Springe nei ynhâld

Brussel

Ut Wikipedy
Brussel
Ville de Bruxelles / Bruxelles-Ville {Frânsk)
Stad Brussel / Brussel-Stad (Nederlânsk)
Grutte Merk mei it Stedhûs fan Brussel
Grutte Merk mei it Stedhûs fan Brussel
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
Regio Brusselsk Haadstedsk Gewest
Arrondissemint Brussel-Haadstêd
Boargemaster Philippe Close (SP)
Sifers
Ynwennertal 188.737 (1 jannewaris 2022)
Oerflak 33,09 km²
Befolkingsticht. 5706,21 /km²
Hichte 70 m
Oar
Stifting 976
1229 (stedsrjochten)
Postkoade 1000 Brussel
1020 Laken
1120 Neder-Over-Heembeek
1130 Haren
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 50' 48" NB, 4° 21' 9" EL
Brusselske Oandielebeurs
Brusselske Oandielebeurs
Keninklik Paleis
Keninklik Paleis
Offisjele webside
www.brussel.be
www.bruxelles.be
Kaart
Brussel (Belgje)
Brussel
Lizzing yn Belgje
Dizze side giet oer de Belgyske haadstêd Brussel. Foar oare betsjuttings, sjoch: Brussel (betsjuttingsside).

Brussel (Frânsk: Ville de Bruxelles of Bruxelles-Ville, Nederlânsk: Stad Brussel of Brussel-Stad) is een gemeente yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest en de haadstêd fan Belgje, de Flaamske Mienskip en de Frânske Mienskip. De stêd is ek it sit fan de Jeropeeske Uny en de NAFO.

Brussel is in twatalige stêd, dêr't Frânsk (85-90%) en Nederlânsk (10-15%) sprutsen wurdt. As haadstêd fan Belgje is Brussel it plak dêr't it nasjonaal regear festige is, dêr't de kening kroane wurdt en dêr't de keninklike famylje wennet.

Mei goed 180.000 ynwenners is Brussel de fyfde grutte gemeente neffens ynwennertal yn Belgje. De gemeente is ien fan de 19 gemeenten fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest, dat ornaris ek "Brussel" neamd wurdt en dy hat goed 1,2 miljoen ynwenners. Yn de Stedsregio Brussel wenje goed 1,8 miljoen minsken en is dêrmei de grutste fan Belgje.

De namme Brussel is ôflaat fan de gearstalling út it Aldnederfrankyske bruoc (broek/sompe) en sella (wenplak), dus Bruocsella (wenplak yn/by de sompe). Om 1015 hinne komt de namme yn it Latyn foar it earst foar as Brosella. Yn it Midnederlânsk evoluearre de namme ta ''Bruesele en Brussele. De namme soe yn it moderne Nederlânsk winliken Broekzele wêze moatte, dochs is stadichoan feroare ta Brussel. It Frânske Bruxelles stiet noch tichteby de oarspronklike namme.

Yn it Soaniënwâld súdeastlik fan de hjoeddeistige stêd Brussel binne fynsten fan bewenning út it Neolitikum weromfûn. Yn de brûnstiid en izertiid wie der bewenning yn de delling fan de meänderjende rivier de Senne, dêr't benammen lânbouwers libben. Yn de Romeinske tiid waarden der filla's oan wjerskanten fan de Senne boud. Ut dy tiid komme ek twa grêfheuvels. Yn de Merovingyske tiid, yn de sechde en sande iuw, ûntstiene op de hegere grûn om de Senne hinne ferskate doarpen. Op de legere grûn om de Senne hinne wiene in stikmannich sompen, dêr't dus de namme "wenplak by de sompe" nei wiist.

Aldste bewarre stedsegel fan Brussel út 1257 mei it Midnederlânsk râneskrift: INGESIGELE · DER · PORTERS · VAN · BRUSLE

Yn de njoggende iuw woeksen de doarpen oaninoar fêst en waard in boarch op ien fan de trije eilannen yn de Senne boud. De stêd waard in merkplak fan de lânbou yn de omkriten. Troch de lizzing oan de Senne, dy't yn de Dijle útmûnet en dy't op syn bar yn de Skelde útmûnet krige Brussel in ferbing mei de see en kaam op in hannelsrûte fan de âldere stêden Brugge nei Keulen te lizzen. Hannelers en hânwurklju fêstigen harren yn Brussel dy't part fan de twadde ferstedsking fan Noardwest-Jeropa yn de midsiuwen wie.

Bestjoerlik lei Brussel yn de Brabângoa en it bisdom Kamerryk yn it hartochdom Nederloataringen. De goa Brabân bestie út fjouwer greefskippen, dêr't it greefskip Brussel de mmeast eastlike fan wie. Justjes foar it jier 1000 kaam it Brussel yn it besit fan de greef fan Leuven, dy't mooglik in kastiel op de Koudenberg hie.

De greven fan Leuven en Brussel waarden oan de ein fan de alfde iuw lângreven fan Brabân. Yn 1106 waarden se hartoch fan Nederloataringen en oan de ein fan de tolfde iuw waarden se yn it lângreefskip Brabân ferheft ta hartoch fan Brabân. Brussel waard yn dy snuorje hieltyd wichtiger yn it neidiel fan Leuven. Beide stêden woeksen lykwols troch it opbloeien fan de hannel yn dy tiid.

Yn 1229 krige Brussel stedsrjochten fan hartoch Hindrik I fan Brabân. De stêd krige doe de earste stiennen stedsmuorre. Dy waard fjouwer kilometer lang en krige sân stedspoarten. De tekstylsektor kaam yn dy snuorje fluch op. De Lekkengilde, dy't yn de trettjinde iuw ûntstie, hie in grutte ynfloed op dy yndustry. De skieppetylt om Brussel hinne koe de fraach net mear beneikomme. In soad wol en oare grûnstoffen waarden ymportearre. Lekken waard fier oer de grinzen eksportearre. De beginen, dy't om 1250 in grut Begynhôf stiften, foarmen in wichtich part fan dy sektor.

Yn 1236 en 1276 wiene der grutte stedsbrannen yn Brussel. Yn de fjirtjinde iuw rekke de lekkenyndustry op syn hichtepunt. De stêd woeks tige by tige en doe wie der in nije stedsmuorre nedich. Dy waard yn 1357 boud en waard wol acht kilometer lang. Doe krige it hjoeddeistige sintrum fan Brussel syn fiifhoekige foarm. Brussel woeks fan 80 oant 509 bunder. Yn dy snuorje waard it grutte Stedhûs fan Brussel oan de Grutte Merk boud, dy't it ekonomysk sintrum fan de stêd wie.

Doe't hartoch Filips I fan Brabân yn 1430 ferstoar gie it hartochdom Brabân oer ta syn neef Filips de Goede fan Boergonje. Dêrtroch kaam Brussel ûnder de Boergonjers te fallen. Itselde jiers waard úteinset mei de útwreiding fan it kastiel op Koudenberg dy't waard winliken in wier paleis waard. Brussel waard troch it foltôgjen fan it kastiel yn 1459 de haadresidinsje fan hartoch Filips en dus it bestjoerlike sintrum fan it Boergondyske Ryk.

