Jozua (bibelboek)
Jozua | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | יהושע ("Yehošua") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 7e iuw f.Kr. – 538 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Deuteronomium | |
● folgjend diel | Rjochters | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Jozua | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Jozua, yn it oarspronklike Hebriuwsk: יהושע, Yehošua, is it sechsde boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Skiednis. Jozua beskriuwt hoe't de Israeliten einlings it Unthjitten Lân fan Kanaän berikke en feroverje, en harren dêre nei wenjen sette. Frijwol alle bibelwittenskippers binne it deroer iens dat it boek yn histoarysk opsjoch net botte weardefol is, mei't it fan folle letter datearret as de foarfallen dy't deryn beskreaun binne. It wie lykwols ek net bedoeld as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Rjochters, 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen). De earste folsleine Fryske oersetting fan Jozua stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradysje dy't begûn is mei de gearstallers fan 'e Babyloanyske Talmoed (3e-5e iuw f.Kr.) soe de Israelityske foaroanman Jozua de skriuwer fan it boek wêze, mar dat idee waard al ôfwiisd om't it ûnhâldber wie troch sa'n iere teolooch as Jehannes Kalvyn (1509-1564). Men is fan tinken dat Jozua eins it resultaat is fan it wurk fan in ferskaat oan skriuwers en redakteurs, dy't allegear op in distânsje fan iuwen stiene ta de tiid dy't se beskreaune. De ierste parten fan it boek binne de haadstikken 2-11, it ferhaal fan 'e ferovering fan Kanaän; dy waarden letter, ûnder it regear fan 'e Judeeske kening Josjía, om 625 f.Kr. hinne, ynkorporearre yn in iere ferzje fan Jozua, mar syn definitive foarm krige it boek pas nei de ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip (538 f.Kr.).
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Jozua wurdt beskreaun hoe't de Israeliten einlings en te'n lêsten, ûnder lieding fan harren foaroanman Jozua, de opfolger fan 'e profeet Mozes, de rivier de Jordaan oerstekke en it Unthjitten Lân fan Kanaän yntsjogge. Se stjoere spionnen út nei de tichtstbye stêd, Jericho, dy't dêr foar de autoriteiten ferburgen wurde troch de hoer Rachab. It sterke Jericho wurdt ferovere nei't troch godlik yngripen de stedsmuorren ynstoarte, útsein dat part derfan dêr't Rachab wennet. Nei Jericho wurdt earst de stêd Ai en dêrnei ek de oare stêden fan Kanaän ferovere, en de Israeliten nimme besit fan it lân troch wat allinne mar betitele wurde kin as genoside te begean tsjin 'e oarspronklike bewenners, de Kanaäniten, de Amoriten, de Hetiten, de Perizziten, de Jebûsiten en de Chiwwiten. Dêrnei wurdt it lân ferdield ûnder de tolve stammen fan 'e Israeliten, dy't allegearre harren eigen oanpart tawiisde krije.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Jozua 23:8-14 út. De earste folsleine útjefte fan Jozua stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Jozua waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawol Ulbe van Houten as Jacobus W. Zantema.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |