Springe nei ynhâld

Jeroen Brouwers

Ut Wikipedy
Jeroen Brouwers
skriuwer
Jeroen Brouwers, 2010
Jeroen Brouwers, 2010
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeroen Godfried Maria Brouwers
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 30 april 1940
berteplak Batavia
stoarn 11 maaie 2022
stjerplak Maastricht
wurk
taal Nederlânsk
prizen sjoch artikel

Jeroen Godfried Maria Brouwers (Batavia, 30 april 1940 - Maastricht, 11 maaie 2022) ) wie in Nederlânsk sjoernalist, skriuwer en essayist.

Jeroen wie it fjirde bern fan Jacques Theodorus Maria Brouwers (1903-1964) en Henriëtte Elisabeth Maria van Maaren (1908-1981). Letter waard noch in broerke berne. Syn heit wie boekhâlder by in arsjitekteburo.

Nei de Japanske ynfaazje fan begjin 1942 en de kapitulaasje fan it KNIL waard syn heit oerbrocht nei in kriichsfinzenekamp yn de omkriten fan Tokio. Brouwers bedarre mei syn beppe Elisabeth Henrica Pos (1885-1945), syn mem em suster earst yn it Japanske ynternearingskamp Kramat. In pear moanne letter waarden hja oerpleatst nei it kamp Tjideng, yn in bûtenwyk fan Batavia. Syn pake en beppe hawwe it kamp net oerlibbe. Brouwers hat yn 1981 oer de Japanske besetting skreaun yn it boek Bezonken rood, dat yn 1988 yn it Ingelsk oerset is as Sunken Red [1]. Syn jeugd yn Ynje komt ek oan bar yn de romans Het verzonkene en De zondvloed. Dizze trije romans binne letter bondele.

Nei de kriich kaam de húshâlding wer byelkoar en ferfear men nei Balikpapan (Borneo, it Kalimantan) fan no. Frou Brouwers repatriearre yn 1947 mei de bern nei Nederlân. Yn 1948 kaam heit Brouwers ek nei Nederlân.

Oant 1950 wenne Brouwers thús. Doe't er tsien wie waard er yn ferskate roomsk-katolike pensjonaten ûnderbrocht út reden dat er tige dôfhûdich wêze soe en nei de frijheid yn Ynje net wenne koe oan it Nederlânsk byntliif. Dizze ûnderfinings ferwurke er ek yn syn boeken.

Syn âlden ferhuzen nei Delft. Dêr helle er yn 1955 it MULO-diploma.

Fan 1958-1961 wie Brouwers yn militêre tsjinst einige as kertiermaster fa de Spesjale Tsjinsten: Marine Inlichtingen Dienst (MARID). Nei de tsjinst gie er yn 1961 nei Nijmegen en waard learling-sjoernalist by it krantekonser De Gelderlander. Ek wie er by de redaksje fan it soldateblêd Salvo.

Yn 1962 waard er oannaam by de Yllustrearre Parse yn Amsterdam. Hy waard redaksjelid fan it blêd Romance (letter Avenue). Fan 1964 oant 1976 wurke Brouwers yn Brussel as redaksje-sekretaris en letter as (haad)redakteur by de Utjouwerij Manteau. Fan 1968 oant 1971 wenne er mei syn húshâlding yn Vossem en letter yn Huize Krekelbos te Rijmenam (Bonheiden). Hja krigen twa soannen: Daan Leonard (1965-2006) en Pepijn (1968).

Nei skeel mei direkteur Julien Weverbergh naam Brouwers ûntslach by útjouwerij Manteau, en lei him toe hieledal ta op it skriuwen. Nei in skoft yn Warnsveld (by Sutfen) sette er him nei wenjen yn huize Louwhoek yn Exel, by Lochem. Yn 1980 waard dochter Anne berne.

Yn 1991 festige Brouwers him op in wenboat yn Uitgeest en yn augustus 1993 ferhûze er nei Zutendaal yn Belgysk-Limburch.

Brouwers waard yn 1992 opnomd yn de Oarder fan de Flaamske Liuw, en is sûnt 1993 Ridder yn de Belgyske Kroanoarder.

Yn 2007 woe de Taaluny Brouwers de Priis fan de Nederlânske Letteren ta hawwe. Yn earsten naam er dy priis oan, mar wegere him letter dochs, omdat it jildbedrach fan 16.000 euro dat dêr oan ferbûn wie neffens him net yn oerienstimming mei it prestiizje fan de priis wie. In debútpriis smiet al 15.000 euro op, wylst de Priis fan de Nederlânske Letteren nota bene in oeuvrepriis is.[2] Yn deselde moanne naam Brouwers wol de Tzumpriis foar de bêste literêre sin fan 2007 yn ûntfangst, dêr't in bedrach fan 52 euro oan ferbûn wie. Ek akseptearre er yn 2007 de kultuerpriis fan de gemeente Zutendaal, dêr't er neat foar barre koe.

Yn 2018 waard Brouwers in earedoktoraat takend troch de Radboud Universiteit Nymwegen. Op 10 maaie 2021 waard de Libris Literatuerpriis 2021 oan Brouwers takend foar syn boek Cliënt E. Busken.

Brouwers stoar nei in koart siikbêd yn in sikehûs yn Maastricht Hy waard 82 jier.[3]

  • 1961 - Edith Piaf. Lyrische straatmus
  • 1963 - Van rondeel tot chanson
  • 1964 - Couperus. 1863-1963
  • 1964 - Het mes op de keel (ferhalen)
  • 1967 - Joris Ockeloen en het wachten (roman)
  • 1968 - De toteltuin. Gevallen van de sfinx (ferhalen)
  • 1969 - Groetjes uit Brussel (ferhalen)
  • 1973 - Zonder trommels en trompetten (novelle)
  • 1975 - Zachtjes knetteren de letteren. Een eeuw Nederlandse literatuurgeschiedenis in anekdoten
  • 1977 - Zonsopgangen boven zee (roman)
  • 1977 - Klein leed (ferhalen)
  • 1978 - Mijn Vlaamse jaren (ferhalen, herinneringen, pamfletten, deiboekfragminten, brieven)
  • 1979 - De nieuwe Revisor (pamflet)
  • 1979 - Kladboek (essays)
  • 1979 - Het verzonkene (roman)
  • 1980 - De bierkaai. Kladboek 2 (essays)
  • 1980 - Zonder onderschriften (toniel)
  • 1981 - Bezonken rood (roman)
  • 1981 - Et in Arcadia ego (ferhaal)
  • 1982 - De spoken van Godfried Bomans (essay)
  • 1982 - Alleen voor Vlamingen (essays)
  • 1982 - Es ergo sum (essay)
  • 1983 - Verhalen en levensberichten (ferhalen)
  • 1983 - De laatste deur (essays)
  • 1984 - Winterlicht (roman)
  • 1985 - De levende stilte van Stig Dagerman (essay)
  • 1986 - Hélène Swarth: haar huwelijk met Frits Lapidoth, 1894-1910 (essay)
  • 1986 - De sprong (novelle)
  • 1986 - Hij is reeds aan de overzijde (nekrologieënkarlêzing)
  • 1987 - Miniatuur van wanhoop
  • 1987 - Kroniek van een karakter. Diel 1 (1976-1981) 'De Achterhoek' (brieven)
  • 1987 - Kroniek van een karakter. Diel 2 (1982-1986 'De oude Faust' (brieven)
  • 1987 - De schemerlamp van Hélène Swarth (essay)
  • 1988 - Sire, er zijn geen Belgen (Boekewykeessay)
  • 1988 - De zondvloed (roman)
  • 1989 - Het tuurtouw (essay)
  • 1990 - Zomervlucht (roman)
  • 1991 - Het vliegenboek. Kladboek 3 (essays)
  • 1993 - Het is niets (essay)
  • 1993 - Twee verwoeste levens
  • 1993 - De vervulling (monoloch)'
  • 1994 - Steeds dezelfde zon (taspraak Deadebetinking)
  • 1994 - Het circus der eenzaamheid. Kladboek 4 (essays)
  • 1994 - Vlaamse leeuwen (essays)
  • 1995 - Adolf & Eva & de Dood (essays)
  • 1995 - Oefeningen in nergens bijhoren (essay)
  • 1996 - Het aardigste volk ter wereld: Willem Frederik Hermans in Brussel. Bijdrage aan zijn biografie
  • 1996 - De vervulling (ferhalen)
  • 1996 - Kilometers
  • 1997 - In memoriam patris
  • 1998 - Alles is iets (deiboeksiden en brieven)
  • 1998 - De verliefden, hommage aan Fernand Victor Toussaint van Boelaere, 50 jaar na overlijden
  • 1998 - Een beroemde naamgenoot
  • 1998 - Terug thuis, verhalen, leerervaringen, voetnoten
  • 1999 - Al dat papier
  • 1999 - De zwarte zon, essays over zelfmoord en literatuur in de 20e eeuw
  • 2000 - Geheime kamers (roman)
  • 2001 - Papieren levens
  • 2001 - Zachtjes knetteren de letteren. Literaire anekdoten - herziene en uitgebreide editie
  • 2004 - Stoffer en blik
  • 2005 - De schemer daalt
  • 2005 - Warme herfst
  • 2006 - In het midden van de reis door mijn leven (Oerboek)
  • 2007 - De stilte bestaat uit zoveel antwoorden (briefwikseling mei Gerrit Komrij)
  • 2007 - Datumloze dagen
  • 2008 - Liefste in de verte
  • 2009 - Sisyphus' bakens. Vloekschrift.
  • 2010 - Hamerstukken. Bondele polemiken.
  • 2010 - De Indiëromans, bondeling fan de romans Het verzonkene, Bezonken rood en De zondvloed
  • 2011 - Gezichten, gestalte (literêre portretten)
  • 2011 - De jaargetijden, bondeling fan de ferhalen en romans Voorjaarsmoeheid, Zomervlucht, Warme herfst en Winterlicht
  • 2011 - Bittere bloemen (roman)
  • 2011 - BDE: bijna-doodervaring (toanieltekst)
  • 2012 - Restletsels (Feuilletons 9)
  • 2013 - Onnoemelijk geluk (ferhalen)
  • 2014 - Het hout (roman)
  • 2014 - Correspondentie 1980-1986 (briefkerij mei Gerrit Komrij)
  • 2017 - De laatste deur. Hielendal fannijs besjoene ferzje fan 1983 en gearfoege mei û.o. de versierde dood en oare essays
  • 2018 - Laatste plicht, terugdenken aan Hans Roest (Feuilletons 10)
  • 2018 - Feuilletons, een selectie uit tien afleveringen (fúljeton)
  • 2020 - Client E. Busken (roman)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sunken Red, ISBN 0941533190
  2. Bedrag Prijs der Nederlandse Letteren blijft hetzelfde - parseberjocht fan de Taaluny, 23 oktober 2007
  3. Jeroen Brouwers s overleden www.atlascontact.nl
  4. Eredoctoraten voor Jeroen Brouwers, Daniel Dennett, Mary Beard en Stephen Pacala. Radboud Universiteit (27 februari 2018).
  5. Universiteit viert 95-jarig bestaan in Stevenskerk. rn7.nl (18 oktober 2018).
  6. Cliënt E. Busken van Jeroen Brouwers verkozen tot Boek van de Maand tzum.info