Springe nei ynhâld

Warkum

Ut Wikipedy
Warkum
It Noard mei op de eftergrûn de Sint-Gertrudistsjerke
It Noard mei op de eftergrûn de Sint-Gertrudistsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 4.570 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade 8711
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 59' NB, 5° 27' EL
Slûs yn Warkum
Slûs yn Warkum
Kaart fan Warkum
Kaart fan Warkum
Offisjele webside
Webstee Warkum
Kaart
Warkum (Fryslân)
Warkum
Kaart
It Noard mei op de eftergrûn de Sint-Gertrudistsjerke
It stedsgebiet fan Warkum yn de eardere gemeente Nijefurd
Dizze side giet oer de stêd Warkum. Foar de eardere gemeente, sjoch: Warkum (gemeente).

Warkum (Nederlânsk: Workum) is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De stêd, ien fan de Fryske alve stêden, wie oant 2011 haadplak fan de eardere gemeente Nijefurd, en oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Warkum in selsstannige gemeente. De buorskip Lytse Wiske falt ûnder it stedsgebiet.

De stêd hat 4.570 ynwenners (1 jannewaris 2023)[2]

Alde kaart fan Warkum út 1664 fan Bernardus Schotanus à Sterringa

Archeologysk ûndersiik hat bewiis sjen litten fan de bewenning fan terpen yn Warkum fan de tsiende iuw ôf. [3] Dy terpen, Algerabuorren en Tsjerkebuorren, wiene de súdlikste op in âlde kwelderrêch tusken de doetiidske Sudersee en de marrekompleks fan de Warkumer-, Parregeaster- en Makkumermar. Yn 1297 wurdt Warkum foar it earst neamd as Waltercome. Yn 1327 as Waldricheim, yn 1333 as Woldrichem, yn 1343 as Wolderchem, yn 1374 as Waerkum en yn 1505 as Worckum. Nei it oanlizzen fan de Alde Dyk kamen dy delsettings yn de fjirtjinde iuw ta ûntjouwing by De Wimerts del, dy't de ferbining tusken Boalsert en de Sudersee foarme.

Yn de fjirtjinde iuw ûntstie der langhalige bebouwing tusken de twa âlde terpen Algerabuorren en Tsjerkebuorren oan wjerskanten fan de Wimerts en ûntstie der ek bebouwing by de heaks lizzende Dwersnoard, dy't dêr op oansleat. Op 13 april 1399 krige Warkum stedsrjochten fan Albrecht fan Beieren.

Yn 1515 en 1523 hie de stêd te lijen ûnder kriichsgeweld, dêr't de tsjerke by opbaarnd waard om dêrnei weropboud te wurden. Yn 1524 stelt steedhâlder Schenk fan Toutenburch it sintrale gesach yn Fryslân yn. It Gelderske skâns yn Algerabuorren en in blokhûs, dêr't hjoed-de-dei Seburch stiet, waarden sloopt. Yn 1533 lei it nije gesach de stêd it ûnderhâldsplicht fan de seediken op. Letter yn de sechstjinde iuw bloeit de hannel fannijs. De hanel krige te krijen mei konkurrinsje út Hollân en Seelân, dus waard der oergien op skipsbou. Yn de santjinde iuw waarden de Waach boud, it stedhûs útwreide en noch in oare stikmannich gebouwen boud. Tusken 1620 en 1648 waard de trekfeart nei Boalsert groeven.

Nijsgjirrich wiene de oan de Wimerts parallel lizzende bûtengrêften de Djippe Dolte oan de eastkant en de Drûge Dolte oan de westkant, en de ferskate opfearten dêr wei rjochting de Wimerts ta.

Dêrnei waard oan de súdkant in haven útgroeven en yn 1658 waard de seeslûs, de Slûs Warkum, fernijd. Lykwols begûn de Sudersee yn dy snuorje te fersânjen en waard yn it ferlingde fan de Wimerts It Soal groeven, in soal tusken De Bank en it Warkumer Nijlân troch. It Warkumer Nijlân, oan de kust tusken Warkum en Hylpen yn, waard yn 1624 bedike. Hoewol't Warkum net oan see lei, koe fia It Soal dochs de see berikt wurde. Yn it soal leit dan ek in slûs, in pear kilometer fan de seedyk ôf. By dy slûs stiet skipswerf De Hoop, dêr't al hûnderten jierren skippen boud en restaurearre wurde. Mar hjoed-de-dei lizze foar de kust de polders it Griene Strân en it Giele Strân, dêr't Warkum no net mear oan see troch leit. De Wimerts waard yn 1875 en de Dwersnoard waard yn 1920 tichtsmiten. Hjoed-de-dei is it Soal in brede feart tusken Warkum en de Iselmar.

