Springe nei ynhâld

Anime

Ut Wikipedy
Anime-dvd's yn in winkel.

Anime (Japansk: アニメ; útspr.: ['aɲime], likernôch: "a-nji-mea"; Lûdsfragmint beharkje; yn Westerske talen almeast útsprutsen as ['a:nime:], "aa-ni-mee") is in type hântekene en kompjûteranimearre tekenfilm dy't út Japan komt. It wurd anime is eins de Japanske term foar "animaasje", en ferwiist yn Japan dêrom nei alle animearre media. Bûten Japan wurdt mei de term lykwols ferwiisd nei in spesifike, Japanske styl fan sokke media, dy't karakterisearre wurdt troch kleurrike yllustraasje, libbene personaazjes mei grutte eagen en fantastyske tema's. In kultureel abstrakte beskôging fan it wurd soe ûnder 'anime' ek imitaasjes fan 'e Japanske styl beflappe kinne, dy't eins ôfkomstich binne út oare lannen, mar ornaris wurdt it gebrûk fan 'e term anime yn 'e Westerske wrâld beheind ta poer Japanske produksjes. Guon wittenskippers beskôgje anime yn 'e mande mei oare, besibbe Japanske ferskynsels as manga en hentai as in nije foarm fan oriïntalisme.

De ierste kommersjele anime datearret fan 1917, en de produksje fan soksoarte animaasje is sûnt dy tiid oan ien tried wei tanommen. De karakteristike styl dy't no wrâldwiid werkend wurdt as anime, waard yn 'e 1960-er jierren ûntwikkele troch Osamu Tezuka en rekke yn 'e lêste desennia fan 'e tweintichste iuw ek bûten Japan bekend. Benammen sûnt 1990 is der in grut ynternasjonaal publyk foar anime ûntstien. De wichtichste ferspriedingsboarne foar anime is it ynternet, hoewol't minsken der ek (en net selden sûnder dat se it witte) mei yn kontakt komme fia de tillefyzje. Yn Nederlân waarden bygelyks al yn de 1980-er jierren troch de publike omroppen ferskate yn it Nederlânsk neisyngronisearre tekenfilmsearjes útstjoerd dy't yn Japan produsearre wiene en eins alle skaaimerken fan anime hiene.

Anime kin opdield wurde yn ferskate sjenres. It wurdt beskôge as in keunstfoarm mei ûnderskate produksjemetoaden en -techniken dy't troch de tiid hinne oanpast binne oan nije ûntjouwings op it mêd fan technology. It kombinearret de tekenkeunst mei filmkeunst en mei oare foarmen fan ferbyldzjende en yndividualistyske techniken. De produksje fan anime leit him net sasear ta op it werjaan fan bewegende bylden, as wol op it gebrûk fan reälistyske dekôrs en it gebrûk fan kameratechniken lykas draaien, ynzoomen en hoekshots. Anime is in foarm fan fiksje dy't troch de brûkte tekenstyl dúdlik los stiet fan 'e reäliteit en dêrtroch syn fans in útsochte en relatyf tagonklike mooglikheid foar eskapisme biedt.

De hjoeddeistige Japanske anime-yndustry bestiet út mear as 430 tekenfilmstudio's, wêrfan't de bekendsten Studio Ghibli, Gainax en Toei Animation binne. Hoewol't anime mar in fraksje fan 'e Japanske binnenlânske filmmerk útmakket, foarmet it it grutste diel fan 'e Japanske dvd- en blu-rayferkeap. Yn it bûtenlân hat anime benammen súkses yn ferzjes dy't neisyngronisearre of ûndertitele binne yn it Ingelsk. Ferzjes yn oare talen wurde faak inkeld oanmakke as animesearjes yn lannen mei sokke talen op 'e tillefyzje útstjoerd wurde. Yn 2016 foarmen Japanske animes 60% fan 'e op 'e tillefyzje útstjoerde tekenfilmsearjes fan 'e wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.