Springe nei ynhâld

Yndianen

Ut Wikipedy
Yndianen

De hjoeddeistige fersprieding fan 'e lânseigen befolking fan 'e
Amearika's, ynkl. Eskimo's en Aleoeten, mar útsein mingde
befolkingsgroepen, lykas mestizen.
flagge
Yndianen yn 'e Feriene Steaten Yndianen yn Kanada
Yndianen yn Ekwador Yndianen yn Kolombia
populaasje
oantal ±54 miljoen (2023)
taal grut tal lânseigen talen (ek Spaansk,
Ingelsk, Portegeesk, Frânsk, Nederlânsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy,
synkretisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid beskate foarm fan erkenning yn 'e
measte lannen
fersprieding
Meksiko: 23.200.000
Gûatemala:   6.400.000
Perû:   5.900.000
Bolivia:   4.100.000
Feriene Steaten:   3.600.000
Sily:   2.100.000
Kolombia:   1.900.000
Ekwador:   1.000.000
Kanada:      983.000
Argentynje:      955.000
Brazylje:      818.000
Fenezuëla:      725.000
Hondoeras:      601.000
Nikaragûa:      444.000
Panama:      418.000
Paraguay:      117.000
Kosta Rika:      104.000
Guyana:        79.000
Oerûguay:        76.000
Belize:        37.000
Suriname:        20.000
Porto Riko:        20.000
Frânsk-Guyana:        19.000
El Salvador:        13.000
Sint-Finsint:          3.300
Dominika:          2.600
Kuba:          1.600
Trinidad en Tobago:          1.400
Grenada:             160

Yndianen is de gongbere oantsjutting foar it meastepart fan 'e oarspronklike, lânseigen befolking fan Noard- en Súd-Amearika. Hja stamje ôf fan 'e lju dy't dy wrâlddielen al bewennen ear't de earste Jeropeänen der arrivearren. It tinken is dat de foarâlden fan 'e Yndianen likernôch 25.000 jier lyn, ûnder de lêste iistiid, út Sibearje fia de Beringlânbrêge nei Alaska oerstieken. Sa'n 14.000 jier lyn berikten guon fan harren neikommelingen de súdpunt fan Súd-Amearika. In protte Yndiaanske kultueren wiene jager-sammeldermaatskippijen, mar yn guon kontreien stiften de Yndianen frijwat stêdsteaten en gruttere riken. Benammen yn Meso-Amearika en de Andes ûntjoegen har yn it Prekolumbiaanske Tiidrek tige komplekse, heechûntwikkele beskavings. Nei't Kristoffel Kolumbus de Amearika's yn 1492 'ûntdiek', waarden Súd- en Midden-Amearika en letter ek Noard-Amearika ferovere troch kolonisten út (of fan oarsprong út) Jeropa. Der folgen iuwen fan genoside en ûnderdrukking, wêrby't alle Yndiaanske steaten en kultueren ferneatige waarden. Pas yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw begûn der stadichoan in werberte fan 'e Yndiaanske kultuer, dy't him û.o. utere yn 'e oprjochting fan politike bewegings dy't de rjochten fan 'e Yndianen opeasken.

De oantsjutting "Yndianen" is tsjintwurdich yn in protte talen, wêrûnder it Frysk, noch altyd de gongbere oantsjutting foar it meastepart fan 'e lânseigen befolking fan 'e Amearika's. De term komt fan 'e Jeropeeske ûntdekkingsreizger Kristoffel Kolumbus, dy't yn 1492 Amearika 'ûntdutsen' hawwe soe. Dat wie lykwols eins hielendal net de bedoeling. Kolumbus wurke yn Spaanske tsjinst en hie feitliks as opdracht om in nije hannelsrûte nei Aazje te finen. Doe't er yn it Karibysk Gebiet bedarre mei alle eilannen dêrsanne, miende er yn 't earstoan dat er de Yndyske Arsjipel yn Súdeast-Aazje berikt hie. De lânseigen befolking neamde er dêrom indios, dêr't ús "Yndianen" fan ôflaat is, mar wat eins "Ynjers" betsjut. De hiele nammejouwing berêste dus eins op in misferstân.

In Araukaan út sintraal Sily.

Fan 'e tweintichste iuw ôf is wol besocht om in gaadliker oantsjutting foar de Yndianen te betinken. Yn 1902 kaam de Amerikaanske Antropologyske Feriening (AAA) mei de term "Amerynjers" op 'e lapen, in gearlûking fan "Amearika" en "Yndianen". Behalven yn 'e taalkunde (de Ameryndyske talen) is dy beneaming nea oanslein. Yn 'e Feriene Steaten kaam geandewei de tweintichste iuw de term Native Americans ("Lânseigen Amerikanen") yn 'e moade. Indians (en yn 't bysûnder de ferbastere foarm Injuns) wurdt dêr no beskôge as in efterhelle oantsjutting dy't op it rasistyske ôf is en yn fatsoenlik selskip hast net mear brûkt heart te wurden. Yn Kanada wurdt de term Native lykwols wer sjoen as denigrearjend; ynstee sprekt men dêr fan First Nations ("Earste Naasjes").

Yndianen en Eskimo's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yndianen binne de lânseigen bewenners fan Noard- en Súd-Amearika, mar ien lânseigen groep is fan dizze omskriuwing útsûndere. Dat binne de Eskimo's yn it Arktysk gebiet fan Kanada en Alaska en ek yn Grienlân. Sy en de nau mei harren besibbe Aleoeten fan 'e Aleoetenarsjipel yn súdwestlik Alaska foarmje in aparte etnyske kloft, dy't net ûnder de Yndianen skaard wurde kin. De Eskimo's en Aleoeten fertsjintwurdigje in twadde migraasjeweach út Sibearje. Oars as de Yndianen, dy't mooglik wol 25.000 jier lyn oerstieken nei Noard-Amearika, makke sy 'pas' 5.000 jier lyn de oerstek.

Minsklike kolonisaasje fan Amearika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De minsklike kolonisaasje fan Amearika begûn doe't Paleolityske jager-sammelders út 'e steppes fan eastlik Sibearje wei Noard-Amearika binnenkrongen fia de Beringlânbrêge. Dat wie in relatyf smelle stripe drûch lân dy't him op it hichtepunt fan 'e lêste iistiid (tusken 26.000 en 19.000 jier lyn) foarme tusken it Sewardskiereilân yn Alaska en it Tsjûkotkaskiereilân yn wat no it Russyske Fiere Easten is. Sa'n lânbrêge koe ûntstean trochdat der doe safolle seewetter fêst siet yn 'e poalkapen en oare gletsjers, dat it seenivo yn oansjenlike mjitte ferlege wie. Mooglik soe de earste migraasjeweach fan Sibearje nei Noard-Amearika omtrint 25.000 jier lyn plakfûn hawwe kinne. Yn 'e krite besuden de Laurentide-iiskape, yn wat no Súdeast-Alaska en noardwestlik Kanada is, wûn dy ierste befolking fan Noard-Amearika oer in perioade fan sa'n 10.000 jier oan, wêrnei't de minsken har fanôf 16.000 jier lyn relatyf fluch oer de rest fan Noard-Amearika en ek oer Súd-Amearika ferspraat hawwe soene. Omtrint 14.000 jier lyn soene de earste groepen de súdpunt fan Súd-Amearika berikt hawwe. Dy ierste bewenners fan 'e Amearika's, fan foàr likernôch 10.000 jier lyn oftewol 8.000 f.Kr., steane bekend as de Paleo-Yndianen (paleo betsjut "âld").

In wrâldkaart dêr't de iere minsklike migraasjerûtes op werjûn binne, basearre op 'e saneamde Out of Africa-teory. De getallen jouwe oan hoefolle tûzen jier lyn de earste minsken dat plak berikten.

Hoewol't der mank saakkundigen rûnom mienriedigens bestiet dat de Paleo-Yndianen út Aazje kamen, binne it patroan fan 'e kolonisaasje fan 'e Amearika's en it plak fan oarsprong fan 'e Alde Beringanen (de foarâlden fan 'e Paleo-Yndianen) op it Jeraziatyske kontinint noch altyd ûndúdlik. De tradisjonele teory is dat de Alde Beringanen nei Noard-Amearika ta teagen doe't it seenivo oansjenlik leger wie troch de lêste glasiaal. Hja soene dêrby de keppels fan no útstoarne megafauna (lykas mammoeten) folge hawwe oer in iisfrije lânbrêge tusken de gletsjers fan 'e Laurentide- en de Kordilleraanske iiskapen. In oare teory wol lykwols hawwe dat se by de eilannekeatling fan 'e Kommandeurseilannen en de Aleoeten lâns yn primitive boatsjes oer see oerstieken fan it Kamtsjatkaskiereilân yn Sibearje nei it Alaskaskiereilân yn Alaska. It gebrûk fan boaten foar harren ferpleatsing by de kust lâns soe ek de lettere relatyf flugge fersprieding oant yn 'e súdpunt fan Súd-Amearika ferklearje. It probleem is dat soks net te bewizen falt, om't troch de ein fan 'e lêste iistiid omtrint 11.500 jier lyn, dy't mank gie mei in seespegelstiging fan oant wol hûndert meter, alle mei dizze teory ferbân hâldende argeologyske fynsten no op 'e seeboaiem lizze.

In sjamaan fan 'e Kofan út it tropysk reinwâld fan Ekwador.

De krekte datearring fan 'e minsklike kolonisaasje fan Amearika is al lang in striidkwestje, en hoewol't foarútgong op it mêd fan argeology, de geology fan it Pleistoseen, fysike antropology en DNA-ûndersyk wat langer wat mear klearrichheid jouwe, binne der noch planteit fragen dy't ûnoplost bliuwe. Lang wie de "Clovis-earst-hypoteze" it ynfloedrykst, dy't hawwe woe dat de Cloviskultuer, fan omtrint 13.000 jier lyn, de ierste minsklike oanwêzigens yn Amearika fertsjintwurdiget. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw en de earste desennia fan 'e ienentweintichste iuw hawwe bewizen fan it bestean fan kultueren út 'e pre-Clovis-perioade de mooglike datearring fan 'e minsklike kolonisaasje fan Amearika almar fierder yn 'e tiid tebek skood. Anno 2023 bestiet der in wittenskiplike konsensus dat de krite besuden de Laurentide-iiskape yn noardwestlik Noard-Amearika tusken 20.000 en 15.000 jier lyn bewenne waard troch iere Paleo-Yndianen. Der bestiet ienich argeologysk bewiismateriaal dat wiist op in eardere oankomst fan 'e Alde Beringanen yn Noard-Amearika, om 25.000 jier lyn hinne.

Yn har boek A Genetic Chronicle of the First Peoples in the Americas skreau heechleararesse genetika Jennifer Raff yn 2022 dat de ierste minsklike bewenners fan Noard-Amearika fuortkamen út in ferminging fan in Paleolityske Sibearyske populaasje (de saneamde Alde Noardjeraziaten) mei in dêr op genetysk mêd sterk fan ferskillende Alde Eastaziatysk groep. Dy ferminging soe datearre wurde kinne omtrint 36.000 jier lyn. Dêrút kamen sawol de Alde Beringanen fuort as de genetysk nau mei harren besibbe Paleo-Sibearyske folken, lykas de Korjaken, Tsjûktsjen, Itelmenen en Ketten. De Alde Beringanen migrearren letter nei de kusten fan 'e Beringsee, rekken yn dy ôfhandige krite isolearre en stieken op in stuit oer nei Noard-Amearika, dêr't se har ûntjoegen ta de Paleo-Yndianen.

In tradisjonele kano fan 'e Kust-Salisjanen út it Amerikaanske Noardwesten wurdt it strân op lutsen.

Prekolumbiaansk Tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Prekolumbiaanske Tiidrek beslacht de hiele skiednis fan Noard- en Súd-Amearika fan 'e ierste minsklike kolonisaasje fan Amearika ôf oan 'e oankomst fan Kristoffel Kolumbus yn 1492 ta. Mei't net folle Yndiaanske kultueren in skriftfoarm ûntwikkelen en skiedkundige kroniken byholden, kin dy perioade foar it meastepart as prehistoarje oantsjut wurde. Yn grutte parten fan Noard- en Súd-Amearika beholden de minsken it hiele Prekolumbiaanske Tiidrek troch in jager-sammelderkultuer, mar op oare plakken ûntjoegen har tige heechûntwikkele beskavings.

De Norte Chico-beskaving yn it hjoeddeistige Perû wie ien fan 'e seis oarspronklike beskavings fan 'e wrâld dy't him alhiel op eigen manneboet ûntjoech om deselde tiid hinne dat de beskaving fan it Alde Egypte ta bloei kaam (de oare fiif gebieten wiene: Egypte, Mesopotaamje, de Yndusdelling, Sina en Meso-Amearika). In grut tal lettere Prekolumbiaanske beskavings berikte grutte ferfining, mei skaaimerken lykas de ûntwikkeling fan stêden, lânbou, masineryen, astronomy, hannel, monumintale arsjitektuer en komplekse maatskiplike klassestelsels.

Ketsjûa-froulju yn 'e pronk by in festival op it eilân Taquille yn 'e Titicacamar op 'e grins fan Perû en Bolivia.

Guon fan dy beskavings wiene al lang yn it neigean rekke doe't Kolumbus Amearika berikte en binne inkeld bekend troch de mûnlinge oerlevering fan hjoeddeistige neikommelingen fan harren befolking, en troch argeologyske fynsten. Oaren wiene kontemporên mei it earste grutskalige kontakt fan 'e Amearika's mei de rest fan 'e wrâld en waarden dokumintearre troch de Jeropeeske ûntdekkingsreizgers en conquistadores wylst en nei't se oerweldige waarden. Inkelen, lykas de Maya-beskaving, de beskavings fan 'e Olmeken en de Miksteken en it Azteekske Ryk (mar net it Inka-Ryk) hiene harren eigen skrift en histoaryske kroniken. De doetiidske Jeropeeske kolonisten diene lykwols war om alle net-kristlike teksten te ferneatigjen, en se tebaarnden dêrom withoefolle Prekolumbiaanske dokuminten. Inkeld guon dy't fan âlder op âlder troch de Yndianen ferburgen holden waarden, oerlibben sadwaande oant yn 'e moderne tiid en foarmje no besleine rútsjes dêr't histoarisy in glimp troch opfange kinne fan ferlern giene kultueren en kennis.

Nettsjinsteande dat binne Yndiaanske en Jeropeeske boarnen it deroer iens dat beskate beskavings yn 'e Amearika's gâns heechûntwikkele wiene doe't de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers de Nije Wrâld berikten. Sa koe de doetiidske Jeropeeske wittenskip de astronomyske kennis fan 'e Maya's net belykje, wylst de haadstêd fan 'e Azteken, Tenochtitlán, dat lei op it plak dêr't Meksiko-Stêd no leit, om 1500 hinne in befolkingsgrutte fan 200.000 minsken hie. Dêrmei wie it likernôch like grut as Parys en inkeld lytser as Konstantinopel, dat 300.000 ynwenners hie. (Rome, Londen en Madrid kamen doe net fierder as 50.000 ynwenners.)

Maya-fammen yn Gûatemala.

It kultuergebiet fan Meso-Amearika, dat bestie út Midden-Amearika útsein de woastinen yn it noarden en de tropyske reinwâlden fan it uterste suden, wie in krite dêr't mear as tûzen jier lang de iene nei de oare Yndiaanske beskaving ta bloei kaam. De Maya's en de Azteken wiene mar de lêsten yn dy rige. Yn itselde gebiet waarden ek lânbougewaaksen ûntwikkele as kakao, stynske weet, beane, tomaat, avokado, fanylje, pompoen en Spaanske piper. Súdliker foarme de súdein fan Midden-Amearika in oergongsgebiet tusken Meso-Amearika en de Andesregio fan Súd-Amearika, dêr't har ek oan ien wei troch Yndiaanske beskavings ûntjoegen. Dêre waarden û.o. de jirpel, de lama en de kavia domestisearre. It lêste fan 'e grutte Andes-riken wie it Inka-ryk, dat allinnich al opmerklik is om't it him oer in ôfstân fan tûzenen kilometers wist út te wreidzjen sûnder dat it beskikte oer in eigen skrift om in amtnerij te ûnderstypjen dy't ornaris mei de fêstiging fan sokke grutte riken mank giet.

Noardliker fersprate lânbou him oer wat no it Amerikaanske Súdwesten is, dêr't de Pueblo-kultuer ûntstie, en ek nei de Mississippydelling en de krite fan 'e Grutte Marren, dêr't de bou fan stynske weet, beane en pompoen de 'Trije Susters' waarden by folken as de Sjâny. Yn 'e Mississippydelling ûntjoech him yn 'e alfde iuw de Mississippykultuer, dy't bloeide oant mids fjirtjinde iuw. It sintrum wie de stêd Cahokia, oarekant de rivier de Mississippy fan wêr't no St. Louis leit. Cahokia hie op syn hichtepunt nei skatting 40.000 ynwenners. Pas yn 'e 1780-er jierren, doe't de befolking fan Philadelphia foar it earst boppe de 40.000 útkaam, bestie yn Noard-Amearika in gruttere stêd. Iroanysk is dat de bekendste Yndiaanske kultuer, de Flakte-Yndiaanske kultuer dy't gauris portrettearre wurdt yn westernromans en westernfilms, pas ûntstie ûnder yndirekte ynfloed fan 'e Jeropeeske kolonisten. Dat kaam trochdat de Flakte-Yndiaanske kultuer basearre wie op it beriden fan 'e mustang, it ferwyldere hynder fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat ôfstamme fan ûntsnapte hynders fan 'e Spaanske kolonisten yn wat no Meksiko is.

In Navaho-jonge op syn hynder yn Monument Valley, yn 'e Amerikaanske steat Arizona.

Jeropeeske kolonisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jeropeeske kolonisaasje fan 'e Amearika's, dy't nei de 'ûntdekking' fan it wrâlddiel troch Kolumbus op gong kaam, feroare op in fûneminteel nivo it bestean en de kultueren fan 'e Yndianen. Hoewol't it net krekt bekend is hoefolle Yndianen der yn 1492 yn Noard- en Súd-Amearika wennen, geane saakkundigen derfan út dat de lânseigen befolking yn 'e earste 150 jier nei 1500 mei 90% oant 95% belune. De grutte mearderheid fan dy ferliezen wurde op it konto skreaun fan 'e yntroduksje, troch de Jeropeänen, fan Afro-Jeraziatyske sykten lykas de pokken, de mûzels en goalera, dêr't de Yndianen alhiel gjin ymmuniteit tsjin hiene.

In Embera-famke yn Panama.

De fersprieding fan sokke ynfeksjesykten gie yn 't earstoan stadich, mei't de measte Jeropeänen op it stuit dat se de Nije Wrâld berikten net aktyf siik wiene en boppedat ymmuniteit tsjin sokke sykten opboud hiene trochdat se der al generaasjes lang oan bleatsteld wiene. Dat feroare doe't de Jeropeänen úteinsetten mei de minskehannel yn ûnbidige oantallen negerslaven út West-, Sintraal- en Súdlik Afrika, dy't fia de Atlantyske slavehannel tsjin harren wil nei Amearika ta sleept waarden. Oars as de Arabieren en Berbers fan Noard-Afrika wiene dizze lju út Afrika besuden de Sahara likemin as de Yndianen ymmún foar Jeropeeske sykten. Boppedat wiene de omstannichheden op 'e slaveskippen sa abominabel, dat sykten har dêr maklik ferspriede koene. Yn 1520 lâne der ien negerslaaf dy't mei de pokken ynfektearre rekke wie op it Jûkatanskiereilân yn wat no súdlik Meksiko is. Tsjin 1558 hie dy sykte in spoar fan dea en ferdjer troch Súd-Amearika lutsen en wied er arrivearre yn 'e koloanjes oan 'e Rio de la Plata, yn wat no Argentynje en Oerûguay is.

Troch it geweld fan 'e Jeropeeske kolonisten tsjin 'e Yndianen boaze de sitewaasje noch fierder oan. De Yndianen waarden it slachtoffer fan gâns bloedbaden en moardnerijen, en ek waarden se ta slaaf makke om tewurksteld te wurden op 'e plantaazjes dy't de Jeropeänen oanleine en yn 'e minen dy't se groeven. Dat gie troch oant it begjin fan 'e tweintichste iuw, doe't de kolonisten harrensels al lang gjin Jeropeänen mear neamden, mar mienden dat sy sels lânseigen ynwenners fan Noard- en Súd-Amearika wiene.

Yndianen op in Brazyljaanske plantaazje yn Minas Gerais omtrint 1824.

De Wetten fan Burgos, dy't yn 15121513 opsteld waarden, wie de earste foarm fan wetjouwing dy't it hâlden en dragen Spaanske kolonisten yn 'e Nije Wrâld regulearje moast, yn 't bysûnder wat it kontakt mei de Yndianen oangie. Dizze wetten ferbeane de mishanneling fan 'e Yndianen en fiteren harren bekearing ta it kristendom oan. De Spaanske Kroan fûn it lykwols dreech om 'e neilibbing fan sokke wetten yn 'e ôfhandige koloanjes oarekant de Atlantyske Oseaan ôf te twingen.

Ien fan 'e earste Yndiaanske etnyske groepen dy't Kolumbus tsjinkaam, de 250.000 Taïno fan Porto Riko en Hispanjoala (it eilân dêr't no Haïty en de Dominikaanske Republyk op lizze), fertsjintwurdige omtrint 1490 de dominante kultuer yn 'e Grutte Antillen en de Bahama's. Binnen tritich jier nei't se Kolumbus met hiene, wie 70% fan 'e Taïno dea, oftewol sa'n 175.000 minsken. Se hiene gjin ymmuniteit tsjin Jeropeeske sykten, dat útbraken fan 'e mûzels en de pokken hiene ferneatigjende gefolgen foar harren populaasje. De oanboazjende bestraffings fan 'e Taïno troch de Spanjerts omreden fan harren ferset tsjin 'e opleine twangarbeid, late úteinlik ta de lêste grutte Taïno-opstân fan 15111529.

Tekenings by Boek XII fan 'e Florentynske Kodeks (gearstald fan 1540 oant 1585). Se jouwe Azteken wer út 'e tiid fan 'e Spaanske ferovering fan sintraal Meksiko, dy't lije oan 'e pokken.

Ferovering fan Súd-Amearika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Inka-ryk yn 'e Andes fan Súd-Amearika waard yn dusoarder en gaos stoart doe't keizer Huayna Capac ferstoar oan 'e pokken. It gefolch wie de bloedige Inka-boargeroarloch fan 15291532. In jier letter, yn 1533, fûn de folslein ûnmeilydsume oerweldiging fan it Inka-Ryk troch de Spaanske conquistador Francisco Pizarro plak. It lêste ferset fan 'e Inka's waard yn 1572 brutsen. De pokken wiene noch mar de earste epidemy dy't de restanten fan 'e Inka-beskaving leechleine: yn 1546 kaam der in twadde epidemy, wierskynlik fan 'e tyfus, folge troch ien fan 'e gryp en de pokken tegearre yn 1558, op 'e nij de pokken yn 1589, diftery yn 1614 en de mûzels yn 1618. Ek yn Meso-Amearika rekken miljoenen minsken dea oan 'e pokken, nei't dy sykte op 23 april 1520 by fersin yn Veracruz yntrodusearre wie troch Pánfilo de Narváez. Yn Tenochtitlán, de haadstêd fan it Azteekske Ryk, allinnich al, kamen nei skatting mear as 150.000 minsken om. Dat wie in faktor fan grut belang by de oerweldiging fan it Azteekske Ryk troch de Spaanske conquistador Hernán Cortés yn 1521.

De kolonisaasje fan it Karibysk Gebiet late tsjin 1650 ta de ferwoastging fan 'e kultuer fan 'e Arawakken op 'e Lytse Antillen, doe't der noch mar 500 fan harren oer wiene. Yn wat Brazylje is, foel troch de Portegeeske kolonisaasje inselde patroan foar. De Yndiaanske befolking sakke dêr yn fan mooglik ferskate tsientallen miljoenen foarôfgeande oan 'e kolonisaasje oant likernôch 300.000 yn 1997. Inkeld djip yn it binnenlân fan it Amazônegebiet ûntkamen guon lytse Yndiaanske stammen iuwenlang oan 'e blanke kolonisten en harren ynfloeden. Sels hjoed de dei noch binne dêr inkele folken mei wa't noch gjin kontakt makke is. Op 'e Patagoanyske flakten fan súdlik Argentynje waard by de saneamde Conquista del Desierto ("Ferovering fan 'e Woastyn"), tusken 1879 en 1883 it ferset fan 'e Yndianen brutsen, wêrby't de lânseigen befolking dêr frijwol útrûge waard.

Sarsy-bern yn tradisjonele dracht by de optocht fan 'e Calgary Stampede-rodeo yn Calgary (Kanada).

Ferovering fan Noard-Amearika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Noard-Amearika deaden Jeropeeske sykten lykas de pokken en de mûzels yn 'e earste hûndert jier nei de oankomst fan Ingelske kolonisten yn 1607 tusken de 50% en 67% fan 'e hiele Yndiaanske befolking. Fan 'e Yndiaanske stammen dy't yn 'e neite fan 'e iere koloanje Massachusetts wennen, kaam by de pokke-epidemy fan 16171618 likernôch 90% om. Yn 1633 folge in nije epidemy fan 'e pokken yn it noardeasten fan wat no de Feriene Steaten binne, nei't Yndianen dêroan bleatsteld wiene yn Fort Oranje yn 'e WIC-koloanje Nij-Nederlân. De epidemy hold jierren lang hûs yn 'e krite fan 'e Grutte Marren. Yn 1636 berikte de sykte de Ontariomar en yn 1639 it wengebiet fan 'e Irokeeske Konfederaasje.

In massagrêf nei it Bloedbad fan Wounded Knee, yn 1890 yn Súd-Dakota.

Letter rekken ûnder de Noardamerikaanske pokke-epidemy fan 17751782 teminsten 30% fan alle Yndianen yn Kalifornje en it Amerikaanske Noardwesten dea. Yn 1836 brocht in nije pokke-epidemy dea en ferdjer ûnder Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten. Yn 1832 naam it Amerikaanske Kongres in wet oan (de Indian Vaccination Act of 1832) om in faksinaasjeprogramma tsjin 'e pokken op te setten foar Yndianen. Underwilens naam it geweld tsjin 'e Yndianen lykwols net ôf. Neffens it Amerikaanske Folkstellingsburo kamen der by de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen yn 'e njoggentjinde iuw, dy't bekend binne fan it Wylde Westen en de moderne westernromans en westernfilms, likernôch 19.000 blanken en 30.000 Yndianen om.

Nei harren definitive nederlaach waarden de Yndianen yn sawol de Feriene Steaten as Kanada opsletten yn Yndianereservaten. Dy omfetten yn 'e regel it lân dat it minst gaadlik foar lânbou, om't fruchtbere lânbougrûn oan 'e blanke kolonisten jûn waard. Dêropta waarden de Yndianen bleatsteld oan oerheidskampanjes om harren kulturele identiteit út te wiskjen. Se waarden twongen om harren bern op jonge leeftyd nei Yndiaanske kostskoallen te stjoeren. Dêr waarden de kwetsbere bern, losslein fan 'e stipe fan harren âldelju en eigen maatskippij, op faak ûnmeilydsume wize twongen om harren oan te passen oan 'e blanke kultuer. Harren lange hier waard ôfknipt, se moasten har yn Westerske klean klaaie en it waard harren strang ferbean om har eigen taal te sprekken of har eigen godstsjinst te beliden. Wa't him dêr net oan hold, koe wrede straffen ferwachtsje. Yn 'e ienentweintichste iuw binne yn Kanada by sokke Yndiaanske kostskoallen gâns grêven fan bern ûntdutsen dy't blykber troch mishanneling of ferwaarleazging of beide omkommen binne.

Pauline Small, langjierrich bestjoerster fan 'e Kro Stamme yn Montana, giet foarop mei de Kro-flagge yn 'e hân by de optocht dêr't de Kro-Merke mei iepene wurdt.

Oardel iuw nei harren ûnderwerping en de oprjochting fan it reservaatsysteem hearre guon reservaten, fral yn 'e Feriene Steaten, noch altyd ta de earmste gebieten fan it lân, en teffens ta de kriten mei de measte kriminaliteit, it measte húslik geweld en it heechste persintaazje fan alkoholisme. Yndiaanske froulju binne boppedat it slachtoffer fan in healwiis heech persintaazje fermissings en moarden, in kwestje dy't yn Kanada omskreaun is as "in nasjonale krisis" en "in Kanadeeske genoside".

Yntroduksje fan it hynder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ûnbedoeld gefolch fan 'e Jeropeeske kolonisaasje fan Amearika wie de reyntroduksje fan it hynder yn Noard- en Súd-Amearika, nei't dat dêr al 7.500 jier útstoarn wie. Ut 'e Spaanske koloanjes yn Nij-Spanje (no Meksiko) en oan 'e Rio de la Plata (Argentynje en Oerûguay) ûntsnapten guon dy't yn it wyld oerlibben. De oanwêzigens fan sokke ferwyldere hynders hie in djippe ynfloed op 'e Yndiaanske kultueren op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika en de pampa's fan Patagoanje, yn Súd-Amearika. Troch de ferwyldere hynders te domestisearjen, slagge it de Yndiaanske folken dêre om harren wengebiet út te wreidzjen, mear ruilhannel te dwaan mei oanbuorjende folken en súksesfoller te jeien, benammen (yn Noard-Amearika) op 'e Amerikaanske bizon.

Dûnsjende Pipyl-froulju by in optocht yn Panchimalco (El Salvador).

Nei skatting wiene der anno 2023 sa'n 54 miljoen Yndianen yn Noard- en Súd-Amearika. Dêrby binne de Eskimo's fan Grienlân, Arktysk Kanada en Alaska en de nau mei harren besibbe Aleoeten fan 'e Aleoetenarsjipel net meirekkene, om't dy beide etnyske groepen gjin Yndianen binne. Likemin binne meirekkene de mestizen fan Latynsk-Amearika, in etnyske groep dy't fan mingd Yndiaansk-Jeropeesk komôf is. Hja foarmje yn in protte lannen yn Súd- en Midden-Amearika de grutste befolkingsgroep, mar beskôgje harrensels net as Yndianen en ek net as blanken, mar as in folslein nij ras, dat him fral identifisearret mei it oangeande lân. Se hâlde sadwaande sawol etnysk as maatskiplik de midden tusken de Yndianen en de blanke kreoalen (of Ladinos). Hiel oars sit it mei in oare mingde groep, de Mety (Métis) fan Kanada en de noardlike Feriene Steaten, dy't ek in eigen, almeast roomske en Frânsktalige kultuer ûntwikkele, mar dy't him opstelt as ien fan trije lânseigen groepen njonken de Yndianen en de Eskimo's. De Mety binne dêrom wol meiteld.

Der binne njoggen lannen mei in lânseigen befolking fan mear as ien miljoen minsken. It lân mei de measte Yndianen is Meksiko, dêr't mear as 23 miljoen Yndianen libje, foar it meastepart Azteken en Maya's. Op it twadde plak komt it oanbuorjende Gûatemala mei 6,4 miljoen Yndianen, hast allegearre Maya's. Dêrnei folgje Perû en Bolivia mei resp. 5,9 miljoen en 4,1 miljoen Yndianen. Dat binne foar it meastepart Ketsjûa (Quechua), de moderne ôfstammelingen fan it Inka-ryk, en de mei harren besibbe Aymara (Aymará).

In Warao-heit en -dochter yn harren kano yn Fenezuëla.

Yn 'e Feriene Steaten wenje 3,6 miljoen Yndianen. De grutste etnyske groepen binne dêre de Navaho (Navajo), Sjeroky (Cherokee) en Lakota. Sily hat 2,1 miljoen Yndianen, foar it meastepart Araukanen (Mapuche). Yn Kolombia libje 1,9 miljoen Yndianen út in grut tal ferskillende lytsere etnyske groepen. Yn Ekwador, dat 1 miljoen Yndianen hat, binne de measten etnyske Ketsjûa, krekt as yn buorlân Perû. En Kanada, ta einsluten, komt mei 983.000 Yndianen en Mety krekt net ta oan in miljoen as de 65.000 Eskimo's net meirekkene wurde. De grutste Yndiaanske etnyske groepen binne yn Kanada de Kry (Cree) en de Odjibwa (Ojibwa).

Alle oare lannen en territoaria yn 'e Amearika's hawwe fierders harren eigen, lytsere Yndiaanske befolkingsgroepen, útsein guon lannen en territoaria yn it Karibysk Gebiet, lykas Haïty, de Dominikaanske Republyk, de Bahama's, Kurasau, Arûba, Sint-Kits en Nevis en Sint-Marten, dêr't de Yndianen hielendal útstoarn binne.

De Prekolumbiaanske fersprieding fan taalfamyljes yn Noard-Amearika.

De Yndianen sprieken oarspronklik mooglik wol 2.000 ûnderskate talen, mar dêrfan binne troch de kolonisaasje fan 'e Amearika's troch de blanken withoefolle útstoarn. Tsjintwurdich sprekke de Yndianen noch likernôch 1.000 lânseigen talen. Mei hûnderten dêrfan is it lykwols sa slim yn it neigean rekke, dat se net mear te rêden lykje, mei minder as hûndert sprekkers of sels noch mar tsientallen of minder as tsien. Fan al dy talen binne mar sa'n 600 dokumintearre en dêrfan moat noch in oansjenlik part folslein wittenskiplik beskreaun wurde. Tsjinwurdich sprekke in protte etnyske Yndianen, soms hiele etnyske groepen, talen dy't oarspronklik út Jeropa komme, lykas it Spaansk (yn Latynsk-Amearika), Ingelsk (yn Noard-Amearika), Portegeesk (yn Brazylje), Frânsk (yn Kebek) of sels Nederlânsk (yn Suriname).

De Prekolumbiaanske fer-sprieding fan 'e grutste Yndiaanske taalfamyljes yn Súd-Amearika.

Nettsjinsteande dat is Súd-Amearika ek tsjintwurdich noch ien fan 'e meast taalkundich ferskate gebieten op 'e wrâld. De Yndiaanske talen wurde tradisjoneel yndield yn gâns in tal aparte taalfamyljes (neffens guon yndielings wol 150), wêrby't de oerbliuwende, nearne by passende talen as isolearre klassifisearre wurde. Yn 1985 kaam de foaroansteande Amerikaanske taalkundige Joseph Greenberg op 'e lapen mei in nije yndieling, dy't ek no altyd noch tige kontroversjeel is. Hy dielde alle Yndiaanske talen yn by ien grutte supertaalfamylje, de Ameryndyske talen, útsein allinnich de likernôch 46 Na-Dené-talen út it súdwesten en noardwesten fan Noard-Amearika, dy't neffens him fuortkamen út in twadde, lettere migraasjeweach út Sibearje wei. Yn 2008 waard in bân ûntdutsen tusken de Na-Dené-talen (lykas it Navaho en de Apache-talen) en de Jenisejaanske talen fan sintraal Sibearje (lykas it Kettysk en it Selkûpysk). De legitimiteit fan 'e Dené-Jenisejaanske taalfamylje wurdt no mank taalkundigen rûnom akseptearre.

De oarspronklike godstsjinsten fan 'e Yndianen wiene foar it meastepart natoerreligyen mei in faak animistyske en/of sjamanistyske basis. De grutte beskavings fan Meso-Amearika en de Andes, lykas de Azteken, Maya's en Inka's, ûnderholden hiele panteöns mei goaden dy't eins mear wei hiene fan 'e heidenske mytologyen fan 'e Alde Griken en de Romeinen as mei de natoerreligyen fan 'e Yndiaanske jager-sammelderkultueren. De Spanjerts en de Portegezen leine de Yndianen, dy't yn Latynsk-Amearika ûnder harren macht kamen, lykwols it roomsk-katolisisme op as religy. Alles dat net kristlik wie, waard ferneatige yn in kampanje dy't tsjintwurdich erkend wurdt as in kulturele genoside. De Yndianen, lykwols, parten yn gâns gebieten de roomske hilligen de skaaimerken fan harren eigen ferbeane goaden ta en ûntwikkelen sa in synkretistysk leauwe mei eleminten fan sawol it kristendom as harren lânseigen religyen. Ek Noard-Amearika, dêr't de Yndianen troch de blanken ynstee fan it roomsk-katolisisme it protestantisme oplein waard, ûntjoegen har meitiid synkretistyske leauwensfoarmen, lykas de peyotekultus en de langhûsreligy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.