manuel Gomes da Costa oan 'e macht.
- 12 juny - Brazylje seit syn lidmaatskip fan it Folkebûn op.
- 20 juny - Demonstraasje fan 'e earste mobile telefoan yn 'e Dútske haadstêd Berlyn.
- 9 july - By in steatsgreep yn Portegal wurdt generaal Manuel Gomes da Costa ôfset en komt de monargistyske generaal João José Sinel de Cordes oan 'e macht.
- 12 july - Yn Sina begjint de nasjonalistyske lieder Chiang Kai-shek oan in fjildtocht tsjin 'e kriichshear Wu Peifu.
- 27 july - De nasjonaal-sosjalistyske Dútske foaroanman Adolf Hitler kart de oprjochting fan 'e Hitlerjugend goed, dat in jongereinôfdieling fan syn politike partij, de NSDAP, wurde moat.
- 22 augustus - By in steatsgreep yn Grikelân wurdt in ein makke oan 'e diktatuer fan generaal Theodoros Pangulos. De nije machthawwer is generaal George Kondylis.
- 23 augustus - It hommels ferstjerren op 31-jierrige leeftyd fan 'e Amerikaanske filmstjer Rudolph Valentino ropt hystearyske uterings fan roubeklach op ûnder syn fans.
- 10 septimber - Dútslân wurdt lid fan it Folkebûn.
- 11 septimber - De Italjaanske diktator Benito Mussolini ûntkomt oan in moardoanslach.
- 14 oktober - Winnie the Pooh fan A.A. Milne ferskynt foar it earst.
- 19 oktober - Yn 'e Sovjet-Uny wurdt Leon Trotski út it Politburo fan 'e Kommunistyske Partij set.
- 4 novimber - Yn Amsterdam wurdt de earste fêstiging fan 'e HEMA iepene.
- 13 novimber - It Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL) slacht yn Batavia, yn Nederlânsk-Ynje, de Yndonezyske Opstân fan 1926 del, wêrby't mear as 300 deaden falle.
- 22 novimber - Op 'e Rykskonferinsje (Imperial Conference) yn Londen wurdt besletten dat de dominions (Austraalje, Kanada, Nijfûnlân, Nij-Seelân, Súd-Afrika en de Ierske Frijsteat) binnen it ramt fan it Britske Ryk in status krije dy't gelyk is oan dy fan it Feriene Keninkryk sels. Benammen Súd-Afrika en de Ierske Frijsteat hiene dêrop oankrongen.
- 27 novimber - De oanwaaksende ynfloed fan Itaalje op Albaanje wurdt formalisearre troch it sluten fan it Ferdrach fan Tirana.
- 27 novimber - Yn Itaalje barst de fulkaan de Fesuvius út.
- 17 desimber - By in steatsgreep yn Litouwen wurde presidint Kazys Grinius en premier Mykolas Sleževičius ôfset. Antanas Smetona wurdt diktator, wylst generaal Augustinas Woldemaras oan it haad fan it nije regear komt te stean.
- 26 desimber - Yn Tokio wurdt Hirohito kroane ta keizer fan Japan.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 18 - Hannie van Leeuwen, Nederlânsk politika († 2018)
- febrewaris
- 2 - Valéry Giscard d'Estaing, presidint fan Frankryk († 2020)
- 4 - Helena Wanda Błażusiakówna, Twadde Wrâldkriich oerlibbende († 1999)
- 5 - Klaas de Groot, Frysk reedrider († 2013)
- 11 - Leslie Nielsen, Amerikaansk-Kanadeesk akteur († 2010)
- 20 - Bob Richards, Amerikaansk atleet († 2023)
- 24 - Pier van Gosliga, Frysk politikus († 2019)
- 27 - Klaas de Jong Ozn., Frysk politikus en bestjoerder († 2011)
- maart
- 17 - Siegfried Lenz, Dútsk skriuwer († 2014)
- 31 - Willem van Althuis, Frysk byldzjend keunstner († 2005)
- april
- 2 - Jack Brabham, Australysk Formule 1-koereur († 2014)
- 9 - Hugh Hefner, Amerikaansk útjouwer, oprjochter fan it tydskrift Playboy († 2017)
- 21 - Henk Neuman, Frysk sjoernalist en bestjoerder († 2010)
- 21 - keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk
- maaie
- 7 - Jeen Nauta, Frysk maratonrider († 1986)
- 11 - Frank Thring, Australysk akteur († 1994)
- 11 - Teddy Scholten, Nederlânsk sjongster en presintatriste († 2010)
- 11 - Paul Gillon, Frânsk striptekener († 2011)
- 27 - Kees Rijvers, Nederlânsk fuotballer en bûnscoach († 2024)
- 29 - Piet Kingma, Frysk komponist en dirigint († 1994)
- juny
- 3 - Flora MacDonald, Kanadeesk politika († 2015)
- 15 Adriano Emperado, Amerikaansk fjochtsport beoefener († 2009)
- 17 - Henricus Keikes, Frysk sjoernalist († 1985)
- july
- 1 - J.J. Voskuil, Nederlânsk folkekundige en skriuwer († 2008)
- 1 - Melis van Seijen, Frysk útjouwer, boekhanneler en muzykprodusint († 2018)
- 7 - Gerrit Tasma, Frysk oersetter en toanielregisseur († 2009)
- 26 - James Best, Amerikaansk akteur († 2015)
- augustus
- 13 - Fidel Castro, presidint fan Kuba († 2016)
- 14 - René Goscinny, Frânsk stiptekener († 1977)
- 24 - Willem Poiesz, Frysk ûndernimmer, mei-oprjochter Poieszsupermerken († 2012)
- septimber
- 6 - Abe Bonnema, Frysk arsjitekt († 2001)
- 6 - Jelle Zwart, Frysk dichter († 2019)
- 10 - Siebe Torensma, Nederlânsk politikus († 2016)
- 18 - Foekje Dillema, Frysk atlete († 2007)
- 20 - Frédéric Bastet, Nederlandsk archeolooch en skriuwer († 2008)
- 21 - Willy Brill, Nederlânsk stimaktrise, harkspulregisseur en oersetter († 2017)
- 30 - Jan Charisius, Frysk hurdfytser, hurdrider en sportbestjoerder († 2008)
- 30 - Jan Lammers, Frysk atleet († 2011)
- oktober
- 12 - Joop Smits, Nederlânsk telefyzjeomropper († 2003)
- 14 - Hartman Hoekstra, Frysk politikus († 2007)
- 15 - Michel Foucault, Frânsk filosoof († 1984)
- 18 - Klaus Kinski, Dútsk akteur († 1991)
- 28 - Fred Ramdat Misier, Surinaamsk politikus († 2004)
- novimber
- 23 - Frans Hoekstra, Frysk politikus († 1983)
- 23 - R.L. Burnside, Amerikaansk muzikant († 2005)
- 24 - Fred Benavente, Nederlânsk programmamakker, akteur, sjonger en tekstskriuwer († 2005)
- desimber
- 14 - María Elena Marqués, Meksikaansk aktrise († 2008)
- 17 - Stephen Lewis, Ingelsk akteur († 2015)
- 19 - Klaske Folmer, Frysk foardrachtskeunstneresse († 2011)
- 23 - Diny de Neef, Nederlânsk aktrise († 1978)
- datum ûnbekend
- Martinus Bakker, Stellingwerfsk skriuwer († 1996)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 20 maart - Anatole Le Braz, Bretonsk dichter en folklorist (* 1859)
- 20 maart - Sierk Coolsma, Frysk sindeling yn Nederlânsk-Ynje (* 1840)
- 10 juny - Antoni Gaudí, Katalaansk arsjitekt (* 1852)
- 2 septimber - Jeanne Malivel, Bretonsk keunstneresse (* 1895)
- 15 septimber - Rudolf Eucken, Eastfrysk filosoof (* 1846)
- 31 oktober - Harry Houdini, Hongaarsk-Amerikaansk stuntman en boeienskening (* 1874)
- 3 novimber - Annie Oakley, Amerikaansk skerpskutter en artyste (* 1860)
- 5 desimber - Claude Monet, Frânsk keunstskilder (* 1840)
Jierren: | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 | 1927 | 1928 | 1929 | 1930 | 1931 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|