Kaart fan Brussel fan 1657 troch Blaeu

De ekonomy bleau yn dy snuorje trochwaaksen, alhoewol't de lekkenyndustry syn bêste jierren hân hie. De Brusselske wântapiten en retabels kamen dêrfoar yn plak. Ek de Brusselske skilderskoalle waard wichtich en produsearre guon grutte skilders, lykas Lucas Achtschellinck, dochs soe net útgroeie ta it nivo fan dy fan Brugge en Antwerpen. De krêft fan Brussel lei yn spesialisearre lúkse-yndustryen. Hartoginne Marije fan Boergonje joech tastimming fan it graven fan in kanaal fan Brussel nei de Dijle sa't it steapelrjocht fan Mechelen op de Senne te mid wurde koe. Om't it Boergondysk Hof yn Brussel fêstige wie en syn belied sintralistysk wie, woeks de foarstlike macht yn it neidiel fan de stedske autonomy sa't dy oanwêzich wie yn stêden lykas Antwerpen en Leuven. Dat late wol gauris ta ûntefredenens by de boargers en benammen de patrysjers, benammen doe't Marije fan Boergonje mei Maksimiliaan fan Habsburch boaske. De befolking fan Brussel, allyk dy fan Flaanderen, fertrouden him net. Doe't Marije yn 1482 op jonge jierren ferstoar, ûntstie der in foele striid om it regintskip fan har minderjierrige soantsje Filips de Skiene. Hja woene de hearskippij fan Maksimiliaan net erkenne. Dy liet lykwols twa Brusselske ôffeardigen ûnthalzgje. Yn 1486 waard er keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kaam nei Brussel om syn residinsje te belûken. Syn Dútske soldaten waarden troch de stedsmilysjes oanfallen. Dêrnei rekke der in bloedige kriich út tusken Brussel en de Flaamske opstannelingen tsjin de Habsburgers en Boergonjers. In jier letter koe Albrecht fan Saksen Brussel foar Maksimiliaan oermasterje. Doe't Filips de Skiene folwoeksen waard boaske er Jehanna de Sljochtsinnige fan Kastylje. Filips ferstoar yn 1506 en waard opfolge troch syn soan Karel V fan Habsburch. Yn 1516 waard Karel yn de Brusselske Sint-Michieltsjerke kroane ta kening fan Spanje en yn 1519 folge er syn pake Maksimiliaan op as aartshartoch fan de Eastenrykske erflannen en keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Under it bestjoer fan Karel berikte Brussel syn grutste bloei en waard it sintrum fan syn wrâldryk.

Iermoderne tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Utsicht op Brussel yn 1665 troch Jan-Baptist Bonnecroy

Under it bestjoer fan Karel kaam it protestantisme op. Hy moast der neat fan hawwe en ûnder syn bewâld waard de ynkwisysje organisearre en besocht er it opkommend protestantisme foel te bestriden, benammen troch ketterferbaarnen. Yn 1555 stapte Karel V op ta geunst fan syn soan Filips II, dy't de ynkwisysjepolityk fuortsette. Yn 1559 ferfear Filips nei Spanje en liet de polityk yn hannen fan syn healsuster, lânfâdesse Margareta fan Parma. It kalvinisme waard reedlik populêr yn de stêd en omkriten en ek de geuzen namen stêden yn de buert yn fan de Spanjerts. Filips stjoerde yn 1567 de hartoch fan Alva nei de Nederlannen om de opstân del te bêdzjen. Dat slagge him net, de byldestoarm kaam ek yn Brussel en de kalvinisten krigen de macht yn hannen yn de stêd. Brussel sleat him ynearsten by de Uny fan Utert oan en der ûntstie in Brusselske Republyk. Lykwols in soad stêden yn de omkriten foelen wer yn Spaanske hannen en dêrtroch ferhuzen de Steaten-Generaal earst nei Antwerpen en letter nei Middelburch. It kalvinisme wie noch sterk yn de stêd, dochs Brussel rekke hieltyd mear isolearre fan de protestantske Nederlannen. Yn 1584 sette it Belis fan Brussel troch de Spaanske lânfâd Aleksander Farnese útein en yn 1585 joech de stêd him oer. Brussel waard de haadstêd fan de Spaanske Nederlannen, dêr't tenei de kontrareformaasje hearske. De protestanten moasten ferfarre of nei it katolike leauwe weromgean en dat late ta it kommen fan de jezuïten (1586) en augustinen (1601) en ek de definitive skieding tusken de protestantske Noardlike en katolike Súdlike Nederlannen. In soad flechten nei de Noardlike Nederlannen.

Yn 1595 waard Filips II syn neef Albrecht fan Eastenryk oansteld as lânfâd fan de Súdlike Nederlannen. Yn 1599 boaske er mei Filip syn dochter Isabella, dy't yn jier dêrfoar de Spaanske Nederlannen urven hie. Under harren bestjoer bloeide Brussel op as haadstêd. Nei it ferstjerren fan Isabella yn 1633 en om't hja gjin bern hiene, kamen de Súdlike Nederlannen werom yn Spaanske hannen. It gebiet, mei Brussel as haadstêd kaam stadichoan hieltyd mear ûnder druk te stean fan it ekspansionisme fan de Frânske kening Loadewyk XIV.

Sicht op Brussel foar it bombardemint fan 1666 troch Lancelot Volders

Dat late ta ferskate krigen tusken de Spanjerts en de Frânsken. Yn augustus 1695 waard Brussel ferwoastgjend besketten yn de Njoggenjierrige Kriich tusken Frankryk en de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dêr't Spanje ek by belusten rekke. Likernôch 4.000 huzen rekken skeind en ek it Stedhûs rekke skansearre, dêr't in soad keunstwurken by ferlern giene. Nei't de Frânsken harren weromlutsen waard Brussel weropboud en krige de Grutte Merk syn hjoeddeistich oansjen.

Nei de Spaanske Súksesjekriich kamen de Súdlike Nederlannen fannijs ûnder Eastenryksk bestjoer. Keizerinne Maria Teresa stelde Karel Aleksander fan Loataringen oan as lânfâd yn de Súdlike Nederlannen. Der bruts in tiid fan frede út en ferskate urbanisaasjeplannen yn de stêd waarden útfierd. Nei in tal herfoarmings dy't keizer Joazef II oan de ein fan de achttjinde iuw besocht troch te fieren kaam er op wjerstân te mjitte. Ferskate protesten brutsen út yn Brussel en oare stêden. De Feriene Nederlânske Steaten rôp syn ûnôfhinklikens út yn 1790.Yn 1794 kamen de Frânsken fannijs en ferdreaune de Eastenrikers oer de Ryn hinne. Dêrtroch kaam Brussel yn hannen fan de Earste Frânske Republyk.

Njoggentjinde iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keninkik Paleis

Nei de delgong fan Napoleon waard by it Kongres fan Wenen yn 1815 bepaald dat de Súdlike Nederlannen part wurde soe fan it nije Feriene keninkryk fan de Nederlannen mei Willem I fan Oranje as kening. Brussel waard, tegearre mei Amsterdam de haadstêd fan it nije keninkryk. Yn 1820 waard úteinset mei it ferbouwen fan twa amtresidinsjes ta it Keninklik Paleis fan Brussel. Doe't itselde jers it Paleis fan de Steaten-Generaal ôfbaarnde, waard op itselde plak in nij gebou boud, dy't hjoed-de-dei it Paleis fan de Naasje, it sit fan it Belgysk parlemint is. It belied fan kening Willem wie it stribjen en meitsje Nederlânsk de offisjele taal. Dat late ta ferset fan de Frânsktaligen en de katoliken tsjin dy ûnderwiispolityk en der ûntstie suver in skoalstriid. Nei 1825 sleaten liberalen en katoliken byinoar oan en yn 1828 kaam de Uny fan katolike en liberale opposysje fan 'e grûn. Ynearsten stribbe dy Uny gjin ûnôfhinklikens nei mar late lang om let ta de Belgyske Revolúsje. Under ynfloed fan de minne ekonomyske tastân en de Julyrevolúsje yn Frankryk brutsen der op 25 augustus 1830 lytse rebûljes út yn Brussel. Jûns rûn it út 'e hân. Huzen fan rike Nederlanners waarden yn 'e brân stutsen. De oardertsjinsten koene de sitewaasje net de baas en de folgjende dei hie de Brusselske boargerij sels ek noed slachtoffer te wurden. Hja besleaten in boargerwacht op te rjochtsjen. Op 23 septimber luts prins Freark mei it leger Brussel yn, dochs moast nei tefolle ferset fan de seperatisten de stêd wer ferlitte. Op 4 oktober waard de ûnôfhinklikens útroppen.

Paleis fan Justysje

Op 21 july 1831 kaam Leopold I op de troan as earste Kening fan de Belgen. Brussel waard de haadstêd fan de nije Belgyske steat. Yn 1830 wie Brussel in Brabânske stêd dêr't it Nederlânsk yn de foarm fan it pleatslike Brabânske dialekt de fiertaal wie. Nei de ûnôfhinklikens kaam der in grutte ynstream fan Frânsken (flechte revolúsjonêren en oaren) en Waalske amtners dy't it nije Belgyske bewâld oanluts út de Waalske provinses om syn nasjonale administraasje mei op te foljen. Dat bewâld waard behearske troch de hegere boargerij en adel dêr't guon fan harren it stimrjocht doe fan hiene. Hja woene de nasjonale ynstellings allinnich yn harren taal útbouwe. Dêrtroch rekke it Nederlânsk ferballe út alle stedske ynstellings en bestjoer. Dy taalkundige diskriminaasje hong gear mei sosjale en politike diskriminaasje fan de gewoane befolking en legere boargerij. Nijsgjirrich is it ûntstean fan de Brusselske sprektaal dy't winliken in fariant fan it Nederlânsk mei in sterke ynfloed fan it Frânsk wie.

Yn de njoggentjinde iuw krige Brussel in sterke yndustriële ûntjouwing. Yn 1832 waard it Kanaal Brussel-Charleroi yn gebrûk nommen. It spoar fan Brussel nei Mechelen wie it earste spoar op it Jeropeeske fêstelân. Yn it midden fan dy iuw waard de stêd yn it easten en suden flink útwreide.

Rue Antoine Dansaert/Antoine Dansaertstraat

Under kening Leopold II, dy't wol de "kening-arsjitekt" neamd waard, waarden guon prestizieuze gebouwen foar haadstedske ynstellings boud. Guon grutte parken en leanen waarden oanlein en mear wiken waarden byboud. In part fan de Senne waard oerkape, om't de rivier in wiere rioel wie en sykten meibrocht. Dat joech mear romte en lis widere bûlevaars oan nei it foarbyld fan Parys. Troch swiere druk fan de oerheid en troch de ynstream fan Walen en Frânsken ûntstie der in oanhâldende ferfrânsking fan de befolking. Yn it midden fan de tweintichste iuw wiene de Frânsktaligen pas yn de mearderheid. Mank mei dy evolúsje woeks ek it haadstedsk gebiet. Yn de iere njoggentjinde iuw wiene der mar seis gemeenten om de haadstêd hinne, mar nei it ferstedskjen en ferfrânskjen tanamen, waarden omlizzende gemeenten taheakke. Dat barde ornaris by de tsienjierlikse taletellings sadree't it tal Frânsktaligen en twataligen boppe beskate grinzen rekken, waard de belutsen gemeente by it haadstedsk gebiet taheakke.

Tweintichste iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Earste Wrâldkriich boude de Dútske besetter op in gersstripe by Haren guon houten loadsen foar seppelins. Dat foarme it grûnwurk foar de earste nasjonale lofthaven fan Belgje. Yn 1921 waarden Haren, Laken, Neder-Over-Heembeek en noardlike gebieten by Brussel anneksearre, sa't de stêd de grutste gemeente fan it Brusselsk gewest waard.

Place De Brouckère/De Brouckèreplein

Brussel waard op 17 maaie 1940 troch Nazy-Dútslân beset. Op 28 maaie joech it Belgyske leger him oer en kaam de kening werom yn syn paleis yn Laken. Op 28 oktober dat jiers drukten de besetters harren wetten oangeande de Joaden troch. Fan de 21.734 Brusselske Joaden boppe de 15 jier waarden 12.000 registrearre en 4.460 waarden deportearre. Yn septimber 1942 waard de gemeente Grut-Brussel oprjochte dy't beheard waard troch pro-Dútske politisi. Op 3 septimber 1944 waard Brussel troch Britske troepen ûnder leiding fan generaal Sir Miles Dempsey befrijd. Dat jier wiene der ek bombardeminten op de stêd troch Dútske V1-raketten.

