Springe nei ynhâld

Plantaazje

Ut Wikipedy
Teeplantages ûnder Bogor - Yndoneesje
Bananeplantaazje yn Kosta Rika

In plantaazje is in hoeke grûn dêr't op grutte skaal gewaaks yn monokultuer boud waard. Plantaazjes komme fral yn de tropen foar, mei gewaaks lykas sûkerreid, kofje, tee, bananen, soja, ananas, aloë vera, teakhout, kakao, koka, himp, opium en tabak.

Plantaazjes binne op grutte skaal oanlein yn de 16e- en 17e iuw troch Portugezen, Spanjerts, Ingelsken, Frânsken, Nederlanners en oare Europeanen, dy't yn de 16e en 17e iuw it hiele Karibysk gebiet en grutte dielen fan it Amerikaansk kontinint kolonisearren. Mei slaven as arbeiders - yn 't earstoan Yndianen, letter Afrikanen - bouden de Europeeske eigeners fan de plantaazjes tropyske lânbouprodukten foar de merk yn Jeropa.

Nederlânsk-Ynje hie ek in protte plantaazjes. Fanwege de soad goedkeape ynlânske arbeiders wie dêr útsoarte gjin slavernij.

  • P. Leroy-Beaulieu, De la Colonisation chez les peuples modernes (Parys, 1908)
  • A.G. Keller, Colonisation. A Study of the founding of new societies (Boston, 1908).