Shakespeariaanske poëzij
De Shakespeariaanske poëzij is it dichtwurk fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, dat datearret fan 'e ein fan 'e sechstjinde en it begjin fan 'e santjinde iuw. Yn it foarste plak hearre dêrta syn Sonnetten, mar dêrnjonken binne der ek noch wat losse gedichten. Twa fan 'e sonnetten en trije gedichten dy't oan 'e komeedzje Leafde's Lêst Net Leanne ûntliend wiene, waarden yn 1599 sûnder Shakespeare syn tastimming publisearre yn 'e samling De Hertstochtlike Pylger (The Passionate Pilgrim). Fan 'e rest fan 'e gedichten yn dy bondel kin fan in diel mei wissichheid sein wurde dat se it wurk fan oare skriuwers binne, mar fan guon is de auteur ûnbekend; dy soene mooglik fan Shakespeare wêze kinne. Ek wurde der noch guon oare, losse gedichten oan 'e man taskreaun; krekt as in grut part fan De Hertstochtlike Pylger hearre dy ta de Shakespeariaanske apokrifa.
Opsomming fan 'e Shakespeariaanske poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sonnetten
- De Hertstochtlike Pylger (foar in diel)
- De Feniks en de Toartel
- Fenus en Adoanis
- De Klaachsang fan in Minneresse
- De Rôf fan Lukresia
Ta de Shakespeariaanske apokrifa hearre fierders noch: