Springe nei ynhâld

Kaugom

Ut Wikipedy
Bubblegum

Kaugom (Nederlânsk: kauwgum) is in soarte snobbersguod dat net bedoeld is om troch te slokken. Kaugom wurdt makke op basis fan gom, natuerlike en keunstmjittige smaak- en swietstoffen.

As útfiner fan de earste kommersjele kaugom wurdt de Amerikaan John B. Curtis sjoen.

Kaugom stipet de flibeproduksje en helpt neffens guon it oerflak fan tosken skjin te meitsjen. Dit kin lykwols perfoarst net it toskpoetsen ferfange. Om kariës foar te kommen, is it better in sûkerfrije kaugom te brûken. De measte kaugom wurdt lykwols swiete mei in swietmiddel as ksylitol, sorbitol of maltitolsjerp; sûkerhâldende kaugom is tsjintwurdich in útsûndering.

It is bekend fan Yndianen dat se al kôgen op it gom fan beammen, dat se mei krûden op smaak brochten.

Kaugom sa't wy dat no kenne waard Europa ynbrocht troch it Amerikaanske befrijingsleger út de Twadde Wrâldoarloch. Se nommen pakjes kaugom mei út Amearika en ferparten dy ûnder de krekt fan oarloch ferloste Europeanen.

In kaugombal is in kaugom yn rûne foarm, dy't meast ferkocht wurdt yn in kaugombalautomaat. Kaugomballen binne der yn in soad formaten; de gruttere kaugomballen binne meast fan binnen hol. Dêr't de binnenkant wyt fan kleur is, is de bûtenkant mei in felle kleur fan sûker makke.

Nei inkele minuten is de kaugom fan kaugomballen meastal taai en smaakleas.

In oantal bekende merken: