Warkum
Warkum | ||
It Noard mei op de eftergrûn de Sint-Gertrudistsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.570 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8711 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 59' NB, 5° 27' EL | |
Slûs yn Warkum | ||
Kaart fan Warkum | ||
Offisjele webside | ||
Webstee Warkum | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
It stedsgebiet fan Warkum yn de eardere gemeente Nijefurd |
- Dizze side giet oer de stêd Warkum. Foar de eardere gemeente, sjoch: Warkum (gemeente).
Warkum (Nederlânsk: Workum) is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De stêd, ien fan de Fryske alve stêden, wie oant 2011 haadplak fan de eardere gemeente Nijefurd, en oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Warkum in selsstannige gemeente. De buorskip Lytse Wiske falt ûnder it stedsgebiet.
De stêd hat 4.570 ynwenners (1 jannewaris 2023)[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Archeologysk ûndersiik hat bewiis sjen litten fan de bewenning fan terpen yn Warkum fan de tsiende iuw ôf. [3] Dy terpen, Algerabuorren en Tsjerkebuorren, wiene de súdlikste op in âlde kwelderrêch tusken de doetiidske Sudersee en de marrekompleks fan de Warkumer-, Parregeaster- en Makkumermar. Yn 1297 wurdt Warkum foar it earst neamd as Waltercome. Yn 1327 as Waldricheim, yn 1333 as Woldrichem, yn 1343 as Wolderchem, yn 1374 as Waerkum en yn 1505 as Worckum. Nei it oanlizzen fan de Alde Dyk kamen dy delsettings yn de fjirtjinde iuw ta ûntjouwing by De Wimerts del, dy't de ferbining tusken Boalsert en de Sudersee foarme.
Yn de fjirtjinde iuw ûntstie der langhalige bebouwing tusken de twa âlde terpen Algerabuorren en Tsjerkebuorren oan wjerskanten fan de Wimerts en ûntstie der ek bebouwing by de heaks lizzende Dwersnoard, dy't dêr op oansleat. Op 13 april 1399 krige Warkum stedsrjochten fan Albrecht fan Beieren.
Yn 1515 en 1523 hie de stêd te lijen ûnder kriichsgeweld, dêr't de tsjerke by opbaarnd waard om dêrnei weropboud te wurden. Yn 1524 stelt steedhâlder Schenk fan Toutenburch it sintrale gesach yn Fryslân yn. It Gelderske skâns yn Algerabuorren en in blokhûs, dêr't hjoed-de-dei Seburch stiet, waarden sloopt. Yn 1533 lei it nije gesach de stêd it ûnderhâldsplicht fan de seediken op. Letter yn de sechstjinde iuw bloeit de hannel fannijs. De hanel krige te krijen mei konkurrinsje út Hollân en Seelân, dus waard der oergien op skipsbou. Yn de santjinde iuw waarden de Waach boud, it stedhûs útwreide en noch in oare stikmannich gebouwen boud. Tusken 1620 en 1648 waard de trekfeart nei Boalsert groeven.
Nijsgjirrich wiene de oan de Wimerts parallel lizzende bûtengrêften de Djippe Dolte oan de eastkant en de Drûge Dolte oan de westkant, en de ferskate opfearten dêr wei rjochting de Wimerts ta.
Dêrnei waard oan de súdkant in haven útgroeven en yn 1658 waard de seeslûs, de Slûs Warkum, fernijd. Lykwols begûn de Sudersee yn dy snuorje te fersânjen en waard yn it ferlingde fan de Wimerts It Soal groeven, in soal tusken De Bank en it Warkumer Nijlân troch. It Warkumer Nijlân, oan de kust tusken Warkum en Hylpen yn, waard yn 1624 bedike. Hoewol't Warkum net oan see lei, koe fia It Soal dochs de see berikt wurde. Yn it soal leit dan ek in slûs, in pear kilometer fan de seedyk ôf. By dy slûs stiet skipswerf De Hoop, dêr't al hûnderten jierren skippen boud en restaurearre wurde. Mar hjoed-de-dei lizze foar de kust de polders it Griene Strân en it Giele Strân, dêr't Warkum no net mear oan see troch leit. De Wimerts waard yn 1875 en de Dwersnoard waard yn 1920 tichtsmiten. Hjoed-de-dei is it Soal in brede feart tusken Warkum en de Iselmar.
Nei de Fjirde Ingelske Kriich (1780-1784) en de Frânske tiid rûn de hannel en seefeart yn de njoggentjinde iuw tebek en krige Warkum benammen in agraryske funsje. Yn 1900 waard de koöperative fabryk De Goede Verwachting boud. Yn 1885 krige Warkum in ferbining en stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. Yn de tweintichste iuw wreide Warkum him út yn súdeastlike rjochting. De measte dwersfearten waarden tichtsmiten en it agraryske lân dêrtusken waard opfolle mei bebouwing.[4][5]
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskate soarten hannel en yndustry hawwe in rol spile yn 'e skiednis fan Warkum. Sa wienen der ielfiskers, dy't oant yn Londen ferkochten. Warkum hie ek weverijen dy't sa'n grutte omset hienen yn Fryslân dat yn 1504 de Warkumer Jellen de standert foar gâns Fryslân waard; ek wienen der yn Warkum in soad pottebakkers, dy't it bysûndere Warkumer Kerfsnijstienwurk ûntwikkele hawwe. En der wie en is, in soad skipsbou in Warkum.
Warkum wie ek it berteplak fan Jopie Huisman en yn de stêd is sûnt 1986 it Jopie Huisman Museum festige.
De havenregistraasjekoade fan Warkum wurdt foarme troch de letters WK.
Wapen fan Warkum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Wapen fan Warkum.
It wapen komt fan de fyftjinde iuw ôf op de stedsegels. It earste segel fan 1420 lit it wapen noch net sjen, mar in Goatyske nis dêr't Sint-Gertrudis yn ôfbylde is mei yn de rjochterhân in blom, yn de lofterhân in palmtûke en in wjerskanten in knibbeljende muonts. In twadde segel út de fyftjinde iuw lit it wapen mei leeljes en earn sjen. Op alle folgjende segels en ôfbyldings komt it wapen as sa foar. It is net wis wêr't it wapen weikomt. De heale earn is in figuer dy't in soad yn persoanswapens yn Fryslân foarkomt. It soe ôflaat wêze kinne fan in grytman of stedsbestjoerder fan Warkum yn de fyftjinde iuw. De leeljes kinne fan in persoanswapen of fan in Marijeferearing ôflaat wêze.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de hjerstfakânsje wurde jierliks de Fiskerijdagen Warkum, it Beurtfear en de Strontrace organisearre. Yn septimber is der Triatlon Warkum en de jierlikse Feekeuring, Kokedei, eventueel kombinearre mei in Gondelfeart dy jûns.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Krektas op mear plakken oan de eardere Sudersee hat ek Warkum in eigen soarte ierdewurk. It Warkumer ierdewurk is ienfâldich brún mei dekoraasjes yn ringelear-technyk.
- De wynmûnen De Nijlannermole, De Snip en Ybema's Mole.
- De strjitten Noard en Súd mei in soad monumintale gebouwen
- De Merk, it stedsplein tusken de strjitten Noard en Súd mei gebouwen lykas:
- De Waach, mei dêryn it Museum Warkums Erfskip oer de skiednis fan Warkum.
- It âlde stedhûs
- Jopie Huisman Museum, dêr't it wurk fan keunstskilder Jopie Huisman yn útstalle stiet. It museum waard yn 1996 iepene en wie ynearsten fêstige yn it âlde Sleeswijckhuys, mar is sûnt 1992 op syn hjoeddeistige plak oan it Noard
- Slûs Warkum oan de Alde Dyk
- Skipstimmerwerf "De Hoop"
- Ferskate ateliers
-
Waachgebou mei deryn it Museum Warkums Erfskip
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Warkum hat in ferskaat oan tsjjerkegebouwen. De Grutte of Sint-Gertrudistsjerke is fan de fyftjinde iuw, mei ferbouwings yn de sechstjinde iuw. De toer stiet net oan de tsjerke fêst. De Minnistetsjerke is in skûltsjerke fan 1694. De Sint-Werenfridustsjerke is in neogoatyske krústsjerke fan 1877. De Betheltsjerke is de tsjerke fan de baptiste mienskip dy't yn 1895 yn gebrûk nommen waard.
-
Betheltsjerke
Mûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne trije poldermûnen om Warkum hinne: De Nijlânnermole, De Snip en Ybema's Mole.
-
De Nijlânnermole mei mûndershûs
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- SVW - gymnastyk/jazzballet/folleybal
- Drumband
- Rekke - tennis
- Fuotbalferiening Warkum
- Kwintoruters
- Aldheidkundige Feriening Warkums Erfskip (beheart Museum Warkums Erfskip)
- Brassband Crescendo Workum
Festivals
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Brij Blues
- De Paupers - rockevenemint
- Septimberpop
- Shantyfestival
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1880 | 1890 | 1900 | 1910 | 1920 | 1930 | 1940 | 1950 | 1960 | 1973 | 2004 | 2013 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
4150 | 4146 | 4100 | 4105 | 4052 | 3839 | 3813 | 4172 | 3934 | 4018 | 4167 | 4327 | 4479 |
Berne yn Warkum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Petreius Tiara (15 july 1514 - † 9 febrewaris 1586), arts
- Anske Hielke Kuipers, (11 july 1833 - † 25 july 1902), gesachfierder
- Tjipke Visser (12 desimber 1876 - † 22 jannewaris 1955), byldhouwer
- Jopie Huisman (18 oktober 1922 - † 29 septimber 2000), keunstskilder
- Leo Popma (17 febrewaris 1938), Frysk skriuwer
- Sipke Castelein (1941), roeier
- Kees Romkema (28 april 1951), keunstner
- Klaas Werumeus Buning (20 febrewaris 1955), byldzjend keunster
- Hoite Pruiksma (1958), komponist en dirigint
- Sybrand van Haersma Buma (30 july 1965), politikus
- Sytze Pruiksma (1972), komponist, muzikus en fûgelkenner
Stoarn yn Warkum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wierd Wijnia (berne yn Iens 1925 -1998), lange-ôfstân-reedrider en sportbestjoerder
- Jopie Huisman (1922-2000), keunstskilder en tekener
Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wei
- Spoar
- Stasjon Warkum, oan it spoar Ljouwert-Starum.
- Bus
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
- Line 102: Makkum - Skuzum - Gaast - Ferwâlde - Warkum - Hylpen - Koudum
- Line 544: Bolsward - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Aldemardum - Nijemardum - Sondel
- Line 935: Warkum - Nijhuzum
- Line 936: Warkum - Ferwoude
- Line 937: Warkum - Gaast
- Line 938: Warkum - It Heidenskip
- Line 942: Warkum-Sintrum - Warkum-Stasjon
- Line 943: Warkum - Hylpen
- Line 944: Warkum - Koudum
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Warkum.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee Warkum
- Pleatslik Belang Warkum
- Museum Warkums Erfskip: de skiednis fan Warkum
- Wikiwurdboek-side - Warkum
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân |
---|
Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum |
wizigje |