Springe nei ynhâld

Lieten foar it Sabbatsoffer

Ut Wikipedy
Lieten foar it Sabbatsoffer
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm poëzij
sjenre hymnen
skreaun 100 f.Kr. (?)

De Lieten foar it Sabbatsoffer, ek wol bekend ûnder de namme fan 'e Liturgy fan de Ingels, is in rige fan trettjin algemien as apokryf beskôge religieuze lieten, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, ien foar elkmis fan 'e trettjin sabbatten fan 'e joadske kalinder. Se binne fragmintarysk oerlevere yn njoggen manuskripten dy't ûnderdiel útmakken fan 'e Deade-Seerôlen en dy't fûn binne te Qumran (4Q400-4Q407 en 11Q17). In oare kopy is ûntdutsen te Masada. De Lieten foar it Sabbatsoffer binne dreech te datearjen, mar tocht wurdt oan likernôch 100 f.Kr. Hoewol't de boekrôlen dy't te Qumran fûn binne ornaris assosjearre wurde mei guon joadske sekten, lykas de essenen, lykje de Lieten foar it Sabbatsoffer gjin sektaryske ynhâld te hawwen. Boppedat bewiist it eksimplaar dat te Masada fûn is, dat dizze tekst ek yn oare mienskippen brûkt waard.

De Lieten foar it Sabbatsoffer beskriuwe de ferearing fan God troch syn ingels yn 'e himel. De lieten lykje ferdield wurde te kinnen yn trije gruttere seksjes: 1-5, 6-8 en 9-13. De earste seksje is tige skansearre oerlevere, mar liket wijd te wêzen oan 'e beskriuwing fan 'e himelske preesters (de foargongers ûnder de ingels) en harren foarm fan earetsjinst. De twadde seksje giet oer de lofprizings en seinigings dy't God troch de sân oarders fan 'e ingels tasongen wurdt. De slotseksje jout in omskriuwing fan 'e himelske timpel, de troanseal en de troan (merkaḇah) fan God.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus