Springe nei ynhâld

It Libben fan Adam en Eva

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iepenbiering fan Mozes)
It Libben fan Adam en Eva
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Hebriuwsk of Aldsyrysk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1e iuw n.Kr.

It Libben fan Adam en Eva is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. De Grykske ferzje stiet ek wol bekend as de Iepenbiering fan Mozes, mei't it dy joadske profeet wie oan wa't it ferhaal trochdien waard; syn namme wurdt lykwols inkeld yn 'e earste sin neamd. It Libben fan Adam en Eva is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Set, de soan fan 'e earste minsken Adam en Eva, en jout in útwreide beskriuwing fan it libben fan Adam en Eva fan 'e tiid ôf dat se út it Hôf fan Eden set wurde oant harren dea. De tekst is oerlevere yn it Gryksk, it Latyn, it Aldtsjerkeslavysk, it Armeensk en it Georgysk, wylst der ek in pear fragmintaryske Koptyske ferzjes fan besteane. De farianten yn 'e ûnderskate talen ferskille frijwat kwa lingte en ferhaal, en allegear hawwe se wol ienich unyk materiaal. Hoewol't de oerlevere ferzjes út 'e perioade tusken de trêde en de fyfde iuw komme, moat de oarspronklike tekst, dy't nei alle gedachten yn in Semityske taal skreaun wie (foar 't neist Hebriuwsk of Syrysk), datearre wurde yn 'e earste iuw.

Neffens de Grykske ferzje libben Adam en Eva goed achttjin jier yn it Easten nei't se út it Hôf fan Eden ferballe wiene. Eva skinkt dêr it libben oan harren soannen Kaïn en Abel, en hat in foarsizzende dream oer Kaïn syn moard op Abel, dy't letter yndie útkomt. Neitiid ûnthjit de aartsingel Michael Adam in nije soan, en dan wurdt Set berne. Wer letter krije Adam en Eva nochris tritich oare soannen en tritich dochters.

As Adam siik wurdt en mei pine it bêd hâlde moat, ropt er al syn bern by him en fertelt harren it ferhaal fan 'e Sûndefal. Eva en Set reizgje werom nei it Hôf fan Eden en smeekje Michael, dy't harren de tagong dêrta ûntseit, om wat oalje fan 'e Libbensbeam, mar Michael wegeret dat harren, al ûnthjit er dat it oan 'e Ein fan de Tiden wol jûn wurde sil oan alle rjochtfeardigen yn it paradys. As Eva en Set sûnder wat bedijd te hawwen weromkeare, is Adam lulk op syn frou, om't se harren mei har biddeljen "de grime dy't de dea is" op 'e hals helle hat.

Dêrnei fertelt Eva oan har soannen en dochters it ferhaal fan 'e Sûndefal út har eachpunt wei. Yn it Hôf wie hja skaat fan Adam, mei't dy tahold by alle manlike bisten, wylst hja by alle froulike bisten wie. Sa koe se manipulearre wurde troch Satan, mei de help fan in ferriedlike manlike slange, om fan 'e ferbeane Beam fan Goed en Kwea te iten (dat hjir trouwens gjin apelbeam is, lykas yn 'e Bibel, mar in figebeam). As se de frucht fan 'e beam iten hat, ûntdekt Eva dat se neaken is. Op datseldichste stuit ferlieze alle beammen yn it Hôf har blêdt, útsein de figebeam, en dat is wêrom't se har neakenens bedekt mei in figeblêd. Hja giet nei Adam ta en bedraacht him, dat hy ek fan 'e ferbeane frucht yt. Dêrop wurde se allebeide beskrobbe troch God, en dêrnei út it Hôf set.

Underwilens leit Adam noch altiten siik op bêd. Hy fielt syn dea neieroan kommen en freget Eva om foar him te bidden, want hy wit net oft God lulk op him wêze of genede toane sil. Wylst Eva foar him bidt, komt Adam te stjerren, en in ingel bringt syn siel omhegen nei God ta. Dêrnei wurdt mei in grutte rykdom oan liturgyske details de útfeart fan Adam beskreaun. In striidwein fan ljocht hellet syn lichem op om it yn it Hôf fan Eden te begraven. De sân himels wurde iepene, en God hat genede foar Adam syn siel, dy't lottere wurdt en dan yn 'e trêde himel de Einichste Dei ôfwachtsje mei. Seis dagen letter bidt Eva dat hja njonken Adam begroeven wurde mei, en komt noch ûnder har gebed te ferstjerren. Trije ingels begrave har njonken Adam, en It Libben fan Adam en Eva einiget as Michael Set opdraacht om nea op 'e sabbat te roujen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus