Springe nei ynhâld

Smithsonian Ynstitút

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Smithsonian)
Smithsonian Ynstitút
Smithsonian Institution
  museum
The Castle, it earste gebou fan it Smithsonian en noch altyd it haadkertier.
The Castle, it earste gebou fan it Smithsonian en noch altyd it haadkertier.
Emblemen
               
Lokaasje
lân Feriene Steaten
federaal distrikt Distrikt Kolumbia
plak Washington, D.C.
(mei depindânses yn oare plakken)
koördinaten 38°53′19″N 77°01′34″W
Algemiene gegevens
wurkmêd ferskaat
oprjochting 1846
Offisjele webside
www.si.edu/
Kaart
Smithsonian Ynstitút (Washington, D.C.)
Smithsonian Ynstitút
Lokaasje fan it haadkertier fan it Smithsonian yn Washington, D.C.

It Smithsonian Ynstitút (Ingelsk: Smithsonian Institution; útspr.: [smɪθ'souniǝn ɪnstǝ'tuʃǝn]), is in wittenskiplike ynstelling en museumkloft ûnder bestjoer fan it regear fan 'e Feriene Steaten en fêstige yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

Algemiene beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynstitút waard yn 1846 stifte "foar it winnen en fersprieden fan kennis" ("the increase and diffusion of knowledge"). De oprjochting waard finansiere mei it jild út 'e neilittenskip fan 'e yn 1829 ferstoarne, fan oarsprong Britske wittenskipper James Smithson (nei wa't it ynstitút ferneamd is). It Smithsonian, sa't it yn 'e regel neamd wurdt, waard oarspronklik opset as it "Amerikaansk Nasjonaal Museum", mar al rillegau foarme dat der mar in ûnderdiel fan, en yn 1967 hold dy namme formeel op te bestean.

De ûnderskate ûnderdielen fan it Smithsonian Ynstitút dy't om 'e National Mall yn Washington, D.C. hinne fêstige binne.

It Smithsonian hat as bynamme the nation's attic ("de rommelsouder fan it lân"), fanwege syn wiid útinoar rinnende kolleksje fan 137 miljoen ûnderskate foarwerpen. Yn Washington, D.C. allinnich al omfettet it njoggentjin museä, njoggen ûndersykssintra en in dieretún, wêrfan't de measten húsfêste binne yn gebouwen dy't histoaryske monuminten binne. Alve fan 'e Smithsonian-museä steane op in protsje op 'e National Mall, tusken it Tinkteken foar Lincoln en it Kapitoal yn. It is de grutste kloft fan soksoarte ynstellings yn 'e wrâld. Dêrnjonken hat it Smithsonian ek noch ôfhinklike fasiliteiten (depindânses, sis mar) yn 'e stêd New York, de Amerikaanske steaten Arizona, Marylân en Firginia, it territoarium Porto Riko, en yn it bûtenlân û.m. yn Panama, wylst 168 oare museä yn 'e wrâld bannen mei it Smithsonian ûnderhâlde.

Jiers ferwolkommet it ynstitút 30 miljoen besikers, dy't fergees tagong krije, mei't it ynstitút himsels ûnderhâldt mei it eigen fermogen, donaasjes fan priveepersoanen en út it bedriuwslibben, lidmaatskipskontribúsjes, oerheidsstipe en sûvenirferkeap. Teffens publisearret it Smithsonian twa eigen tydskriften: Smithsonian en Air & Space. De meast ferneamde ûnderdielen fan it Smithsonian binne it Nasjonaal Natuerhistoarysk Museum (National Museum of Natural History) en it Nasjonaal Soölogysk Park, better bekend as de National Zoo of de Smithsonian Zoo. It bekendste foarwerp dat it Smithsonian op 'e noed hat, is de Hope-diamant.

List fan museä hearrend ta it Smithsonian

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Anacostia Community Museum (sûnt 1967, yn Anacostia, Washington, D.C.): Afro-Amerikaanske kultuer
  • Arthur M. Sackler Gallery (sûnt 1987, op 'e National Mall, Washington, D.C.): Aziatyske keunst (ûnderdiel fan it National Museum of Asian Art)
  • Arts and Industries Building (sûnt 1881, op 'e National Mall, Washington, D.C.): wurdt restaurearre; op 't heden gjin tentoanstellings
  • Cooper-Hewitt, National Design Museum (sûnt 1897, yn New York): skiednis fan it ûntwerpen
  • Freer Gallery of Art (sûnt 1923, op 'e National Mall, Washington, D.C.): Aziatyske keunst (ûnderdiel fan it National Museum of Asian Art)
  • Hirshhorn Museum and Sculpture Garden (sûnt 1974, op 'e National Mall, Washington, D.C.): moderne keunst
  • National Air and Space Museum (sûnt 1976, op 'e National Mall, Washington, D.C.): skiednis fan 'e loft- en romtefeart
  • National Air and Space Museum's Steven F. Udvar-Hazy Center (sûnt 2003, yn Chantilly, Firginia): skiednis fan 'e loft- en romtefeart
  • National Museum of African American History and Culture (iepening plend yn 2015, op 'e National Mall, Washington, D.C.): Afro-Amerikaanske skiednis en kultuer
  • National Museum of African Art (sûnt 1964, op 'e National Mall, Washington, D.C.): Afrikaanske keunst (sûnt 1987 op 'e hjoeddeistige lokaasje)
  • National Museum of American History (sûnt 1964, op 'e National Mall, Washington, D.C.): Amerikaanske skiednis
  • National Museum of the American Indian (sûnt 2004, op 'e National Mall, Washington, D.C.): Yndiaanske skiednis en keunst
  • National Museum of the American Indian's George Gustav Heye Center (sûnt 1994, yn New York): Yndiaanske skiednis en keunst
  • National Museum of Natural History (sûnt 1858, op 'e National Mall, Washington, D.C.): Amerikaanske natoer en skiednis (sûnt 1911 op 'e hjoeddeistige lokaasje)
  • National Portrait Gallery (sûnt 1968, yn Penn Quarter, Washington, D.C.): portretten
  • National Postal Museum (sûnt 1993, yn NoMa, Washington, D.C.): skiednis fan 'e postbesoarging en filately
  • National Zoological Park, better bekend as de National Zoo of the Smithsonian Zoo (sûnt 1889, yn Rock Creek Park, Washington, D.C.): dieretún
  • Renwick Gallery (sûnt 1972, oan Lafayette Square, Washington, D.C.): Amerikaanske ambachten en fersieringskeunst
  • Smithsonian American Art Museum (sûnt 1968, yn Penn Quarter, Washington, D.C.): Amerikaanske keunst
  • Smithsonian Institution Building, better bekend as The Castle (sûnt 1855, op 'e National Mall, Washington, D.C.): besikerssintrum en kantoaren

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • (in) [hhttp://www.si.edu/ Offisjele webside fan it Smithsonian Ynstitút]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.