It Berlaymontgebou, haadkantoar fan de jeropeeske Kommisje

Nei de kriich waard Brussel modernisearre, benammen de ynfrastruktuer. De Noard-súdferbining waard iepene en yn 1958 waard it noardwesten fan Brussel, it mêd fan it Heizelplateau, yn it ramt fan Expo 58 feroare. Der waarden tunnels yn de lytse ring oanbrocht en úteinset mei it oanlizzen fan de grutte ring. Neitiids krige Brussel hieltyd mear te krijen mei it begryp "brusselisearring", in ûngeunstige term foar it stedske ûntjaan fan Brussel yn de 1960-er en 1970-er jierren. Yn it ramt fan de facto "haadstêd fan Jeropa" en it sit fan de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje waarden wiken platskood en meitsje plak foar grutte kantoargebouwen, it Manhattanplan. Yn 1976 waard de earste metroline yn Brussel iepene.

Ek yn dy snuorje wie der in soad ymmigraasje nei Brussel. De grutstedske befolking waard oanfolle mei arbeidsmigranten út Súd-Jeropa, Noard-Afrika, benammen Marokkanen, en Turkije. Yn de 1980-er en 1990-er jierren sette dy weach troch mei saneamde famyljewerienings. Dêrnjonken kaam der in grutte ymmigraaasjeweach út Sintraal-Jeropa, benammen Poalen en troch de funksje as Jeropeeske haadstêd binne der ek in soad oare EU-boargers dy't al as net permanint yn Brussel wenje.

Yn 1989 waard it Brusselsk Haadstedsk Gewest oprjochte, mei in eigen Brusselsk Parlemint en regear.

Ienentweintichste iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 waard Brussel offisjeel ta Capital of Europe beneamd en wie tagelyk dat jiers ek Kulturele Haadstêd fan Jeropa.

Op 22 maart 2016 foelen der by terroristyske oanslaggen op de lofthaven Zaventem en it metrostasjon Maalbeek yn Brussel 31 deaden en likernôch 200 ferwûnen. Op 20 juny 2017 besocht in terrorist in spikerbom ûntploffe te litten op it Stasjon Brussel-Sintraal, mar dat mislearre. De dieder waard deasketten nei't it mislearre oanstekken fan de bom in lytse ûntploffing feroarsake hie.

De gemeente Brussel yn it gewest Brussel-Haadstêd yn read oanjûn

De gemeente Brussel (op de kaart yn it read) bestie oarspronklik allinnich út de binnenstêd fan Brussel, de Fiifhoeke Pentagon/Vijfhoek omreden syn fiifehoekige foarm. Hjoed-de-dei wurdt de gemeente Brussel yn seis stedsdielen yndield.

De gemeente hat 188.737 ynwenners (1 jannewaris 2022) en hat in oerflak fan 32,61 km².

Gemeenten yn it gewest Brussel-Haadstêd.
Nûmer 2 jout de gemeente Brussel oan

Yn it noarden grinzget de gemeente oan de provinsje Flaamsk-Brabân. Fierders grinzget de gemeente Brussel (2) oan:

7 Jette
13 Molenbeek-Saint-Jean/Sint-Jans-Molenbeek
1 Anderlecht
12 Saint-Gilles/Sint-Gillis
17 Uccle/Ukkel
19 Watermael-Boitsfort/Watermaal-Bosvoorde
4 Etterbeek
10 Schaerbeek/Schaarbeek
14 Saint-Josse-ten-Noode/Sint-Joost-ten-Node
5 Evere
3 Ixelles/Elsene (yn twaen dield)

De gemeenten Ganshoren (6), Sint-Agatha-Berchem (11), Koekelberg (8), Vorst (18), Oudergem (9), Sint-Pieters-Woluwe (16) en Sint-Lambrechts-Woluwe (15) hawwe gjin mienskiplike grinzen mei de gemeente Brussel.

De Brusselske Fiifhoeke
Us-Leaffroutsjerke (Laken)
Atomium yn Laken
  • Fiifhoeke (Pentagon/Vijfhoek), de histoaryske binnenstêd fan Brussel:
    • Sintrumwyk
    • Keninklike Wyk (Quartier Royal/Koninklijke Wijk)
    • Quartier des Sablons/Zavelwijk
    • Quartier de Marolles/Marollenwijk
    • Quartier Midi-Lemonnier/Lemmonier-Zuidwijk of Stalingradwyk (Quartier Stalingrad/Stalingradwijk)
    • Senne of Dansaertwyk
    • Kaaiewyk (Quartier des Quays/Kaaienwijk)
    • Quartier Marais Jacqmain/Jacqmain-Broekwijk
    • Frijheidswyk (Quartier des Libertés/Vrijheidswijk)
  • Eastlike wiken
    • Jeropeeske wyk (Quartier Européen/Europese Wijk) en Leopoldswyk (Quartier Léopold/Leopoldswijk)
    • Pleinewyk (Quartier Squares/Squareswijk)
  • Noardlike wiken

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1806 1830 1856 1880 1900 1920 1947 1961 1970 1981 1990 2000 2010 2020 2022
73.928 98.279 159.809 183.315 218.623 203.058 184.838 170.489 161.080 139.678 136.706 133.859 157.672 185.103 188.737

* Boarne: NIS

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keninklike Hubertusgaleryen
Katedraal fan Sint-Michiel en Sint-Goedele
  • Katedraal fan Sint-Michiel en Sint-Goedele
  • Kapelletsjerke
  • Sint-Jabik op de Koudenberg
  • Us-Leaffroutsjerke (Laken)
  • Us-Leaffrou-ta-Saveltsjerke
  • Tsjerke Us-Leaffrou Fan Finisterrae
  • Sint-Katelinetsjerke
  • Sint-Jehannes Baptist ta Begynhôftsjerke
  • Sint-Jehannes en Sint-Steventsjerke fan de Minimen
  • Sint-Niklaastsjerke
  • Brigittinnetsjerke
Muntskouboarch
Manneken Pis

Museums (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Keninklike Museums foar Keunst en Skiednis :
    • Keunst en skiednismuseum
    • Paviljoen foar Minsklike Driften
    • Hallepoarte
    • Museums fan it Fiere Easten
    • Muzykynstrumintemuseum
  • Keninklike Museums fan Skiene Keunsten fan Belgje:
    • Oldmasters Museum
    • Magritte Museum
    • Fin-de-Siècle Museum
    • Wiertz Museum
    • Meunier Museum
    • Keninklike Museum fan Moderne Keunsten
  • Keninklike Museum fan it Leger en de Kriichskiednis

Iten en útgean

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kafee Le Poechenellekelder

Brussel is ferneamd om syn iten. Brusselske sprútsjes binne nei de stêd neamd. Fierders binne mosselpatat, waffelkoeken, sûkelarje, patat en bier Brusselske spesjaliteiten. Der is ien restaurant mei twa stjerren en der binne fjouwer restaurants mei ien stjer fan Michelin yn de stêd.

Brussel hat, lykas in soad oare Belgyske stêden, in warber útgeanslibben. In soad útgeansgelegenheden lizze ferspraat oer de stêd hinne, dochs yn it sintrum binne benammen it gebiet om de Beurs en it Place Saint Géry/Sint-Goriksplein hinne bekend as útgeansbuert.

De Wikipedy hat ek in side Ferfrânskjen fan Brussel.

Yn de stêd Brussel, lykas yn de rest fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest, binne it Frânsk en Nederlânsk de offisjele talen. De measte ynwenners, forinzen en fêste bûtenlanners brûke almeast it Frânsk as sprektaal. Likernôch 10-15% fan de Brusselske befolking praat Nederlânsk. In part dêrfan praat noch hieltyd it Brusselsk, dat it Brabânske dialekt fan Brussel is. It dialekt is lykwols stadichoan oan it ferdwinen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en literatuer, sjoch de boarnen en bewurkingsskiednis fan dizze siden:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Brussels (municipality) fan Wikimedia Commons.