4 Makkabeeërs
4 Makkabeeërs | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 100 f.Kr. – 70 n.Kr. |
4 Makkabeeërs is in joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. De titel fan it boek is wat misliedend, mei't it eins in preek is dy't net sasear oer de Makkabeeske Opstân (167-160 f.Kr.) giet, mar inkeld foarbylden út dy tiid oanhellet om 'e útdroegen tinkbylden te ûnderbouwen. Yn 'e regel giet men derfan út dat 4 Makkabeeërs datearre wurde moat yn 'e earste iuw f.Kr. of de earste iuw n.Kr., sij it foàr de joadeferfolgings ûnder de Romeinske keizer Kaligula (reg. 37-41), of yn elts gefal foàr de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen, yn 70. Troch Eusebius en Hieronymus waard 4 Makkabeeërs taskreaun oan 'e Joadske histoarikus Josefus (37-±100), en dat is lange tiid sûnder mear oernommen, mar koartby hawwe teksthistoarisy wiist op ferskillen yn taaleigen en skriuwstyl mei geskriften wêrfan't fêststiet dat se troch Josefus skreaun binne. Yn alle gefallen liket de skriuwer fan 4 Makkabeeërs in Aleksandrynske joad west te hawwen, dy't it boek yn it Gryksk skreau, yn in tige retoaryske en heechdravende styl.
Kanonykheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]4 Makkabeeërs wurdt troch alle joadske streamings, it hiele westersk kristendom en fierwei it grutste part fan it eastersk kristendom as apokryf beskôge. Allinnich de eastersk-otterdokse Georgysk-Otterdokse Tsjerke rekkenet it ta de kanon. Under de namme Iosip ("Josefus") makke it ek diel út fan 'e Bibel fan 'e Roemeensk-Otterdokse Tsjerke fan 1688, mar hjoed de dei is dat sa net mear. Yn 'e bibels fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerken wurdt it noch wol ôfprinte, mar inkeld as in nijsgjirrige apokrife taheakke.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]4 Makkabeeërs bestiet út fjouwer dielen. Nei in koarte prolooch folget der in besprek wêryn't de filosofyske stelling nei foarren brocht wurdt dy't de fromme rede boppe de emoasje pleatst. It trêde diel yllústrearret dy stelling mei foarbylden út it boek 2 Makkabeeërs, benammentlik oer de marteldea fan Elazar (2 Makk. 6:18-31) en de sân bruorren (2 Makk. 7) ûnder de joadeferfolgings troch de Seleusidyske kening Antiochus VI Epifanes (reg. 175-164 f.Kr.). It lêste haadstik behannelet de yndruk dy't de skriuwer fan 4 Makkabeeërs fan dit martelderskip hat, en de lessen dy't der nei syn tinken út lutsen wurde kinne. Neffens guon saakkundigen is dizze konklúzje in lettere tafoeging, mar oaren bestride dat, mei derop te wizen hoe'n swak ein oft de tekst sûnder it lêste haadstik wol net hawwe soe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |