Springe nei ynhâld

Second Act

Ut Wikipedy
Second Act
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Peter Segal
produsint Jennifer Lopez
Elaine Goldsmith-Thomas
Justin Zackham
Benny Medina
senario Justin Zackham
Elaine Goldsmith-Thomas
kamerarezjy Ueli Steiger
muzyk Michael Andrews
filmstudio STX Entertainment
H. Brothers
TMP
Nuyorican Productions
distribúsje STX Entertainment
spilers
haadrollen Jennifer Lopez
Vanessa Hudgens
Leah Remini
byrollen Treat Williams
Milo Ventimiglia
Annaleigh Ashford
Charlyne Yi
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Sina
premiêre 21 desimber 2018
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $16 miljoen
opbringst $72,3 miljoen

Second Act is in Amerikaansk-Sineeske komeedzjedramafilm mei eleminten fan in romantyske komeedzje, út 2018. De film stie ûnder rezjy fan Peter Segal, en de haadrollen waarden spile troch Jennifer Lopez, Vanessa Hudgens en Leah Remini. De titel betsjut "Twadde Akte", en ferwiist nei de twadde akte fan in trije-aktestruktuer (yn it libben fan 'e haadpersoan). It ferhaal giet oer Maya Davilla Vargas, in frou fan yn 'e fjirtich sûnder diploma's mar mei in protte ûnderfining út 'e praktyk, dy't in twadde kâns op in karriêre as sakefrou oangrypt nei't har peetsoan har curriculum vitae ferfalske hat. Second Act krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in beskieden kommersjeel súkses.

María "Maya" Davilla is de assistint-bedriuwliedster fan in Value Shop- supermerk yn 'e New Yorkske borough Queens, dêr't se al fyftjin jier wurket. Yn dy tiid is de ferkeap, de bân mei de fêste klanten en de algemiene wurksfear dêr op dramatyske wize foarútgien troch har yntuïtive en ynnovative metoaden. Op 'e dei dat se fjirtich jier wurdt, bringt dhr. Weiskopf, de algemien direkteur fan Value Shop, in besyk oan har bedriuw. De posysje fan bedriuwslieder is frijkommen, dat Maya hopet en ferwachtet dat sy in promoasje ta bedriuwsliedster krije sil.

Har feint Trey, har kollega's yn 'e supermerk en de fêste klanten bewissigje har der allegear fan dat it net oars kin of se moat de promoasje krije. Mar ynstee blykt se oerslein te wurden yn it foardiel fan Arthur, in wurknimmer út it management fan Value Shop dy't noch nea yn Queens west hat, mar wol ôfstudearre is oan 'e Universiteit fan Duke, wylst Maya de middelbere skoalle net iens ôfmakke hat. As Maya Weiskopf dêrop oansprekt, leit dy út dat Value Shop tige wiis is mei har súkses en tawijing, mar dat se troch har gebrek oan diploma's gewoan net yn oanmerking komme kin foar promoasje ta bedriuwslieder. Maya is bittere teloarsteld, en skikt har mei uterste tsjinnichheid yn 'e posysje fan assistint-bedriuwsliedster ûnder Arthur.

Dy jûns nei it wurk hawwe har freonen in ferrassingsfeest organisearre by Maya har bêste freondinne Joan thús. Joan warskôget har der yn 't foar mar foar, sadat Maya har der op tariede kin, want se is no hielendal net yn 'e stimming foar in feest. Nei't de oare gasten wer op hûs oan gien binne, beklaget Maya har oer har wurksitewaasje tsjin Joan, in petear dat ôfharke wurdt troch Dilly, Joan har teenagesoan dy't ek Maya har petebern is. Inkele dagen letter wurdt Maya op sollisitaasjepetear frege by Franklin & Clarke (F&C), in grutte produsint fan alderhanne produkten dy't yn 'e Value Shop-supermerken ferkocht wurde.

It docht bliken dat Dilly, dy't tige handich mei kompjûters is, ûnder Maya har famkesnamme María Vargas in profyl oanmakke hat op û.m. Facebook, wêrby't er har hiele libben ferfalske hat. Sa hat Maya neffens dat profyl in bachelorgraad fan 'e Universiteit fan Harvard, sprekt se Mandarynsk, hat se as stjoerfrou mei dien oan profesjoneel roeien en hat se de Kilimanjaro beklommen. Dêrnei hat Dilly yn Maya har namme allegear sollisitaasjebrieven ferstjoerd. Maya is earst des duvels, mar as se in skoftke hân hat om deroer nei te tinken (en nei't Joan de kâns hân hat om op har yn te praten), beslút se dat se dizze kâns net rinne litte kin. Dêrby spilet ek mei dat se net oer de delbûgende hâlding kin dy't Arthur nei har ta oannimt, en dat se sadwaande eins net wachtsje kin om by Value Shop ûntslach te nimmen.

Op it sollisitaasjepetear yn it haadkertier fan F&C yn in wolkekliuwer yn Manhattan wurdt Maya net ûntfongen troch immen fan personielssaken, mar troch Anderson Clarke sels, de algemien direkteur fan F&C. Hy seit dat er tige ûnder de yndruk wie fan har (totaal ferfalske) curriculum vitae. Hy freget syn meiwurkster Zoe derby en ûnderstiet Maya dan oer har ideeën oer de produkten fan F&C. Dat is teminsten in ûnderwerp dêr't Maya wat fan ôfwit, dat se fertelt him dat it oer it algemien goede produkten binne dy't goed ferkeapje, mar dat de hûdfersoargingsline fan F&C nearne nei liket. De lju wolle it net keapje om't op 'e ferpakking stiet dat it "biologysk" is, wylst men by de yngrediïnten sjen kin dat der dochs alderhanne gemyske bestânsdielen yn sitte. De lju fiele har dêrtroch besoademitere, mei as gefolch dat se it produkt stean litte. Zoe liket net sa bliid te wêzen mei dy krityk, en Maya ferwachtet dan ek net folle fan it sollisitaasjepetear. Mar in pear dagen letter kriget se it berjocht dat se oannommen is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Maya seit Arthur it mannewaar op en nimt ûntslach by Value Shop. Dy jûns bepraat se wat der bard is mei har feint Trey, dy't net ynsjocht hoe't se de baan by F&C oannimme kin as de hiele sollisitaasje op in leagen basearre is. Mar wat minder is, Trey wol in gesin stiftsje, en Maya seit dat dat har op dit stuit net goed útkomt. Trey kringt dêr al in jier as trije op oan, en no begjint er te beseffen dat Maya eins hielendal gjin bern hawwe wol. Hy freget har planút oft dat sa is en sy kin it net ûntkenne. Dêrop makket er it út mei har, om't se blykber folslein ferskillende dingen wolle yn it libben. Wat Trey net wit, om't Maya it him nea ferteld hat, is de reden dat Maya gjin bern hawwe wol. Se hat nammentlik doe't se sechstjin jier wie, nei in onenightstand in dochter krigen. Om't se doe in dakleaze wees wie, koe se net foar it bern soargje en hat se it ôfstien foar adopsje. Der giet lykwols gjin dei foarby dat se net oan har dochter tinkt.

De earste dei op har nije wurk komt Maya yn 'e kunde mei har direkte ûnderhearrige Hildy Ostrander, har sekretaresse Ariana Ng en har kollega Ron Ebsen, in yrritante streber dy't oer liken giet. Se ûntdekt ek dat Zoe, mei wa't se op har sollisitaasjepetear yn 'e kunde kommen is, eins de dochter fan Anderson Clarke is en de betinkster fan 'e hûdfersoargingsline fan F&C. As Maya op in gearkomste nochris útleit wat har beswieren tsjin 'e hûdfersoargingsline binne, daget Ron har út om in folslein biologyske hûdfersoargingsline te ûntwikkeljen wylst hy, Zoe en harren team in justjes mear biologyske foarm fan 'e besteande hûdfersoargingsline meitsje sille. It wurdt in soarte fan wedstryd, mei de deadline oer in fearnsjier. It probleem foar Maya is dat nimmen mei har gearwurkje wol, útsein Hildy (om't it moat) en Ariana. De wittenskippers dy't yn it researchlaboratoarium fan F&C wurkje, litte it lykwols allegear ôfwitte, oant Ariana mei Chase op 'e lapen komt, dy't troch haad Research Felix nei de kelder ferballe is om kattefoer te ûntwikkeljen.

By Maya har nije baan heart ek in nij appartemint yn Manhattan wêrfan't de hier troch F&C betelle wurdt, en dat sa grut is dat har âlde appartemint yn Queens der wol fiif kear yn kin. Holpen troch Joan skaft Maya in nije garderôbe oan en teffens lit se har hier oars dwaan en makket se har mear op, sadat se in hiele nije frou liket. Wylst de ûntwikkeling fan 'e biologyske hûdfersoargingsline muoisum úteinset, belânet Maya troch har ferfalske curriculum vitae yn alderhanne brike sitewaasjes. Sa freget Anderson Clarke har mei nei in diner mei in Sineeske sakeman. Syn tolk is nammentlik siik, en Maya sprekt Mandarynsk, no? Maya en Joan betinke dêr in yngenieuze oplossing foar. In oare kear lit er har by in teambuildingsútsje as stjoerfrou fan in skiff fungearje foar in wedstryd roeien tsjin 'e skiff fan Zoe. Maya hat gjin idee wat se docht, en de wedstryd einiget yn gaos.

Meitiid leart Maya Zoe better kennen, en beseft se dat se de jongere frou eins wol lije mei. As Zoe Maya by har thús útnûget om't se sels ek ris wat ûndersyk nei biologyske hûdfersoarging dien hat en Maya har research wol brûke mei, ropt Anderson Zoe yn 't foar by him op kantoar. Letter by har thús fertelt Zoe oan Maya dat se net de biologyske dochter fan Anderson Clarke en syn frou silger is, mar dat se as poppe adoptearre is. It docht bliken dat Zoe eins Maya har dochter is. Om't Zoe sa graach har biologyske mem kennen leare woe, hat Anderson foar har jierren nei María Vargas socht, mar hy koe har net fine (want se brûkte de namme Maya Davilla), oant der op in dei in sollisitaasjebrief fan har by F&C binnenkaam. Maya en Zoe binne deagelokkich inoar weromfûn te hawwen en beslute harren relaasje op it wurk geheim te hâlden. Bûten it wurk om bringe se lykwols hieltyd mear tiid tegearre troch. It probleem is fansels dat Maya foar Zoe oer net earlik wêze kin om't har hiele nije libben op in leagen basearre is. As se op Joan har jierdei Trey treft, dy't har fertelt dat in relaasje dy't basearre is op in leagen net duorje kin, beseft Maya dat it sa net langer trochgean kin.

Underwilens is Hildy fan Maya har team 'oerrûn' nei it team fan Ron Ebsen, mar mei Ariana en Chase, dy't yn 'e tuskentiid in relaasje krigen hawwe, berikt Maya úteinlik in trochbraak. Se beseft dat in alles-yn-ien-hûdkrêm (nachtkrêm, gesichtskrêm en sinnebrânkrêm) in gat yn 'e merk is. It probleem is lykwols dat foar sinnebrânkrêm gemyske bestânsdielen nedich binne om 'e ultrafiolette strieling fan 'e sinne tsjin te kearen. Maya komt lykwols op it idee om dêrfoar ginkgo te brûken, in beammesoarte wêrfan't de blêden dat fan natuere dogge. As se de nije alles-yn-ienhûdkrêm presintearret, beslút F&C dy yn produksje te nimmen. Dêrmei hawwe Maya-en-dy tsjin alle ferwachting yn de 'wedstryd' fan it team fan Ebsen en Zoe wûn. Anderson Clarke freget Maya om in offisjele presintaasje te hâlden foar de media, dy't live op 'e tillefyzje útstjoerd wurde sil.

Underwilens hat Ron Ebsen yn Maya har ferline oan it graven west, en ûntdutsen dat de eardere wurkjouwers op har curriculum vitae noch nea fan har heard hawwe. Foar't er dy befinings triomfantlik oan Anderson Clarke foarlizze kin, grypt Maya lykwols de parsekonferinsje oan om op te bychtsjen dat se net oan Harvard studearre hat, dat se sels net iens in diploma fan 'e middelbere skoalle hat, en dat har hiele nije bestean by F&C basearre is op leagens. Se lit de presintaasje fan 'e hûdfersoargingsline oer oan Ariana en Chase. Neitiid siket Zoe Maya op. Se wit net mear wat se leauwe moat en wol witte oft alle dingen dy't Maya har ferteld hat oer harsels as poppe en oer de reden dat se har ôfstien hat foar adopsje wol wier binne. Der ûntstiet ferwidering tusken har beiden en Zoe, dy't inkeld by F&C wurke om't har heit ferlet fan har stipe hie nei it ferstjerren fan har adopsjemem, keart werom nei de keunstoplieding dy't se folge yn Londen. Maya stjoert har in brief wêryn't se skriuwt dat se yn har libben in soad dingen dien hat dêr't se spyt fan hat. Mar twa dingen hat se beslist gjin spyt fan: dat se gjin arbortus dwaan litten hat doe't se fan Zoe yn ferwachting rekke, en dat se Zoe ôfstien hat foar adopsje.

Yn 'e moannen dêrnei hâldt Maya kontakt mei Anderson Clarke, dy't har op 'e hichte hâldt fan Zoe har ferrjochtings. Underwilens iepenet Maya mei Joan en har oare freondinnen yn Queens in eigen online-supermerk, MondayMomz, mei finansiering fan har âlde baas Weiskopf. In jier letter rint dy saak sa goed dat der troch in foaroansteande sjoernaliste in stik yn 'e media oer skreaun wurdt. Trey en Maya komme wer byinoar. Trey hat ûntdutsen dat er net sûnder har libje wol, en Maya is no ree om in gesin te begjinnen. Zoe keart nei it ôfrûnjen fan har oplieding werom yn New York, dêr't Maya har opsiket. Mei't Zoe lang en djip neitocht hat oer alles dat der bard is, hat se besletten Maya te ferjaan. Hoeden begjinne se in nije bân op te bouwen.

Jennifer Lopez.
Vanessa Hudgens.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Maya Davilla Vargas Jennifer Lopez
Zoe Clarke Vanessa Hudgens
Joan Leah Remini


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Anderson Clarke Treat Williams
Trey Milo Ventimiglia
Hildy Ostrander Annaleigh Ashford
Ariana Ng Charlyne Yi
Chase Alan Aisenberg
Ron Ebsen Freddie Stroma
Dilly Dakton Harrod
Weiskopf Larry Miller
Big Ant Dierdre Friel
Lacretta Suzi Teplitsky
Felix Herman Dave Foley
Arthur Coyle Dan Bucatinsky
Otto John James Cronin
Claire Elizabeth Masucci
Edward Taylor Michael Boatman (cameo)
Alicia Zhou Anna Suzuki
Shaniqua Ellen Cleghorne

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Second Act wie in Amerikaansk-Sineeske ko-produksje, regissearre troch Peter Segal, dy't earder ek ferantwurdlik west hie foar Naked Gun 33⅓: The Final Insult en 50 First Dates. Hy wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Justin Zackham en Elaine Goldsmith-Thomas. De produsinten fan 'e film wiene Goldsmith-Thomas, Zackham, Benny Medina en haadrolspylster Jennifer Lopez foar STX Entertainment, TMP, Nuyorican Productions en de Sineeske filmstudio H. Brothers. Der wie in budget fan $16 miljoen foar de Second Act beskikber.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ueli Steiger, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Andrews. De opnamen setten op 23 oktober 2017 útein yn 'e New Yorkske borough Queens. Der waard ek filme yn The Bronx en Manhattan, û.m. yn Michael Jordan's Steakhouse en Grand Central Station. De lêste opnamedei foel op 15 desimber 2017.

De distribúsje fan Second Act waard fersoarge troch STX Entertainment. It wie oarspronklik de bedoeling dat de film yn 'e Feriene Steaten op 21 novimber 2018 yn 'e bioskopen komme soe, mar nei "geweldige" resultaten by testfoarstellings yn septimber fan dat jier besleat de distributeur de premiêredatum op te skowen nei 21 desimber 2018, sadat Second Act ûnder de krystdagen yn 'e bioskoop te sjen wêze soe.

Second Act krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e krante de Chicago Tribune joech Michael Phillips de film mar 2 fan 4 stjerren en fette syn konklúzje gear mei de wurden: "Goede cast, frijwol hopeleas senario." Hy ljochte ta: "Second Act draait om in wichtige ûntdekking dy't om 'e midden fan 'e film hinne plakfynt, en dat is in prachteksimplaar fan it minste type: bespotlike tafallich, alderûnbidichste forsearre."

Yn it tydskrift Variety skreau Owen Gleiberman lykwols: "Sels al soe Second Act eins net wurkje moatte, dochs docht er dat (min ofte mear). De film streamt troch sûnder steurende brekpunten, [en hat] in beskate gewykste [ynnimlikens] oer syn eigen optinksels. Witst datst eins sitst te sjen nei in ferbyn-de-puntenkomeedzje, mar de punten glinsterje. En Lopez jout har earste stjeroptreden yn in hiel skoft. Dat se âlder wurdt, ferriket har talint; se foeget tierelantyntsjes fan ûnderfining ta oan eltse sêne dy't se spilet."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Second Act in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 106 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] bewiist dat Jennifer Lopez op it grutte skerm noch altyd like magnetysk is as earder; it betize ferhaal fan 'e film is har jeften lykwols net altyd wurdich." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Second Act in goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 27 resinsjes.

Second Act brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $39,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $33 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $72,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $16 miljoen betsjut dat in winst fan $56 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It blêd Deadline Hollywood rûsde dat it punt fan kytspyljen foar Second Act earne tusken de $30 en 40 miljoen lei. De film wie dêrmei in beskieden kommersjeel súkses.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.