Twadde Brief oan Timóteüs
It Twadde Brief oan Timóteüs, yn it oarspronklike Gryksk: Β' Επιστολή προς Τιμόθεο, Bēta Epistoli pros Timotheo, ek wol koartwei 2 Timóteüs neamd, is it sechstjinde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de alfde fan 'e brieven, en heart ta de Pastorale Brieven en yn bredere sin ta de Brieven fan Paulus. De earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Timóteüs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Twadde Brief oan Timóteüs | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Β' Επιστολή προς Τιμόθεο ("Bēta Epistoli pros Timotheo") | |
auteur | Paulus (?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 63 – 150 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Earste Brief oan Timóteüs | |
● folgjend diel | Brief oan Titus | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Earste Brief oan Timóteüs | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Skriuwer en oarsprong
bewurkje seksjeNeffens de tsjerklike tradysje wurdt dit brief oan 'e apostel Paulus taskreaun, mar hjoed de dei binne de measte bibelwittenskippers en teologen it deroer iens dat 2 Timóteüs wierskynlik in ferfalsking is, dy't koart nei Paulus syn dea troch ien fan syn neiste meiwurkers skreaun is. Yn elts gefal is wol dúdlik dat 2 Timóteüs sa'n grutte ienheid fan ynhâld en taaleigen fertoand mei twa oare Pastorale Brieven, 1 Timóteüs en Titus, dat dy trije hast wol troch ien en deselde persoan skreaun wêze moatte, oft dat no Paulus wie of net.
Dêr leit bibelwittenskipper Jerome Murphy-O'Connor tsjinyn dat de iere tsjerke geskriften net maklik ta de kanon taliet en hiel wat brieven apokryf ferklearre hat om't se ferfalske wêze soene. Neffens him is de iennichste útlis foar de akseptaasje fan dizze trije Pastorale Brieven, dat ien fan 'e trije wol deeglik echt wêze moat en al lang bekend wie ûnder de tsjerkfaars, en dat dêrtroch letter twa ferfalskingen dy't tige by tige op dat brief lieken, ek as echt oannommen binne. Murphy-O'Connor wol hawwe, op grûn fan syn yngeande stúdzje fan 'e trije brieven 1 Timóteüs, 2 Timóteüs en Titus, dat de echte brief fan Paulus ûnder dit trijetal 2 Timóteüs is.
Tradisjoneel wurdt 2 Timóteüs datearre tusken 63 en 65, mar dan giet men derfan út dat Paulus it brief (yn Masedoanje) skreaun hat. De lju dy't dat ûntstride, datearje 2 Timóteüs tusken de ein fan 'e earste en de midden fan 'e twadde iuw. Krekt as 1 Timóteüs is ek dit brief opmakke út goerie en warskôgings foar Paulus syn jongere mei-apostel Timóteüs, dy't doedestiden in foaroanman fan 'e kristlike gemeente te Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje, wie.
Ynhâld
bewurkje seksjeNei in ynlieding en groetnis (2 Tim. 1:1-2) set Paulus útein mei in tanksizzing en bemoediging (2 Tim. 1:3-2:13). Hy trunet Timóteüs oan om net skruten te wêzen mei it útdragen fan it evangeelje en him net te skamjen om te tsjûgjen oer Jezus Kristus. Hy moat it bliid boadskip trou bliuwe en it lijen dat er dêrtroch oer himsels ôfropt, ferdrage as in goed soldaat. Dêrnei warskôget Paulus Timóteüs foar dwaallearen (2 Tim. 2:14-4:8), en leit er him út hoe't er dêrmei omgean en tsjinyn gean moat. Timóteüs moat him no aansten sels rêde, want Paulus foarsjocht syn eigen ferstjerren. Hy beëiniget it frij koarte brief mei noch wat lêste persoanlike oanwizings, in groetnis en in seiniging (2 Tim. 4:9-22).
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Timóteüs stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 2 Timóteüs waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |