Springe nei ynhâld

Lagos

Ut Wikipedy
Lagos
It eilân Lagos
It eilân Lagos
Bestjoer
Lân Nigearia
Steat Lagos
Sifers
Ynwennertal 7.937.932 (2006)
Oerflak 999,6 km²
Befolkingsticht. 7.941 / km²
Stêdekloft 15 miljoen
Hichte 5 m
Oar
Tiidsône WAT (UTC+1)
Koördinaten
Offisjele webside
lagosstate.gov.ng
Flagge fan Lagos
Lagos mei de wichtichste stedsgebieten, haven en lagune

Lagos is in stêd yn Nigearia, yn de steat mei deselde namme, Lagos. Neffens it offisjele ynwennertal is it de op ien nei grutste stêd fan Afrika, de foarstêden nei meirekkene.

It wiere tal ynwenners is lykwols net bekend. Der wurdt ferwachte dat de befolking omheech gean sil nei likernôch 16,1 miljoen minsken yn 2015. Dat makket de stêd de hurdst waaksjende metropoal op ierde. Yn 1975 wennen der noch mar 1.9 miljoen minsken. De measte minsken moatte troch de tiid komme fan minder as 1 Amerikaanske dollar de dei.

Lagos wie haadstêd fan Nigearia oant 1991, doe krige Abuja dy funksje. Lagos is wol it grutste ekonomyske sintrum fan it lân bleaun.

In wichtich organisator en befoarderer fan kultuer yn Nigearia is de yn Lagos fêstige non-profitorganisaasje Committee for Relevant Art.

Lagos wie yn 't earstoan mar in doarp, mei de namme Eko. It waard bewenne troch de Awory, in subkloft fan de Joruba. It plak lei oan ien fan mar in pear natuerlike havens oan de Atlantyske kust fan Afrika. It waard it meast wichtige plak foar kontakten mei Europa. Yn de 15e iuw stiften seelju út Portugal in hannelspost op it eilân, dat sy Lagos neamden, ferneamd nei de stêd Lagos yn it suden fan Portugal. Dêr waard hannele yn krûden, ivoar en slaven. Yn 1807 waard de stêd troch de Britten oernaam, dy't besochten om in ein te meitsjen oan de slavehannel. De krite waard dêrnei Lagos British Protectorate neamd. Yn 1903 waard Lagos opnaam yn de koloanje Nigearia.

Merk yn Lagos

Ferneamde lju út Lagos

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]