De Puriteinske
De Puriteinske | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Puritan | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 1606? | |
1e publikaasje | 1607, Londen |
De Puriteinske, yn it Ingelsk: The Puritan (eins folút: The Puritan, or: The Widow of Watling Street, en ek wol bekend as The Puritan Widow), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út it begjin fan 'e santjinde iuw, dat foar it earst publisearre waard yn 1607 en wierskynlik skreaun is yn 1606.
Auteurskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e foarside fan 'e earste útjefte fan De Puriteinske waard de skriuwer oanjûn as "W.S.", en dy inisjalen waarden yn 1656 troch Edward Archer yn syn opsomming fan toanielstikken identifisearre as steand foar William Shakespeare. Yn 1664 waard De Puriteinske troch útjouwer Philip Chetwinde tafoege oan syn twadde printinge fan 'e saneamde Third Folio fan Shakespeare syn wurk, en sadwaande wurdt it stik tsjintwurdich ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, ek al binne moderne saakkundigen frijwol unanym yn har ôfwizing fan Shakespeariaansk auteurskip foar De Puriteinske.
Poer op grûn fan 'e inisjalen binne de obskuere ier santjinde-iuwske toanielskriuwers Wentworth Smith en William Smith wol neamd as de wiere auteur, mar út ûndersyk fan skriuwstyl en taaleigen is nei foarren kommen dat it stik nei alle gedachten ynstee skreaun is troch Thomas Middleton.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It toanielstik giet oer de puriteinske frou Plus, wa har man oft krektlyn kommen is te ferstjerren. Nettsjinsteande de strange leauwigens fan puriteinen, docht geandewei it stik bliken dat de hear Plus silger in earsten smjunt wie, dy't gjin skrupules hie om lykfolwa op glûpske wize jild ôfhandich te meitsjen. De skynhilligens fan 'e puriteinen is ien fan de haadtema's fan De Puriteinske, wat makke dat it stik yn syn tiid foar nochal wat trelit soarge.
It grutste part fan it stik giet oer in espeltsje ûnrant út de Londenske ûnderwrâld, ûnder lieding fan in George Pyeboard, dy't fan doel binne om mei in yngewikkeld plan ien fan harren út it tichthûs te befrijen en tagelyk frou Plus en har famylje op te lichtsjen. It slagget harren om har freon út 'e finzenis te heljen, en se krije frou Plus en ien fan har dochters hast sa gek dat se mei guon fan harren trouwe, mar krekt foar't de houliken sletten wurde, komt alles út, en de froulju beslute dan om te trouwen mei de manlju oan wa't se oarspronklik foarsein wiene, wylst de sympatike Pyeboard en syn helpers oan 'e lange earm fan de wet witte te ûntkommen, sadat de ein fan it stik in fleurige toan hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|