Milton Friedman
Milton Friedman (Brooklyn, 31 july 1912 - San Fransisko, 16 novimber 2006) wie in Amerikaansk ekonoom, foarfjochter fan frijemerkkapitalisme en in beheinde oerheid. Yn 1976 wûn hy de Nobelpriis foar de Ekonomy en hy krige yn 1988 de Presidential Medal of Freedom ('Presidinsjele Frijheidsmedalje') útrikt troch destiidske Amerikaanske presidint Ronald Reagan.
Friedman wie tsjin elke foarm fan oerheidsbemuoienis. "De Wrâldbank en it IMF binne nutteleaze ynstituten wurden en in sintrale bank is eigentlik net nedich foar de stjoering fan de kapitaalmerken", neffens de ekonoom yn ien fan syn tirades. Friedman beskôge de Nobelpriis as in definitive erkenning an syn gedachtegoed, mar út de linkse hoeke kaam in stoarm fan protest. Sûnttiids kin sein wurde dat dêr’t Friedman kaam, spul wie.
Reagan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn ideeën waarden min ofte mear tapast troch de Amerikaanske presidint Reagan en de Britske premier Margaret Thatcher.
De Amerikaanske presidint Bush neamde Friedman yn 2002 in frijheidsheld en briljante geast mei in fyzje dy’t minsken frij lit yn harren kar en oerheden net tastiet om dizze kar oan de kant te skowen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Milton Friedman fan Wikimedia Commons. |
- Amerikaansk ekonoom
- Amerikaansk polityk aktivist
- Winner fan de Nobelpriis foar de Ekonomy
- Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje
- Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Eastenryksk-Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Hongaarsk-Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Oekraynsk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1912
- Persoan stoarn yn 2006