Springe nei ynhâld

Oerflak

Ut Wikipedy

It oerflak jout oan hoe grut in 2-diminsjonaal gebiet is. Dit kin it oerflak wêze fan in twadiminsjonale foarm, mar ek dat fan in trijediminsjonale foarm.

De SI-ienheid fan in oerflak is de kante meter, m². Dizze is ôfliede fan de SI-ienheid meter.

Twadiminsjonale figueren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oerflak fan inkele twadiminsjonale figueren:

  • Oerflak fan in fjouwerkant: side × side.
  • Oerflak fan in rjochthoek: lingte × breedte.
  • Oerflak fan in rút: ½ × earste diagonaal × twadde diagonaal.
  • Oerflak fan in trijehoek: ½ × basis × hichte.
  • Oerflak fan in sirkel: π × striel²

Trijediminsjonale figueren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oerflak fan inkele trijediminsjonale figueren:

  • Oerflak fan in kubus: 6 × side x side.
  • Oerflak fan in balke: 2 × ((l × w) + (l × h) + (w × h)), wêryn l, w en h steane foar de lingte, breedte en hichte fan in balke.
  • Oerflak fan in bol: 4 × π × striel²
  • Oerflak fan in silinder: 2 × π × r × (h + r), wêryn de r de striel fan de sirkelfoarmige basis is, en h de hichte fan de silinder.
  • Oerflak fan in kegel: π × r × (r + √(r² + h²)), wêryn de r de striel fan de sirkelfoarmige basis is, en h de hichte fan de kegel.