Springe nei ynhâld

How to Train Your Dragon: The Hidden World

Ut Wikipedy
How to Train Your Dragon:
The Hidden World
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Dean DeBlois
produsint Bonnie Arnold
Brad Lewis
útfierend
   produsint
Dean DeBlois
Chris Sanders
senario Dean DeBlois
basearre op de romansearje
   fan Cressida Cowell
muzyk John Powell
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Jay Baruchel
America Ferrera
byrollen F. Murray Abraham
Craig Ferguson
Cate Blanchett
Jonah Hill
Christopher Mintz-Plasse
Kristen Wiig
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 3 jannewaris 2019
foarm lange tekenfilm
sjenre histoaryske fantasy-
   aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $129 miljoen
opbringst $521,8 miljoen
filmsearje
filmsearje How to Train Your Dragon
● foarich diel How to Train Your Dragon 2

How to Train Your Dragon: The Hidden World, ek bekend as How to Train Your Dragon 3 en yn Nederlân útbrocht as Hoe Tem Je een Draak 3, is in Amerikaanske histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2019, yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre lange tekenfilm foar jongerein en de hiele famylje. De film stie ûnder rezjy fan Dean DeBlois, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Jay Baruchel en America Ferrera. De titel betsjut "Hoe'tst dyn Draak Beleare Moatst: De Ferburgen Wrâld". It is it trêde en ôfslutende diel fan 'e filmsearje How to Train Your Dragon, en folget as sadanich op How to Train Your Dragon 2 út 2014.

How to Train Your Dragon: The Hidden World wie, krekt as syn foargonger, loskes basearre op 'e romansearje mei deselde namme fan Cressida Cowell. It ferhaal spilet yn in fiktive Wytsingtiid op it ôfhandige eilân Berk, wêrfan't de bewenners, û.l.f. harren jonge en ûnbelearde haadman Hik, oanhâlde mei it rêden fan finzen draken. Om 'e bisten foargoed bûten berik fan 'e drakefangers te bringen, wol Hik de Ferburgen Wrâld sykje, in feilich ûntwyk foar draken, dêr't syn heit silger him oer ferteld hat. Underwilens moetet Hik syn nachtfuerydraak Toskeleas in wyfke fan syn eigen soarte, dat lykwols lokies blykt te wêzen dat útset is troch de beruchte drakejager Grimmel de Grizel om Toskeleas te fangen. Om 'e draken út 'e hannen fan Grimmel en syn meistanners te hâlden, moat Hik kieze tusken harren selskip en harren feilichheid.

How to Train Your Dragon: The Hidden World krige, krekt as de foargeande beide films, fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie ek yn 'e bioskopen tige kommersjeel súksesfol. De film waard nominearre foar ferskate wichtige prizen, wêrûnder sawol de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm as de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm.

In jier nei't Hik by it ferstjerren fan syn heit haadman fan 'e Wytsingen fan it eilân Berk wurden is, binne hy en syn draak Toskeleas, syn faam Astrid en harren freonen Snotbongel Jorgenson, Fiskepoat Ingerman en de twilling Skoarre en Moarje Thorston drok dwaande mei it befrijen fan draken. Nei de dea fan Drago Bloedfûst (sjoch: How to Train Your Dragon 2) binne der nammentlik nije kriichshearen opstien dy't de wrâld oerhearskje wolle troch it fangen en ynsetten fan draken: Grissilda de Grime, Ragnar de Rots en Chaghatai Khan. Dyselden binne lykwols net ien fan allegear botte skrander, dat it is foar Hik-en-dy net al te dreech om harren te fluch ôf te wêzen. De befrijde draken nimme se mei werom nei Berk, dat sadwaande oerbefolke rekke is. Hik syn oplossing foar it probleem is om 'e Ferburgen Wrâld te sykjen, in feilich ûntwyk foar draken foarby wrâldseinen, dêr't syn heit Stompum de Mânske silger him as bern oer ferteld hat.

Underwilens krije de trije kriichshearen help fan 'e beruchte drakejager Grimmel de Grizel. Hja jouwe him in wite, froulike nachtfuery, in draak fan deselde seldsume soarte as Toskeleas, wêrmei't er Toskeleas en Hik yn 'e fâle lokje moat. De kriichshearen wolle dat Grimmel Toskeleas fangt en oan harren oerdraacht, sadat se him, as alfa fan alle draken fan Berk, brûke kinne om 'e oare draken te fangen en yn 'e stringen te hâlden. Grimmel hat lykwols sa syn eigen plannen. As Toskeleas it nachtfuerywyfke yn 'e wyldernis fan Berk ûntdekt, rekket er alhiel ûnder har tsjoen, mar as de wite nachtfuery, dy't Astrid dêrom de Ljochtfuery neamt, Hik opmerkt, besiket se him te deadzjen. Toskeleas rêdt him, mar de Ljochtfuery naait út. Letter ûntdekke Hik, Toskeleas en Skoarre yn 'e wyldernis drakefâlen dy't dêr pleatst binne troch Grimmel. Eret, soan fan Eret, in eardere drakefanger dy't him in jier lyn by Hik-en-dy jûn hat, ken de fâlen werom as it wurk fan Grimmel en warskôget Hik oer de reputaasje fan ûnmeilydsumens dy't de drakejager hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dy jûns kringt Grimmel de wente fan Hik binnen en easket dat dyselde Toskeleas oan him oerdraacht. Ek swetst er dat er alle oare nachtfuerys yn 'e wrâld útrûge hat. It docht lykwols bliken dat Hik in eigen fâle foar Grimmel opset hat, dêr't de jager mei iepen eagen yn trêde is. Mar as Hik en syn freonen him finzen nimme wolle, ropt Grimmel de help yn fan syn fjouwer deagriperdraken, dy't er drogearret mei harren eigen gif sadat se net fetber binne foar de oarders fan in alfa. De deagripers baarne Hik syn hûs plat en in oansjenlik diel fan Berk dêropta, wylst Grimmel mei harren help ûntkomt. Dit fiasko set Hik oan om oan 'e Wytsingen fan Berk syn plannen foar te lizzen om Berk te ferlitten en mei harren draken op syktocht te gean nei de Ferburgen Wrâld. Mei help fan Astrid wit er de oare eilânbewenners derfan te oertsjûgjen dat der winliken gjin oare kar is om't Berk ûnferdigenber is tsjin 'e legermacht dy't Grissilda, Ragnar en Chaghatai op 'e foet brocht hawwe.

Dat, de Wytsingen fan Berk sette fleanend op harren draken ôf nei it westen, dêr't se op in stuit in mânsk, ûnbekend en ûnbewenne eilân ûntdekke. Hoewol't dat dúdlik net harren bestimming is, lânje se dêr om út te rêsten. De Wytsingen fine út dat dit eilân eins folle mear natuerlike helpboarnen hat as Berk. Se begjinne it al rillegau 'Nij-Berk' te neamen, en Hik beseft dat it in hiele put wurde sil om harren wer yn beweging te krijen. Yn 'e wyldernis fan Nij-Berk treft Toskeleas de Ljochtfuery wer, wylst Hik harren út in skûlplak wei begluorket. It wyfke hat dúdlik belangstelling foar Toskeleas, mar dy wit net krekt hoe't er it hawwe moat om har foar him te winnen. Hik besiket as sûffleur foar syn freon te tsjinjen, mei hilaryske gefolgen. As de Ljochtfuery úteinlik fuortfljocht, kin Toskeleas net folgje omreden fan syn missende sturtfin (sjoch: How to Train Your Dragon). Hik, dy't begrutsjen mei syn draak hat, werbout dan de automatysk funksjonearjende proteze dy't er earder foar Toskeleas makke hie (sjoch: Dragons: Gift of the Night Fury).

Dêrmei tarist fljocht Toskeleas fuort. Hy fynt heech yn 'e loft de Ljochtfuery werom, dy't him foardocht hoe't se harsels foar koarte tiid ûnsichtber meitsje kin. It slagget Toskeleas net om dat keunstke nei te dwaan, mar it docht bliken dat er himsels wol elektrifisearje kin troch wjerljochtynslaggen oan te lûken. Dat is wer wat dat de Ljochtfuery him net neidocht. Tegearre fleane se nei in grutte wetterfal midden yn 'e see, en as Toskeleas de Ljochtfuery folget troch it gerdyn fan wetter, blykt dat der yn reuseftige grotten in folsleine wrâld ferburgen leit dy't inkeld foar draken tagonklik is: de Ferburgen Wrâld. As Toskeleas him dêr as alfa jilde lit, wurdt er troch de draken dy't dêr libje as harren lieder akseptearre.

Underwilens ûntdekt Hik syn mem Valka, as hja op ferkenning útgiet op har draak Wolkedûnser, dat Grimmel mei de kriichshearen en harren leger ûnderwilens op Berk arrivearre is. Se hawwe genôch skippen mei koaien by har om alle draken fan Berk yn op te sluten. Se keart werom nei Nij-Berk, dêr't se Hik fertelt wat se sjoen hat. Hik beslút dat de hiele armada mei ien klap ûnskeadlik makke wurde kin as se Grimmel finzen nimme, dy't dúdlik it brein is efter de hommels opkommen trochpakkendheid fan 'e kriichshearen. Dat, sûnder Toskeleas, mar yn syn eigen fleanpak reizget Hik mei Valka, Astrid en syn freonen werom nei Berk om in wraam op Grimmel te dwaan. Dyselde is harren lykwols op 'e nij in stap foar, en it slagget him op in hier nei om Hik-en-dy finzen te nimmen. De drakeriders wurde lykwols rêden troch harren draken. Werom op Nij-Berk docht bliken dat Moarje net mear by harren is; hja is by fersin op Berk efterlitten en neitiid opsletten troch Grimmel.

Hik komt ta de konkúzje dat er de help fan Toskeleas brek is om Moarje te rêden en om 'e Wytsingen fan Berk en harren draken nei feilichheid te lieden. Dat, hy en Astrid geane der op Astrid har draak Stoarmmich op út om him te sykjen. Stoarmmich liedt harren nei de wetterfal en de Ferburgen Wrâld. It is fuortendaliks dúdlik dat de Wytsingen fan Berk hjir net libje kinne. Hik en Astrid sjogge fan in ôfstân hoe't Toskeleas en de Ljochtfuery no as in pearke oer de draken fan dit oarde hearskje, en Hik beslút dat syn freon hjir better ôf is. Ear't hy en Astrid stil weiwurde kinne, wurde se lykwols opmurken troch de draken fan 'e Ferburgen Wrâld, dy't besykje harren te deadzjen. Toskeleas en Stoarmmich gripe yn om harren te rêden en fleane mei harren werom nei Nij-Berk. Dêr docht, ta grutte blydskip fan Toskeleas, bliken dat de Ljochtfuery harren folge is.

Underwilens hat Moarje Grimmel sa yrritearre mei har ûnophâldlike geëamel, dat er har frijlitten hat en in finzen draak jûn hat om op te krassen. Se is dêrnei streekrjocht nei Nij-Berk flein, net beseffend dat Grimmel har folge is. Hy fangt de Ljochtfuery en brûkt har as lokies om ek Toskeleas te fangen. Dêrnei bedriget er de Ljochtfuery mei de dea en twingt Toskeleas sa om syn alfastatus te brûken om alle draken fan Berk mei te nimmen nei de float fan 'e trije kriichshearen.

Hik is alhiel ferbûke troch dy ûntwikkeling, mar Valka stjoert Astrid nei him ta om him moed yn te praten. Mei har oanmoediging betinkt er in healwiis plan wêrby't hysels, Astrid, Snotbongel, Fiskepoat en Skoarre en Moarje allegear in fleanpak oandogge en fan 'e hege kliffen fan Nij-Berk ôf springe om op eigen krêft nei de float ta te fleanen. Mei dy domdryste aksje komme se Grimmel-en-dy oer it mad. Se befrije Stoarmmich, dy't harren helpt om Toskeleas te befrijen. Grimmel drogearret lykwols de Ljochtfuery sadat it bist him hearrich is, en naait mei har út. Wylst de Wytsingen fan Berk arrivearje om Astrid-en-dy te helpen by it ôfweven mei de kriichshearen en harren float, set Hik op Toskeleas de efterfolging yn. Grimmel stjoert syn deagripers op Toskeleas ôf, dy't de lytsere draak fan fjouwer kanten fêstgripe. Toskeleas brûkt lykwols syn nij ûntdutsen fermogen ta elektrifikaasje om 'e gruttere draken te elektrokutearjen.

Neitiid springt Hik Grimmel op 'e rêch, wêrnei't se fansiden rûgelje. Hik hâldt him fêst oan it gereid dêr't Grimmel de Ljochtfuery mei bûn hat, wylst Grimmel him fêsthâldt oan Hik. Sa hingjend wit Grimmel lykwols Toskeleas yn 'e loft te reitsjen mei in ferdôvingspylkje, dat er delstoart. Hik, dy't syn freon net rêde kin, befrijt ynstee de Ljochtfuery en smeekt har om Toskeleas te rêden. Dan lit er har los, sadat hy en Grimmel omleech falle. De Ljochtfuery, dy't wer ta harsels komt, rêdt yndie Toskeleas, mar Grimmel skuort de wjukdielen fan Hik syn fleanpak ôf, sadat er sels net mear fleane kin. Boppe ferwachting keart de Ljochtfuery werom om Hik te rêden. Grimmel hâldt him op dat stuit noch oan Hik syn skonkproteze fêst, mar Hik gaspet in rymke los, wêrnei't de drakejager mei de proteze noch yn 'e hân te pletter falt.

As se allegear wer op Nij-Berk binne, beseffe Hik en Astrid dat de draken nea feilich wêze sille salang't se yn 'e minsklike wrâld libje. Hik nimt dêrom ôfskied fan syn freon Toskeleas, wylst Astrid har Stoarmmich nochris oankrûpt. As se dat sjogge, nimme ek alle oare Wytsingen mei triennen yn 'e eagen ôfskie fan harren draken. Neitiid liede Toskeleas en de Ljochtfuery alle draken fuort fan Nij-Berk, dat út nei de Ferburgen Wrâld. Tsjin it ynfallen fan 'e winter hawwe de Wytsingen har foargoed op Nij-Berk nei wenjen set en in nij doarp boud, dêr't Hik en Astrid yn it bywêzen fan alle oaren trouwe yn 'e snie op it doarpsplein.

Op dit punt yn it ferhaal fine de foarfallen út 'e koarte tekenfilm How to Train Your Dragon: Homecoming plak.

Yn in epilooch farre Hik en Astrid tsien jier letter mei harren beide bern, in jonkje en in famke, dat út nei de grutte wetterfal middenyn see. Yn in voice-over fertelt Hik dat sûnt de draken út 'e wrâld ferdwûn binne, se foar de minsken ta in leginde wurden binne, as hiene se nea wier bestien. De Wytsingen fan Nij-Berk witte lykwols better. As de boat fan Hik en Astrid de wetterfal benei komt, fljocht Toskeleas harren yn 'e mjitte en folget in hertlike weriening. It docht bliken dat hy en de Ljochtfuery ûnderwilens trije jonge draakjes krigen hawwe, en se bringe inoar mei harren bern yn 'e kunde. Yn 'e voice-over swart Hik dat de Wytsingen fan Nij-Berk it geheim fan 'e draken bewekje sille oant de minskheid ree is om freedsum mei de bisten gear te libjen.

Jay Baruchel.
America Ferrera.
F. Murray Abraham.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Hik Heislike Heilbot III Jay Baruchel Patrick Martens
Astrid Hofferson America Ferrera Terence Schreurs


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Grimmel de Grizel F. Murray Abraham Daniël Boissevain
Rachelman Krôk Craig Ferguson Bert Simhoffer
Valka Cate Blanchett Thekla Reuten
Snotbongel Jorgenson Jonah Hill Trevor Reekers
Fiskepoat Ingerman Christopher Mintz-Plasse Sander van der Poel
Moarje Thorston Kristen Wiig Dorien Haan
Skoarre Thorston Justin Rupple Jop Joris
Eret, soan fan Eret Kit Harington Geza Weisz
Stompum de Mânske (yn flashbacks) Gerard Butler Peter Tuinman
Grissilda de Grime Julia Emelin ?
Ragnar de Rots Ólafur Darri Ólafsson ?
Chaghatai Khan James Sie ?
Ack Robin Atkin Downes ?
Hoark Holeach Kieron Elliott ?
Fliba de Fûle Ashley Jensen ?
drakefanger Gideon Emery ?
de jonge Hik AJ Kane ?

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

How to Train Your Dragon: The Hidden World waard, krekt as de foargeande film regissearre troch Dean DeBlois nei in senario fan himsels op basis fan 'e romansearje How to Train Your Dragon fan 'e Britske skriuwster Cressida Cowell. As produsinten wiene Bonnie Arnold en Brad Lewis by it projekt belutsen foar de filmstudio DreamWorks Animation. DeBlois en Chris Sanders, dy't tegearre de earste film regissearren, hiene as útfierende produsinten it algemien tafersjoch oer de produksje, dêr't in budget fan $129 miljoen foar beskikber wie. De filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell.

De distribúsje fan How to Train Your Dragon: The Hidden World waard fersoarge troch Universal Pictures om't de memme-ûndernimming fan dy studio, NBCUniversal, yn 2016 DreamWorks Animation oernommen hie. (De foargeande beide How to Train Your Dragon-films wiene distribuëarre troch 20th Century Fox.) How to Train Your Dragon: The Hidden World iepene op 3 jannewaris 2019 yn 'e bioskopen yn Austraalje, wylst de film pas op 22 febrewaris fan dat jier yn 'e Feriene Steaten útkaam. Op 7 maaie 2019 kaam How to Train Your Dragon: The Hidden World beskikber as digitale download, en op 21 maaie waard de film ek útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige How to Train Your Dragon: The Hidden World oer it algemien positive resinsjes. Sa parte Michael Nordwine fan IndieWire de film in 8 ta op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau dat de film "syn jonge publyk yn 't sin bringt dat alle goede dingen – it tiidrek fan draken ynbegrepen – einigje moatte." Dêropta hied in protte lof foar de animaasje mei syn "sikestûkjende fisuele effekten". Yn The New York Times omskreau Ben Kenigsberg de film as "mear bitterswiet en minder triomfantlik as syn foargongers". It boadskip fan 'e film fette er gear as: "Ast wier hâldst fan dy draak dy'tst beleard hast […], dan litst him gean."

Ien fan 'e útsûnderings yn 'e sin dat se net folle fan How to Train Your Dragon: The Hidden World hawwe moast, wie Kerry Lengel fan The Arizona Republic, dy't de plot fan 'e film omskreau as "tin en gatterich" en de personaazjes as "foar it meastepart ien inkele grap dy't op werhelling ynsteld is". Se kwalifisearre de film as gehiel as "loai".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie How to Train Your Dragon: The Hidden World in heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 263 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film], sa'n seldsume trilogy-ôfsluter dy't echt wurket, bringt de sêge ta in fisueel tûzelsinnige en emosjoneel oangripende konklúzje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle How to Train Your Dragon: The Hidden World in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 42 resinsjes.

How to Train Your Dragon: The Hidden World brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $160,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $361,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $521,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $129 miljoen betsjut dat in winst fan $392,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It blêd Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e film op $130 miljoen.

How to Train Your Dragon: The Hidden World waard nominearre foar sawol de Oscar foar bêste lange animaasjefilm as de Golden Globe foar bêste lange animaasjefilm. De film waard ek nominearre foar de Saturn Award, de Satellite Award, de Annie Award en de Critics' Choice Award foar bêste animaasjefilm, de People's Choice Award foar bêste famyljefilm en bêste animaasjefilmstjer (America Ferrera), en noch fiif Annie Awards foar ûnderskate aspekten fan animaasje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


How to Train Your Dragon (filmsearje)
lange films
How to Train Your Dragon (2010) • How to Train Your Dragon 2 (2014) • How to Train Your Dragon: The Hidden World (2019)
koarte films
Legend of the BoneKnapper Dragon (2010) • Book of Dragons (2011) • Dragons: Gift of the Night Fury (2011) • Dragons: Dawn of the Dragon Racers (2014) • How to Train Your Dragon: Homecoming (2019) • Snoggletog Log (2019)