Springe nei ynhâld

Basic Instinct

Ut Wikipedy
Basic Instinct
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Verhoeven
produsint Alan Marshall
Mario Kassar
senario Joe Eszterhas
kamerarezjy Jan de Bont
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Carolco Pictures
Studio Canal+
distribúsje TriStar Pictures (Fer. St.)
Guild Film Distribution (Fer. Ken.)
UGC (Frankryk)
spilers
haadrollen Michael Douglas
Sharon Stone
byrollen George Dzundza
Jeanne Tripplehorn
Denis Arndt
Leilani Sarelle
Daniel von Bargen
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Frankryk
premiêre 18 maart 1992
foarm langspylfilm
sjenre eroatyske psychologyske skriller
taal Ingelsk
spyltiid 128 minuten
budget en resultaten
budget $49 miljoen
opbringst $352,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Basic Instinct
● folgjend diel Basic Instinct 2
Dizze side giet oer de film út 1992 fan Paul Verhoeven. Foar oare betsjuttings, sjoch: Basic Instinct (betsjuttingsside).

Basic Instinct is in Amerikaansk-Britsk-Frânske eroatyske psychologyske skriller, plysjefilm en neo-noir út 1992 ûnder rezjy fan 'e Nederlânske filmmakker Paul Verhoeven. De haadrollen waarden spile troch Michael Douglas en Sharon Stone. De titel betsjut "Leechste Ynstinkt". It ferhaal folget Nick Curran, in resjersjeur by de plysje fan San Francisco mei in besmodzge ferline, dy't de moard op in rike rockmuzikant ûndersiket. Al rillegau komt dy syn minneresse Catherine Tramell as fertochte yn byld. Hja is in mysterieuze biseksuele feministyske skriuwster, dy't inkele jierren earder yn ien fan har romans de moard sekuer beskreaun hat. Curran rekket almar djipper bestrûpt yn in web fan yntriizjes, mar is Catherine de psychopatyske dieder, of is dat syn eigen eardere minneresse Beth Garner?

Basic Instinct krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en stie ek bleat oan protesten fan benammen lesbiënnes en biseksuelen, dy't lulk wiene oer hoe't lju fan harren seksuele oriïntaasje yn 'e film ôfskildere waarden. Nettsjinsteande dat wie de film yn 'e bioskopen in daverjend kommersjeel súkses. Basic Instinct krige letter erkenning foar syn baanbrekkend yn byld bringen fan seks yn 'e mainstream-filmyndustry fan Hollywood, en stiet benammen bekend om in sêne wêryn't Sharon Stone kommando giet yn in koart jurkje en by in ûnderfreging har skonken oerinoar slacht, sadat (flechtich) har bleate fagina te sjen is. Stone hold letter fol dat dy sêne bûten har witten om filme wie. In ûnsúksesfolle ferfolchfilm, Basic Instinct 2, waard yn 2006 útbrocht.

Nick Curran en syn partner Gus Moran, dy't resjersjeurs by it San Francisco Police Department binne, ûndersykje de moard op 'e pinsjonearre rockstjer Johnny Boz. Dyselde is nachts thús op bêd deastutsen mei in iispriem, blykber wylst er seksuele omgong hie mei de froulike dieder, dy't syn hannen mei in siden sjaaltsje oan it hollenein fan it ledikant fêstbûn hie. Logyskerwize komt Boz syn minneresse yn byld as mooglike fertochte. Dat is de feministyske, biseksuele Catherine Tramell, in skriuwster fan súksesfolle misdieromans mei in doktorsgraad yn psychology.

Curran en Moran komme oan 'e weet dat Catherine inkele jierren earder in boek skreaun hat wêryn't in rockstjer op jierren ûnder it hawwen fan seks mei in iispriem deastutsen waard wylst syn hannen mei in siden sjaaltsje oan it hollenein fan it ledikant fêstbûn wiene. Dat is wol apart, en se konkludearje dat der twa dingen oan 'e hân wêze kinne: 1) Catherine is in psychopatyske moardneresse dy't har ferhaal yn 'e praktyk brocht hat en no har boek as aliby brûke sil ("as ik ien fermoardzje woe, dan soe ik dêr dochs perfoarst yn 't foar gjin boek oer skriuwe?"), of 2) immen dy't Catherine har roman lêzen hat is in psychopatyske moardneresse en hat alle war dien om 'e moardsêne út it boek sa sekuer mooglik nei te bearen.

Catherine sels wurket net bot mei oan it ûndersyk. Se besiket de resjersjeurs ferskate kearen te shockearjen en ferget harren mei ûnbehelpsume antwurden en troch te smoken dêr't dat net mei. By ien ferhear giet se kommando yn in koarte wite jurk, en as se demonstratyf har skonken oerinoar slacht, biedt se dêrmei Curran en Moran, harren sjef ynspekteur Walker, de fertsjintwurdiger fan it haadburo fan plysje haadynspekteur Talcott en ofsier fan justysje John Correlli in blik op har bleate fagina. Hoewol't se gjin aliby hat, trochstiet se sûnder swierrichheden in leagendetektortest.

Curran rekket der lykwols fan oertsjûge dat Catherine de dieder is. Hy fynt it ûntrêstgjend dat sy blykber mear fan him wit as hy fan har. Catherine leit út dat se ûndersyk nei him dien hat, om't se in personaazje yn har folgjende boek op him basearje wol. Dat is in resjersjeur by de plysje fan San Francisco, dy't ferskate ûnskuldigen deasketten hat. Se warskôget him dat it mei de man net goed ôfrinne sil, om't er foar de ferkearde frou falt. As Curran har begjint te folgjen, ûntdekt er dat Catherine befreone is mei Hazel Dobkins, in âldere frou dy't tsientallen jierren lyn skynber sûnder reden hat man en bern fermoarde hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Curran, dy't by fersin twa toeristen deasketten hat doe't er by in undercover-operaasje ûnder ynfloed fan kokaïne wie, wurdt troch syn ynspekteur Walker twongen om himsels behannelje te litten troch plysjepsychologe Beth Garner, mei wa't er tagelyk in seksuele knipperljochtrelaasje ûnderhâldt. As Catherine dingen blykt te witten dy't er inkeld oan Beth ferteld hat, konfontearret er dy dêrmei. Under druk set jout Beth ta dat se syn dossier lêze litten hat oan ynspekteur Marty Nielsen fan 'e ôfdieling Ynterne Saken. Dyselde woe de lieding fan 'e plysje oanriede om Curran, yn ferbân mei de dea fan 'e beide toeristen, te ûntslaan; Beth hâldt út dat se him inkeld ynsjoch yn it dossier jûn hat om him op oare gedachten te bringen. Mei oare wurden: se hat it foar Curran syn goederbêst dien.

Om't er gjin reden hat en fertink Beth derfan dat se syn persoanlike ynformaasje trochspile hat oan Catherine, konkludearret Curran dat Nielsen it lek wêze moat. Dat de ûnsympatike Nielsen him al tiden hjitfolget en ferget, hat him de man net leaver makke. Breinroer giet Curran nei it kantoar fan Nielsen ta, dêr't er by wat lûk- en triuwwurk bedrigings oan it adres fan 'e man uteret foar't er troch kollega's fan Nielsen oermastere en derút goaid wurdt. As Nielsen dyselde jûns noch deasketten wurdt, is Curran sadwaande de wichtichste fertochte en wurdt er op non-aktyf steld.

Curran sels fermoedet dat Catherine efter de nije moard sit. Nettsjinsteande dat begjint er in ferheftige seksuele relaasje mei har, wêrby't er de earste kears dat se mei-inoar op bêd geane, himsels de hannen oan it hollenein fan it ledikant fêstbine lit mei in siden sjaaltsje wylst sy him beriidt. Dat is persiis hoe't Boz oan syn ein kommen is. Letter jout Curran ta dat er op dat stuit skitende benaud wie, mar dat makke it, yn syn wurden, "de bêste seks fan 'e iuw". Catherine sels neamt it "in goed begjin". Har lesbyske minneresse Roxy, dy't tasjoen hat wylst sy seks hiene, is minder fan 'e sitewaasje sjarmearre. Hja is jaloersk en warskôget Curran dat er by Catherine wei bliuwe moat, oars sil se him ôfmeitsje.

Letter besiket de bestjoerder fan Catherine har auto Curran oant trije kear ta dea te riden, mar hy wit by syn eigen auto te kommen. Der ûntjout him in wylde efterfolging, dy't einiget as Catherine har auto oer de kop slacht en by in heech talúd del fljocht. Curran is der wis fan dat de dieder Catherine is, mar as er by it autowrak arrivearret, sjocht er dat de bestjoerster Roxy wie, dy't by it ûngemak omkommen is. As neitiid Roxy har namme troch de kompjûter helle wurdt, docht bliken dat sy, krekt as Hazel Dobkins, in feroardiele moardneresse is, dy't op har sechstjinde ympulsyf har beide jongere bruorren deamakke hat troch se de kiel troch te snijen. Catherine har ferklearring foar har omgong mei moardners is dat se foar har boeken ferlet hat fan harren ynsjoch yn 'e psyche fan in moardner.

Catherine rouwet om 'e dea fan Roxy. Curran treastget har en se reitsje wer op bêd. Nei't se diskear op in tradisjonelere wize seks hân hawwe, fertelt Catherine Curran oer in eardere lesbyske relaasje fan harres dy't misbetearde. Se beweart dat se, doe't se psychology studearre oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley, in onenightstand hie mei in stúdzjegenoate. It fanke, in Lisa Oberman, rekke troch Catherine obsedearre en begûn har te stalken. Curran begjint him ôf te freegjen oft Catherine soms noch altyd troch dy Lisa Oberman hjitfolge wurdt en oft dy soms Johnny Boz fermoarde hat op in wize dy't folslein oerienkomt mei de beskriuwing yn 'e roman fan Catherine. As er lykwols by de universiteit ynformearret, wurdt him fertelt dat se gjin Lisa Oberman yn harren bestannen weromfine kinne. Lulk om't se him bedragen hat, skillet Curran Catherine op, dy't him by in ferwitende wurdewikseling witte lit dat it "Lisa Hoberman" is, mei in H. Dy kenne se by de universiteit wol. Fierder ûndersyk wiist ta Curran syn skok út dat Elizabeth Hoberman tsjintwurdich in oare ropnamme hat en de efternamme fan har eks-man brûkt: hja is nimmen oars as Beth Garner.

Curran siket Beth op en konfrontearret har mei syn ûntdekkings. Sy befêstiget dat se yn Berkeley in klasgenoate fan Catherine wie en dat se in kear, by wize fan seksueel eksperimintearjen, mei har op bêd west hat. Neitiid, sa seit se, wie it lykwols Catherine dy't folslein obsedearre rekke troch Beth, en hàr begûn te stalken, en net oarsom. Curran wit no net mear wat er leauwe moat. Hy rekket der lykwols fan oertsjûge dat de moard op Boz te krijen hat mei it stúdzjeferline fan 'e beide froulju, wannear't er ûntdekt dat in heechlearaar fan deselde universiteit mei in iispriem deastutsen is yn 'e tiid dat Catherine en Beth kolleezjes fan him folgen. Dy moardsaak is nea oplost. Curran syn partner Moran tinkt dat Curran gelyk hat en begjint systematysk klasgenoaten fan 'e beide froulju út harren stúdzjetiid op te skiljen om út te finen wat der doedestiden no eins wier bard is.

By in besite oan Catherine sjocht Curran in útdraai fan har nijste roman út 'e printer kommen. Hy lêst in passaazje dêr't de resjersjeur yn it boek syn partner deastutsen weromfynt by in lift. Catherine fertelt him dat se it boek ôf hat. Syn personaazje is dea, dus se hat fierders gjin ferlet mear fan him. Dêrom ferbrekt se harren relaasje. Foar Curran, dy't ûnderwilens alhiel fereale op har rekke is, komt dat as tonger út in heldere loft. Hy rekket oerstjoer en letter deprimearre.

Curran moetet Moran, dy't him besiket op te fleurjen mei it nijs dat Catherine har keamergenoate fan 'e universiteit him opskille hat. Hja hie fan oare eardere klasgenoaten heard dat er om ynformaasje oer Catherine socht. Hy hat mei har ôfpraat yn in kantoargebou en hopet der no efter te kommen wat der wier tusken Catherine en Beth foarfallen is yn harren stúdzjetiid. Om't Curran eins noch altyd op non-aktyf stiet, moat er yn 'e auto wachtsje. Moran giet it gebou binnen en nimt de lift omheech. As Curran einlings beseft wat der bart, is it al te let. Krekt as de resjersjeur yn it boek hastiget er him it gebou yn en de trep op, mar op 'e ferdjipping dêr't Moran ôfpraat hie, treft er dyselde by de lift oan. Hy is deastutsen mei in iispriem. Curran (dy't syn eigen tsjinstwapen ynleverje moatten hat) pakt Moran syn pistoal en giet it gebou yn.

Op dat stuit komt Beth út it treppehûs. Curran wol witte wat se hjir moat. Se antwurdet dat se berjocht krigen hat dat se Moran hjir moetsje moat. Curran leaut dêr neat fan en hjit har de hannen omheech te dwaan. Mar ynstee stekt se ien hân yn 'e bûse. Hy oarderet har nochris de hannen omheech te dwaan, mar Beth begrypt skynber net wat der oan 'e hân is. As se op him ôf stapt en de hân út 'e bûse lûkt, sjit er har del. Se rekket deadlik ferwûne en fertelt him: "ik hold fan dy" foar't se ferstjert. Yn 'e bûse blykt se inkeld har ornamintele kaairing fêstholden te hawwen.

Curran is der beroerd fan. Ynspekteur Walker en oare kollega's fan him nimme it ûndersyk op it plak delikt oer en ûntdekke de iispriem dêr't Moran mei deastutsen is mei in blonde prúk en in reinjak fan it San Francisco Police Department dy't de moarneresse droech, allegearre byinoar fuortsmiten yn it treppehûs. By hûssiking yn Beth har appartemint wurdt it pistoal fûn dêr't Nielsen mei deasketten is, en teffens in grutte samling foto's fan en kranteknipsels oer Catherine, dy't suggerearret dat Beth troch Catherine obsedearre wie. Curran bliuwt yn betizing efter en giet deprimearre nei hûs.

Yn syn appartemint treft er Catherine oan, dy't him útleit dat eltsenien om wa't se jout, deagiet. Se wol him net ferlieze en doar harsels tagelyk net alhiel oan him te jaan. Se fermoedsoenje har mei-inoar en geane op bêd om seks te hawwen. Neitiid freget Catherine oan Curran wat se no sille. Hy antwurdet: "We djoeie as kninen, bringe bern grut en libje noch lang en lokkich." Sy rikt mei in hân ûnder it bêd en seit: "Ik haatsje bern." Hy hellet de skouders op en seit: "Dan djoeie we as kninen, ferjitte we de bern en libje noch lang en lokkich." Sy lûkt har earm wer omheech, omearmet him en seit: "Ik hâld fan dy." Wylst se wer begjinne te tongtútsjen, sakket it kamerabyld ûnder it bêd, dêr't in iispriem op 'e flier leit.

Michael Douglas yn 2004.
Sharon Stone yn 2005.
haadrollen
personaazje                   akteur/aktrise
resjersjeur Nick Curran Michael Douglas
Catherine Tramell Sharon Stone


byrollen
personaazje akteur/aktrise
resjersjeur Gus Moran George Dzundza
dokter Beth Garner Jeanne Tripplehorn
ynspekteur Phillip Walker Denis Arndt
Roxy Hardy Leilani Sarelle
ynspekteur Marty Nielsen Daniel von Bargen
resjersjeur Sam Andrews Bruce A. Young
haadynspekteur Talcott Chelcie Ross
ofsier fan justysje John Correlli Wayne Knight
Hazel Dobkins Dorothy Malone
dokter Lamott Stephen Tobolowsky
Harrigan Benjamin Mouton
sheriff Jack McGee
Johnny Boz Bill Cable
dokter McElwaine James Rebhorn

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Basic Instinct waard regissearre troch Paul Verhoeven nei in senario dat yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren yn in tiidsbestek fan trettjin dagen skreaun wie troch Joe Eszterhas. Der wiene ferskate gadingmakkers om dat skript te keapjen, mar filmstudio Carolco Pictures kaam úteinlik as winner út 'e bus. Verhoeven waard troch Carolco by de produksje belutsen. Hy woe graach feroarings oan it senario oanbringe dêr't Eszterhas net mei libje koe, wêrûnder de tafoeging fan in lesbyske sekssêne dy't Eszterhas omskreau as "útrûpeljend". Om't Verhoeven foet by stik hold, kaam it ta in brek mei Eszterhas, dy't him tegearre mei filmprodusint Irwin Winkler út it projekt weromloek.

Verhoeven helle dêrnei senarioskriuwer Gary Oldman derby om 'e troch him winske oanpassings yn it skript troch te fieren. Oldman skreau de iene ferzje nei de oare, mar Verhoeven wie nea alhiel tefreden. Nei't de fjirde ferzje ôf wie, moast er lang om let tajaan dat de troch him foarstelde feroarings it ferhaal der net better op makken. Oldman syn fyfde ferzje fan it skript wie fierhinne deselde as de begjinferzjy fan Eszterhas, mei hjir en dêr wat lytse oanpassings yn 'e dialooch. It Screenwriters Guild of America kedize dat de bydragen fan Oldman úteinlik sa'n bytsje te betsjutten hiene, dat inkeld Eszterhas in formele fermelding as senarioskriuwer yn 'e begjintitels en op 'e ôftiteling krije mocht.

As produsinten wiene Alan Marshall en Mario Kassar by it projekt belutsen foar de filmstudio's Carolco Pictures en Studio Canal+. Dêrmei wie Basic Instinct in Amerikaansk-Britsk-Frânske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $49 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jan de Bont, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith.

Michael Douglas waard al rillegau cast yn 'e manlike haadrol fan resjersjeur Nick Curran. Foar de froulike haadrol as Catherine Tramell moast mear socht wurde. De rol wie in protte aktrises yn it kekene Hollywood te seksueel en te neaken. Douglas, dy't bittere graach in ferneamde aktrise hawwe woe om mei him de stoarm fan krityk te trochstean dy't sûnder mis opstekke soe as de film útkaam, stelde Kim Basinger foar as syn tsjinspylster. Basinger fielde der lykwols neat foar. Doe kaam Douglas mei Julia Roberts, Greta Scacchi en Meg Ryan, dy't it oanbod ek ôfsloegen. Michelle Pfeiffer, Geena Davis, Kathleen Turner, Ellen Barkin en Mariel Hemingway waarden ek frege, mar allegear wegeren se de rol.

Regisseur Paul Verhoeven naam it idee yn omtinken en freegje Demi Moore, mar safier kaam it nea, mei't er besleat om 'e rol fan Catherine Tramell ta te partsjen oan Sharon Stone. Dyselde wie doedestiden noch gjin superferneamde aktrise, hoewol't se wat bekendheid wûn hie mei har rol yn 'e foargeande film fan Verhoeven, Total Recall. Foar Stone soe Basic Instinct har grutte trochbraak betsjutte. Hja krige foar har rol $500.000 betelle, wat in relatyf leech bedrach wie yn ferhâlding ta it totale filmbudget en rekkene neffens wat guon oare froulike haadrolspylsters foar in film fregen.

De opnamen foar Basic Instinct fûnen yn 1991 plak op lokaasje yn San Francisco. Aktivisten foar homorjochten hiene lucht krigen fan it senario en wiene ta de konklúzje kommen dat lesbiënnes en biseksuelen yn 'e film op in negative wize ôfskildere waarden. Sadwaande waarden de opnamen pleage troch oanhâldende demonstraasjes fan lju dy't se mei laserpinnen en skiedsrjochtersfluitsjes besochten te fersteuren. De plysje moast oan ien stik wei mei mannemacht ynset wurde om 'e filmset te beskermjen en de demonstranten op ôfstân te hâlden. Filmprodusint Alan Marshall bejoech him middenmank de plysje en wiisde yndividuele demonstranten oan wêrfan't er woe dat se arrestearre wurde soene. Dat wie net befoarderlik foar de sfear en late ta in 'boargerarrest' fan Marshall troch guon demonstranten.

Regisseur Paul Verhoeven (3e f. rj.) en haadrolspilers Sharon Stone (2e f. rj.), Michael Douglas (2e f. l.) en Jeanne Tripplehorn (1e f. l.) yn 1992 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

De distribúsje fan Basic Instinct waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch TriStar Pictures, yn it Feriene Keninkryk troch Guild Film Distribution en yn Frankryk troch UGC. De film gie op 18 maart 1992 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 20 maart yn Amerikaanske bioskopen. Yn Frankryk kaam de film op 8 maaie fan dat jier yn 'e bioskoop. Yn it neijier tong Basic Instinct op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes mei foar de Gouden Palm. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 17 maart 1992 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Basic Instinct kaam yn 1992 beskikber as VHS-keapfideo. De film waard yn 2001 útbrocht op dvd en yn 2007 op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Basic Instinct mingde resinsjes. Bûten de Feriene Steaten wiene de measte kritiken geunstich, mar in protte Amerikaanske resinsinten moasten net folle fan Basic Instinct hawwe. Sa parte Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film mar 2 fan 4 stjerren ta. Hy fûn de film goed makke, mar ornearre ek dat er yn 'e lêste healoere hielendal ynsakke. Hy skreau: "De film is krekt in krúswurdpuzel. Dy hâldt jins belangstelling fêst oant men him oplost hawwe. Dan is it inkeld noch weardeleaze troep mei de hokjes opfolle." Ek Dave Kehr fan 'e Chicago Tribune hie neat mei Basic Instinct op. Hy neamde de film "psychologysk leech" en skreau: "Verhoeven ferkent de tsjustere kant [fan 'e minsklike natoer] net, mar eksploitearret dy allinne mar, en dat makket alle ferskil yn 'e wrâld."

Lykwols wiene der ek yn 'e Feriene Steaten ferskate kritisy dy't wól oer Basic Instinct mochten. Janet Maslin fan The New York Times priizge de film en skreau: "Basic Instinct bringt Verhoeven syn flêr foar aksje-oriïntearre materiaal oer nei it ryk fan hitchcockiaanske yntriizje, en de resultaten binne sa effektyf dat je it yn je ûnderbúk fiele, sels as [dy resultaten] nearne op slane." Ek Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone hie lof foar de film, en benammen foar de rezjy fan Paul Verhoeven en it aktearjen fan Sharon Stone.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Basic Instinct in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 67 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film], dy't hjir en dêr it wurk fan Alfred Hitchcock neigalmet, befettet in stjermeitsjend optreden fan Sharon Stone, mar wurdt úteinlik bedoarn troch de problematyske, fierstente lugubere plot." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Basic Instinct in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 28 resinsjes.

Basic Instinct brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $117,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $235,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $352,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $49 miljoen betsjut dat in winst fan $303,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Nettsjinsteande de negative oant lauwe resinsjes wie Basic Instinct dêrmei de op trije nei meast opbringende film fan 1992, nei Aladdin fan Disney, The Bodyguard en Home Alone 2: Lost in New York.

Komponist Jerry Goldsmith waard foar de soundtrack fan Basic Instinct nominearre foar sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste filmmuzyk.

De "fagina"-sêne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Basic Instinct is benammen yn oantins bleaun troch de sêne wêryn't Catherine Tramell (Sharon Stone) yn it ferhear nommen wurdt troch resjersjeurs Nick Curran (Michael Douglas) en Gus Moran (George Dzundza), ofsier fan justysje John Correlli (Wayne Knight) en inkele oare manlju. Se is dêrby klaaid yn in koarte wite jurk. Mei't se kommando giet, is har bleate fagina (hiel flechtich) te sjen as se de skonken oerinoar slacht.

Stone sei letter dat sy begrepen hie dat it net dragen fan ûnderguod fan har personaazje inkeld suggerearre wurde soe en net toand. Se fertelde fierders dat se in wyt slipke droegen hie, mar dat se dat op fersyk fan regisseur Paul Verhoeven útdien hie om't dêrtroch it ljocht fan 'e beljochting op 'e kameralins wjerskynde. Hy soe har derfan bewissige hawwe dat der inkeld skaad te sjen wêze soe as se de skonken oerinoar sloech. Stone woe hawwe dat se har der pas by in preview fan Basic Instinct foar in testpublyk fan bewust wurden wie hoe't it echt siet. Se soe doe Verhoeven in klap yn it gesicht ferkocht hawwe en lulk fuortrûn wêze. Neffens Verhoeven wie dêr allegear neat fan oan en hie Stone fan it begjin ôf oan witten en dermei ynstimd dat har fagina yn byld brocht waard.

Ofskildering fan lesbiënnes en biseksuelen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Basic Instinct wie ek kontroversjeel omreden fan 'e ôfskildering fan lesbiënnes en biseksuelen yn 'e film, dy't troch aktivisten foar homorjochten as negatyf beskôge waard. Sadwaande wiene der demonstraasjes by de opnamelokaasjes en letter ek by bioskopen yn 'e Feriene Steaten dêr't de film te sjen wie. Regisseur Paul Verhoeven sels ferdigene it rjocht fan 'e aktivisten om te demonstrearjen, al hied er krityk op guon fan 'e taktiken dy't de demonstranten brûkten.

De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert skreau oer de protesten: "Wat de homoseksuele personaazjes oangiet dêr't fan beweard wurdt dat se oanstjitjaand wêze soene: de lju dy't tsjin 'e film protestearje meie wolris opmerke dat yn dizze film de heteroseksuelen, te begjinnen mei [it personaazje fan] Douglas, like oanstjitjaand binne. Dat sein hawwende, moat ik tajaan dat it wier is dat Hollywood allegeduerigen folhâldt om homoseksuelen – fral lesbiënnes – te typecasten as ferwrongen en kwea."

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.