Springe nei ynhâld

In Poppehûs

Ut Wikipedy
In Poppehûs
algemiene gegevens
oarspr. titel Et Dukkehjem
auteur Henrik Ibsen
taal Noarsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1879
1e opfiering 1879, Kopenhagen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Poppehûs
publikaasje 1928, yn De Holder
1956, Grou
útjouwer eigen behear
oersetter Ale Kerkhof

In Poppehûs, yn it oarspronklike Noarsk: Et Dukkehjem, is in toanielstik yn trije bedriuwen fan 'e hân fan 'e grutte Noarske toanielskriuwer, dichter en toanielregisseur Henrik Ibsen (1828-1906). It ferhellet oer de húsfrou Nora Helmer, dy't harsels fuortsiferet foar har man, mar troch him as in bern behannele wurdt, en úteinlik beslút om by gesin wei te gean en in eigen libben op te bouwen. Mei Et Dukkehjem stelde Ibsen him fjouwerkant op oan 'e kant fan 'e frou yn 'e njoggentjinde-iuwske maatskippij, en it stik wie yn syn tiid dan ek tige by tige kontroversjeel. Yn in taspraak foar de Noarske Feriening foar Frouljusrjochten, yn 1898, sei Ibsen lykwols dat "ik my de eare ûntsizze moat om my bewust foar de frouljusrjochtebeweging ynset te hawwen", mei't er skreaun hie "sûnder lykfol hokker bewuste tins oan it meitsjen fan propaganda", mar ynstee wurke hie oan "de omskriuwing fan minsklikheid." Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw en nochris yn 2006 wie Et Dukkehjem it meast opfierde toanielstik fan 'e wrâld. It waard skreaun yn 1879, en datselde jiers noch foar it earst opfierd yn it Keninklik Teäter yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen. De earste Fryske oersetting, fan Ale Kerkhof, ferskynde yn 1928.

Nora Helmer is de frou fan Torvald Helmer, dy't in liedingjaande funksje by in bank beklaait. Se hawwe in pear finansjeel krappe jierren efter de rêch, mar no sil Torvald in promoasje en dêrmei in grutter salaris krije, dat dizze kryst hawwe se it wat rommer. Nora fertelt lykwols yn fertrouwen oan Christine Linde, in âld kammeraatske fan har, dat Torvald in pear jier lyn slim siik west hat, en dat se nei Itaalje ta moasten om him opbetterje te litten. Dy reis wie sabeare betelle mei jild dat Nora fan har heit urven hie, mar yn wurklikheid hat se temûk (en yllegaal, want soks meie froulju sûnder goedkarring fan harren man hielendal net dwaan) in liening by de bank ôfsletten troch de hantekening fan har man te ferfalskjen. Sûnt is se troch hiel sunich te libjen dy liening by stikjes en bytsjes oan it ôfbeteljen.

Troch dy yllegale liening komt Nora yn 'e swierrichheden as Torvald beslút en ûntslaan Krogstad, in wurknimmer by de bank. Krogstad is dejinge dy't Nora oan har liening holpen hat, en no begjint er har dêrmei te sjantearjen: as sy Torvald net bepraat om Krogstad yn 'e tsjinst te hâlden, sil er alles oan har man útbringe. Nora docht har bêst, mar Torvald wol fan gjin wiken witte, en leit har út dat Krogstad in liger en bedrager is dy't in hantekening ferfalske hat, wat yn syn eagen in ûnferjoulike sûnde is. As Nora letter oan Krogstad berjochtsje moat dat it har net slagge is om har man op oare gedachten te bringen, stjoert Krogstad Torvald in brief, wêryn't er de hiele saak út 'e doeken docht. Dat brief bedarret yn Torvald syn postbus, dêr't in slot op sit, en hinget dêrnei in grut diel fan it stik as in soarte fan swurd fan Damokles boppe Nora har holle.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nora har kammeraatske Christine wie foarhinne Krogstad syn faam, mar hja wie fanwegen poer finansjele redens twongen en trou mei in rike man fan wa't hja net hold, om sa har sike mem en jonge bruorren en susters ûnderhâlde te kinnen. Nei it ferstjerren fan har man wie se jierren besteld mei it fersoargjen fan har mem en it grutbringen fan har bruorren en susters, mar no't dy allegear folwoeksen binne, en har mem ferstoarn is, bekent se oan Krogstad dat se noch altiten fan him hâldt. Hja oertsjûget him derfan om Nora gewurde te litten, dat hy stjoert in nij brief, wêryn't er syn ûntskuldigings makket, syn sjantaazjepraktiken ôfswart en syn bewiismateriaal oangeande Nora har liening meistjoerd.

As Torvald einlings en te'n lêsten Krogstad syn earste brief lêst, wurdt er poerrazen. Hy is deabenaud dat Krogstad Nora har temûke liening útbringe sil, want it skandaal dat dat opsmite soe, soe foarfêst de ein fan syn karriêre betsjutte. Hy seit Nora it mannewaar op, en neamt har in falske en ymmorele frou dy't ûngeskikt is om syn bern grut te bringen. Fan no ôf oan, sa fertelt er har, sil harren houlik inkeld noch foar de bûtenwrâld bestean, mar yn 'e hûs wol er neat mear mei har fan dwaan hawwe. Op dat punt komt de faam deryn mei Krogstad syn twadde brief, en hoewol't dy rjochte is oan Nora, skuort Torvald him har út 'e hannen wei. As er sjocht wat deryn stiet, slacht syn sin folslein om. Hy is alhiel feringele mei wat er lêst, en ferbrânt daliks it bewiismateriaal fan Nora har liening yn 'e iepen hurd. Dêrop nimt er syn hurde wurden oan Nora har adres werom, en fertelt har dat er har ferjout foar har domheid, dat er de liening tenei gewoan as ien fan har flaters beskôgje sil, en dat sokke froulike ûnnoazelheid no krekt is wat er sa skattich oan har fynt.

Nora beseft dan foar it earst yn harren achtjierrich trouwen dat hja har man folslein ferkeard ynskatten hat. Hy is net de sterke en galante hear dy't se miend hie dat er wie, mar in nearhertich ikman, dy't har pynlike kar tusken har gewisse en syn eigen sûnens net iens begripe kin, en har jierren fan stikem bodzjen om 'e liening sûnder syn meiwitten ôf te beteljen folslein negearret. Op dat stuit komt se ta in beslút, en dielt se Torvald mei dat se har hiele libben lang al as pop behannele wurdt, earst troch har heit en no troch him, mar dat se dêr har nocht fan hat, en dat se by him wei giet. Se fertelt him dat se fan him ferwachte hie dat er syn reputaasje foar harres opofferje wollen hie, en dat se fan doel wie om harsels tekoart te dwaan om him dat te besparjen, mar dat se no sjocht hokfoar man oft er echt is, en dat de wierheid har raar ôffalt. Torvald besiket har tsjin te hâlden troch har op har plichten as frou en mem te wizen, mar hja antwurdet him dat se frou noch mem wêze kin oant se ûntdutsen hat wa't se sels eins is. Torvald kin mar net begripe wêr't se it oer hat, mei't it yngiet tsjin alles dat er oer froulju mient te witten. Fierders snapt er likemin hoe't er der sels yn har eagen útsjocht, mei't er dêr fiersten te selsynnommen foar is. Nora leit har kaaien en trouring op 'e tafel en ferlit it hûs, dêrby in gûlende Torvald yn folsleine alteraasje efterlittend.

Alternative ein

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ibsen syn Dútske agint fûn de oarspronklike ein yn 'e Dútske steaten ûnbesteanber, en twong him om in akseptabeldere alternative ein te skriuwen, wêryn't Torvald Nora meinimt nei de bernekeamer en hja by it sjen fan har bern ynstoart op it stuit dat it doek falt. Ibsen neamde dy ein letter in ferkrêfting fan it toanielstik en "in barbaarske skande," en hy wurdt sadwaande tsjintwurdich dan ek nea mear brûkt.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Et Dukkehjem is twaris yn it Frysk oerset (tink om it ferskil yn titels). De earste fertaling wie fan 'e hân fan Ale Kerkhof, en waard ûnder de titel Poppethús yn 1928 foar in part publisearre yn it tydskrift De Holder. Yn syn gehiel (43 siden) kaam er pas yn 1956 yn Grou út (nei alle gedachten yn eigen behear, mei't it lemma yn it digitaal argyf fan Tresoar fierders gjin útjouwer fermeldt), mar ûnder in oare titel: It Poppehûs. De twadde oersetting, In Poppehûs (tink om it lidwurd), besteande út 99 siden, waard yn 1985 makke troch it duo Harke Bremer en Jarich Hoekstra foar Tryater, en waard yn 2001 publisearre troch de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (St.U.F.T.) te Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ibsen, Henrik, Poppethús (oers. Ale Kerkhof); (foar in diel) yn: De Holder, jiergong III (1928), s. 49-57.
  • Ibsen, Henrik, It Poppehûs (oers. Ale Kerkfhof), Grou, 1956 (eigen behear?), sûnder ISBN.
  • Ibsen, Henrik, In Poppehûs (oers. Harke Bremer en Jarich Hoekstra), 1985, foar Tryater, manuskript yn besit fan Tresoar, oanfraachnû. 8391 fr folio.
  • Ibsen, Henrik, In Poppehûs, of: Nora (oers. Harke Bremer en Jarich Hoekstra), Ljouwert, 2001 (St.U.F.T.), sûnder ISBN.

Sekundêre boarne oer de oersetting:

  • Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Afûk), ISBN 9 07 00 10 526; s. 150.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further reading, op dizze side.