Nei de Fjirde Ingelske Kriich (1780-1784) en de Frânske tiid rûn de hannel en seefeart yn de njoggentjinde iuw tebek en krige Warkum benammen in agraryske funsje. Yn 1900 waard de koöperative fabryk De Goede Verwachting boud. Yn 1885 krige Warkum in ferbining en stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. Yn de tweintichste iuw wreide Warkum him út yn súdeastlike rjochting. De measte dwersfearten waarden tichtsmiten en it agraryske lân dêrtusken waard opfolle mei bebouwing.[4][5]

Ferskate soarten hannel en yndustry hawwe in rol spile yn 'e skiednis fan Warkum. Sa wienen der ielfiskers, dy't oant yn Londen ferkochten. Warkum hie ek weverijen dy't sa'n grutte omset hienen yn Fryslân dat yn 1504 de Warkumer Jellen de standert foar gâns Fryslân waard; ek wienen der yn Warkum in soad pottebakkers, dy't it bysûndere Warkumer Kerfsnijstienwurk ûntwikkele hawwe. En der wie en is, in soad skipsbou in Warkum.

Warkum wie ek it berteplak fan Jopie Huisman en yn de stêd is sûnt 1986 it Jopie Huisman Museum festige.

De havenregistraasjekoade fan Warkum wurdt foarme troch de letters WK.

Wapen fan Warkum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wenten oan de Séburch
De Wikipedy hat ek in side Wapen fan Warkum.

It wapen komt fan de fyftjinde iuw ôf op de stedsegels. It earste segel fan 1420 lit it wapen noch net sjen, mar in Goatyske nis dêr't Sint-Gertrudis yn ôfbylde is mei yn de rjochterhân in blom, yn de lofterhân in palmtûke en in wjerskanten in knibbeljende muonts. In twadde segel út de fyftjinde iuw lit it wapen mei leeljes en earn sjen. Op alle folgjende segels en ôfbyldings komt it wapen as sa foar. It is net wis wêr't it wapen weikomt. De heale earn is in figuer dy't in soad yn persoanswapens yn Fryslân foarkomt. It soe ôflaat wêze kinne fan in grytman of stedsbestjoerder fan Warkum yn de fyftjinde iuw. De leeljes kinne fan in persoanswapen of fan in Marijeferearing ôflaat wêze.

Yn de hjerstfakânsje wurde jierliks de Fiskerijdagen Warkum, it Beurtfear en de Strontrace organisearre. Yn septimber is der Triatlon Warkum en de jierlikse Feekeuring, Kokedei, eventueel kombinearre mei in Gondelfeart dy jûns.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Haadstrjitte
De Buorrefeart, ien fan de oerbleaune dwersfearten

Warkum hat in ferskaat oan tsjjerkegebouwen. De Grutte of Sint-Gertrudistsjerke is fan de fyftjinde iuw, mei ferbouwings yn de sechstjinde iuw. De toer stiet net oan de tsjerke fêst. De Minnistetsjerke is in skûltsjerke fan 1694. De Sint-Werenfridustsjerke is in neogoatyske krústsjerke fan 1877. De Betheltsjerke is de tsjerke fan de baptiste mienskip dy't yn 1895 yn gebrûk nommen waard.

Der binne trije poldermûnen om Warkum hinne: De Nijlânnermole, De Snip en Ybema's Mole.

Restaurant oan it wetter oan it Súd
Skipstimmerplak De Hoop
Restaurant Séburch, in ryksmonumint
  • Brij Blues
  • De Paupers - rockevenemint
  • Septimberpop
  • Shantyfestival
1880 1890 1900 1910 1920 1930 1940 1950 1960 1973 2004 2013 2021
4150 4146 4100 4105 4052 3839 3813 4172 3934 4018 4167 4327 4479

Berne yn Warkum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Warkum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stasjon Warkum
Wei
Spoar
Bus

Alle strjitten yn Warkum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

wizigje
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje